Literêre Midsimmerjûn

Publisearre op 28 juni 2013

Westhim – Freed 28 juny hâldt de Gerben Rypma Stichting op de terp fan Westhim, mei sicht op Greonterp-Blauhûs syn fjirde kultureel-literêre Midsimmerjûn (*). Trije renommearre dichters stappe dy jûn nei foaren: Delphine Lecompte, Ellen Deckwitz en Elmar Kuiper. Sawol Lecompte as Deckwitz krigen de C. Buddingh-prijs, in priis dy’t alle jierren takend wurdt foar it bêste debút yn de Nederlânsktalige poëzy en dy’t sûnt jier en dei útrikt op Poetry International yn Rotterdam. Elmar Kuiper wie yn 2010 ien fan de nominearren foar dyselde ‘Buddingh’. Neist har yndividuele foardrachten fersoargje Deckwitz, Lecompte en Kuiper in mienskiplik optreden mei in hilaryske tekst oer Fryske keatsballen, Flaamske earizers en Hollânske grêften, in tekst, skreaun yn in miks fan Flaamsk, Frysk en Nederlânsk. De muzyk op de Midsimmerjûn yn it tsjerkje fan Westhim komt fan Gerrit Breteler, dy’t ûnder mear syn klassiker ‘Op een dag’ oer it fuotljocht bringe sil. Presintaasje: Eeltsje Hettinga.

Iepening: 22.00 oere. Ynrin 21.30 oere.
Entree: € 10,00 Euro. (Stipers fan de Stichting € 7,50)

Kaarten te bestellen fia gerbenrypma[apesturt]home.nl
of fia 0515 – 57 94 76 / 06 38 90 97 04 / 0515 – 54 23 52

.

LecompteDELPHINE LECOMPTE

Delphine Lecompte (1978) is ien fan de grutte stjerren oan it hjoeddeiske skriuwersfirmamint. Har debút De dieren in mij waard yn 2010 bekroand mei de C. Budding’-priis. Lecompte, berne yn Londen, wennet yn Brugge. Se sette oait útein mei it skriuwen fan proaza yn it Ingelsk. Yn Amearika makke se har proazadebút mei de roman Kittens (2004). Lecompte skriuwt in wûnderlik absurdistyske en mearke-achtige soarte fan poëzij, teltsjes, mei in bytiden hast midsieuske en Jeroen Bosch-achtige ynslach. By har fynt men bygelyks dit soarte rigels: ‘Binnen wil de oude kruisboogschutter zijn nieuw gereedschap gebruiken, / Dus stampen we de wasmachine in elkaar. / In de keuken vallen de kralen van de oude lampenkap / Op mijn lege bord doen ze denken aan hagel in een wit konijn of / Smarties in de sneeuw om een buitenaards wezen te lokken’ Op útnoeging fan de dichteres Antjie Krog reizge Lecompte ferline jier nei Súd-Afrika om dêr in tal foardrachten te dwaan, ûnder oaren oan de universiteit fan Kaapstad. Fierders stiet se rûnom op ’e planken, fan Poetry International yn Rotterdam oant De Wereld Draait Door. Oer har lêste, rûnom priizge bondel Schachten en Amuletten (2012) waard ûnder mear sein: ‘Compromisloos en verbeten presenteert Delphine Lecompte haar vierde dichtbundel, rijk aan verdorven imkers en obscene touwslagers. Ze klimt vanuit de mijnschachten naar de maankraters, en verzoent zich onderweg met profetische hoefdieren en nauwelijks vermaledijde ouders.’ Oer har wurk en har Muze – hy is 78 jier en wennet fuort by har om de hoeke – sei se oait yn in ynterview dat ‘ik me soms een zwaarmoedige zonderling [voel] in een luide, hysterische wereld. Ik kan nauwelijks meekomen, ik werk te traag, ik heb de smalltalk nooit onder de knie gekregen en mensen vinden me raar. Nu heb ik wel een zeer genereuze vriend, hij leest geen poëzie en heeft nog nooit van Joy Division gehoord. Hij houdt van kruisbogen en Vlaamse wandtapijten, maar toch zie ik hem zeer graag, bij hem kan ik geestig en stoutmoedig zijn.’
.

