Lilk of lulk

HENK WOLF – 

De westlike helt fan Fryslân seit ‘lilk’ en de eastlike helte seit ‘lulk’ om de emoasje oan te jaan dy’t minsken bekrûpt as in oar wat misdien hat. It kaartsje by dit artikeltsje lit dat moai sjen. It is makke troch de Fryske Akademy, op basis fan in dialektenkête út 1978 en ik ferwachtsje eins net dat der sûnt dy tiid in soad feroare is oan dy ferdieling fan de twa dialektfoarmen.

 

Fan dy twa foarmen is ‘lilk’ de âldste. Dy foarm is ûntstien út ‘leed’ en it achterheaksel -lik. It Nederlânske ‘lelijk’ is dat noch wat dúdlik oan te sjen. Dat wurd hat, nettsjinsteande de wat oare betsjutting, deselde skiednis.

It Fryske ‘lilk’ kin dy betsjutting fan it Nederlânske ‘lelijk’ ek ha. De útspraak is dan almeast ‘lillek’, dus wat minder yninoar drukt as ‘lilk’. Wis bin ik der net fan, mar ik haw it idee dat yn it (eastlike) lulk-gebiet yn dy betsjutting ek foaral ‘lillek’ sein wurdt en net ‘lullek’.

Myn Grinslanner skoanfamylje brûkt ‘lelijk’ yn it Grinslânsk en Nederlânsk op in manier dy’t my yn it Frysk en Nederlânsk net sa bekend foarkaam: yn de sin fan ‘ûnaardich’. ‘Een lelijke kerel’ is by harren in natuerlike manier om ‘in ûnaardige kearel’ te sizzen.

Yn it Frysk hat, alteast yn de skriuwtaal, ek in skoft de foarm ‘lilts’ bestien, mei de fereskowing fan ‘e âlde [k] nei [ts], dy’t wy yn it Frysk (en Ingelsk) faak tsjinkomme, bygelyks yn ’tsiis’, ‘elts’ en ‘brutsen’.

 

Mei tank oan de Fryske Akademy foar it beskikber stellen fan it kaartsje.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.