‘Lopon’ en ‘zitton’ yn it Nederlânsk fan Grinslanners

Publisearre op 17 juni 2015

HENK WOLF – 

It Frysk en Nederlânsk ha in klank dy’t wy de ‘sjwa’ neame. It is de saneamde ‘stomme e’, dy’t bygelyks oan ‘e ein fan ‘prate’ of yn it earste wurdlid fan ‘bestean’ foarkomt. Hy liket in bytsje op ‘e ‘u’ fan ‘put’, mar is wat minder artikulearre en hy krijt noait de wurdklam.

 

It soe my net ferbaze as er ûntstien is trochdat Grinslanners krekt wat tefolle har bêst dogge om gjin dialektkenmerken te brûken.

 

Yn it Dútsk wurdt dy klank de ‘e-Schwa’ neamd. Dútskpraters ûnderskiede dêrneist de ‘a-Schwa’. Dat is ek sa’n min artikulearre lûd dat noait de wurdklam krijt, mar dat lûd liket mear op in ‘a’ as op in ‘u’. It wurdt faak skreaun as ‘er’, bygelyks yn ‘Hunger’ en ‘besser’ (útspraak likernôch: ‘hûnga’, ‘bessa’) of as ‘r’, bygelyks yn ‘Tür’ (útspraak likernôch: ’tua’).

No’t ik yn Grinslân wenje, falt my op dat dêr by Nederlânskpraters wer in oarsoartige sjwa yn gebrûk is: in o-sjwa. De klank liket wat op in min artikulearre en klamleaze ‘o’ fan ‘bok’ en hy stiet benammen foar in -n oan wurdeinen. Sa klinkt ‘lopen’ út in Grinzer mûle faak as ‘lopon’. Grinslanners en Friezen dy’t yn Grinslân wenje, befêstigje myn yndruk.

Heechlearaar Grinslânsk Siemon Reker hat it yn 2010 ek opmurken dat de sjwa yn it Nederlânsk fan Grinslân oars klinkt as yn oar Nederlânsk. Him foel net sa lyk op dat er op in o liket, mar dat er langer is. Dy yndruk haw ik ek.

It aparte is dat de Grinslânske dialekten, dy’t yn Grinslân fansels al folle langer praat wurde as it Nederlânsk, dy o-sjwa net ha. Sterker noch: de dialekten ha sels helendal net in sjwa op it plak dêr’t er yn it Nederlânsk brûkt wurdt: elkenien kin wol de Grinslânske útspraken ‘loopm’ en ‘zitn’. De o-sjwa is wat langer en opfallender as de e-sjwa. It soe my net ferbaze as er ûntstien is trochdat Grinslanners krekt wat tefolle har bêst dogge om gjin dialektkenmerken te brûken as se Nederlânsk prate – in foarm fan hyperkorreksje.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels