Literêre Midsimmerjûn
Westhim – Freed 28 juny hâldt de Gerben Rypma Stichting op de terp fan Westhim, mei sicht op Greonterp-Blauhûs syn fjirde kultureel-literêre Midsimmerjûn (*). Trije renommearre dichters stappe dy jûn nei foaren: Delphine Lecompte, Ellen Deckwitz en Elmar Kuiper. Sawol Lecompte as Deckwitz krigen de C. Buddingh-prijs, in priis dy’t alle jierren takend wurdt foar […]
Eeltsje Hettinga ferkeapet goed
Fan de poëzybondel IKADER fan Eeltsje Hettinga binne yn trije moanne tiid mear as de helte ferkocht. Ofrûne wike gong it 160-ste eksimplaar de doar út. Fan de bondel, útjûn troch de stichting Gerben Rypma, waarden 250 stiks printe. De grutste haal die de útjouwer by de presintaasje fan it IKADER-boek, ein oktober yn Blauhûs-Parregea […]