EDeckwitz3ELLEN DECKWITZ

Ellen Deckwitz (1982) is in literêre tûzenpoat. Se is literatuerwittenskipper, spilet yn de band Asfaltfeeën en is in mei tal fan prizen bekroande dichter. Yn 2009 wûn se it ‘Nederlands Kampioenschap Poetry Slam’. By dat soarte wedstriden gean de ‘slammers’ op it poadium mei-inoar yn de kamp om de bêste foardracht. Deckwitz stie rûnom yn Europa op ’e planken, fan Edinburgh oant Frankfurt, fan de Nacht van de Poëzie oant De Wereld Draait Door en fan Lowlands oant Carré. Foar har dichtbondel De steen vreest mij krige se trije jier ferlyn de C. Buddingh’-priis foar it bêste debút oer de jierren 2011-2012. Har wurk is oerset yn it Ingelsk, Sweedsk en Dútsk. Ferline jier kaam har bondel Hoi Feest út. Yn in fraachpetear sei se oer har eigen wurk: ‘Kort gezegd neigt mijn werk naar wat ik ‘dark verse’ noem. Er is een onderlaag van geweld en dood, maar ook een vrede daarmee. Ook probeer ik in mijn verzen ‘common sense’ te ondergraven en zo het geweld van taal aan te tonen. Verder spelen dingen die in mijn familie zijn gebeurd zeker een rol, maar dat ontdek ik vaak pas als ik een gedicht af heb. Mijn moeders ouders hebben bijvoorbeeld in de Tweede Wereldoorlog in een Jappenkamp gezeten. Er zijn hierdoor taboes in de familie, dingen waar we thuis niet zo snel over spreken. In het gedicht ‘de grootvader die ik niet had’ komt dat bovendrijven. Mijn opa werd ’s nachts vaak schreeuwend wakker, maar heeft nooit willen vertellen wat hem was overkomen in de vier jaar dat hij in een kamp zat. In het gedicht probeer ik te herschrijven, spreek ik over zijn overlevingsdrang en de doodsdrift die daarmee gepaard gaat. En die zijn weerslag heeft gehad op de generaties na hem. Tegelijkertijd gaat mijn poëzie niet direct over mezelf. Het grootste gedeelte van wat de ‘ik’ overkomt, is mij nooit overkomen. Neem het gedicht ‘flos’. Ik heb nog nooit een vriend gehad die zijn tandflos bij me vergat, alhoewel… Ja, eentje deed dat, maar toen had ik het gedicht al geschreven. Toen krabde ik me wel even achter de oren en schreef vervolgens een gedicht waarin ik de jackpot win. Je weet maar nooit.’

.

Huins. Elmar Kuiper heeft zijn eerste bundel gepubliceerd.ELMAR KUIPER

Elmar Kuiper (1969) wennet en wurket yn Húns. Hij is psychiatrysk ferpleechkundige, byldzend keunstner, toanielskriuwer, filmer en dichter. Under de namme Wyld Hynder Film makke er, tegearre mei Marc Kooij, in tal eigensinnige en eksperimintele films. It Noordelijk Filmfestival yn Ljouwert liet wurk fan harren sjen, mar ek hat har wurk yn it bûtenlân te sjen west, ûnder mear yn 20007 op it Stanza Poëtry Festival yn St. Andrews yn Skotlân. As toanielskriuwer hat Elmar Kuiper de ôfrûne jierren in tal stikken skreaun foar de toanielferiening ‘De Takomst’ fan Húns. Fan ’t jier wie dat de tragykomeedzje De lytse kannibaal, in stik oer de hurdfytserij. Kuiper debutearre yn it Frysk mei de bondel Hertbyt (2004). Yn de jierren dêrnei joech er ek in tal bondels yn it Nederlânsk yn it ljocht. In kar út syn earste twa bondels ferskynde yn de twatalige bondel Roep de rottweiler op! / Rop de rottweiler op! Kuiper publisearret tsjintwurdich by de renommearre útjouwerij Augustus. Yn 2010 wie de dichter nominearre foar de C.-Buddingspriis, mar hy waard der ôfriden troch syn kollega-dichter Delphine Lecompte. Mei syn poëzy wûn Elmar Kuiper fjouwer kear in Rely Jorritsmapriis. Syn nijste Frysktalige dichtbondel Granytglimkes ferskynde yn 2011. Yn in ynterview mei it tydskrift Ensafh sei Kuiper dêroer: ‘Mei dizze poëzy stean ik mear yn de wrâld. Foar it grutste part binne it emosjonele fersen en ik jou my dêryn frij bleat. Under it skriuwen boarre ik in âlde, djippe gefoelslaach oan en ik koe dy laach mei poëtyske taal nei de oerflakte helje. (…) It is perfoarst gjin moaiskriuwerij, de metafoaren dy’t ik brûk sprekke wol ta de ferbylding, mar binne mear yn funksje fan de tekst. De taal is direkter en konfrontearjender as yn myn eardere wurk. Ik smyt net mei drek. De fersen geane oer it bochtich paad fan it libben. Ik krij de grutte tema’s by de kloeren: leafde, dea, langstme, lust, skamte, ûnmacht, hoop en wanhoop. Der is ek in apart fers by mei wat kommentaar op ’e polityk en trije fersen geane streekrjocht oer de psychiatry.’

.

bretelerGERRIT BRETELER

Gerrit Breteler (1954) kaam yn 1967 yn Fryslân te wenjen. Hy die de keunstakademy Minerva yn Grins. As musikus makke er ûnder mear part út fan de band Kneppelfreed dy’t har yndertiid útlei op it sjongen fan âlde Fryske balladen. Tegearre mei Ernst Langhout siet er yn de band Haggis, dêr’t er de gitaar-, piano- en fioelpartijen foar rekken naam. As sjonger is Breteler tsjintwurdich faak allinne op paad. Hy makke in tal cd’s, ûnder oaren ‘Lit ús dêrom drinke’. Syn programma bestiet út in breed repertoire mei nûmers as ‘Katarsis’ en ‘Kleanske’s klacht’, lieten út in tal troch Breteler skreaune teaterfoarstellingen.

.

(*) By de foarige edysje fan de kulturele Midsimmerjûn fan de Gerben Rypma Stifting waarden skriuwer-dichter en essayist David Van Reybrouck en skriuwer-dichter Maarten Inghels oer it fuotljocht brocht. ‘Wy wolle mei dizze Midsimmerjûnen in tradysje delsette troch alle kearen sa sterk mooglike literêre nammen nei foaren te heljen,’ seit Hille Faber fan de Gerben Rypma Stifting.

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels