fotografy: Pexels.com

In ‘lijn’ is gjin ‘line’

HENK WOLF

Yn de wurdboeken fine jo as oersetting fan it Nederlânske ‘lijn’ it wurdsje ‘line’. Doch komt yn ‘e praktyk it wurdsje ‘lijn’ ek yn it Frysk foar. In ynterferinsje, sille guons sizze. Negearje, feroardielje en net tefolle oer prate, dat idee.

 

Moast er mei in potlead lykwols in streek op papier sette, sa sei de dichter, dan wie dat yn it Grinslânsk in ‘lijn’. En dat soe ik yn it Frysk almeast ek sizze.

 

Sels hie ik ek noait lang oer it Fryske ‘lijn’ neitocht, oant ik in skoft lyn yn petear rekke mei in Grinslânske dichter. Dy fertelde my dat it Grinslânsk ek ‘liene’ en ‘lijn’ hie. Om’t der gjin Standertgrinslânsk bestiet, hie er gjin oanstriid om ien fan ‘e twa ôf te karren. Wol hied er in soad niget oan taal en wied er by himsels en oaren ris neigongen wat no eins it ferskil wie tusken dy twa wurden yn it Grinslânsk.

It frappante is dat it ferskil dat er beskreau heel krekt oerienkaam mei myn eigen yntuysjes oer de taakferdieling tusken beide wurden yn it Frysk. Sa fertelde er dat wask yn it Grinslânsk altyd ‘op de liene’ hong. Dat is neffens my yn it Frysk net oars. Ik soe alteast noait wask ‘op ‘e lijn hingje’. Moast er mei in potlead lykwols in streek op papier sette, sa sei de dichter, dan wie dat yn it Grinslânsk in ‘lijn’. En dat soe ik yn it Frysk almeast ek sizze, of it moat wêze dat ik it gefoel ha dat it allegear de skriuwtaal wat oankrûpe moat, by in formele lêzing bygelyks.

Fierder soe ik yn it iepenbier ferfier prate oer ‘lijn trije’ (net ‘line trije’) en soe ik yn dat iepenbier ferfier winskje dat myn buorman wat mear oan ‘e ‘slanke lijn’ (net ‘slanke line’) dien hie. Dat stimden oaren my ek mei.

Ik ha ris wat hifke by Frysktalige kunde en hast elkenien die it sa’t ik it hjirboppe beskreaun ha. Der is yn it Frysk dus spontaan in betsjuttingsferskil ûntstien tusken it erfwurd ‘line’ en it Hollânske lienwurd ‘lijn’. En yn it Grinslânsk is presys itselde ferskil ûntstien. De ûntwikkeling liket wol op dy mei it erfwurd ‘loft’ en it lienwurd ‘lucht’, dy’t foar in protte Frysktaligen ek nei ferskillende saken ferwize. It yllustrearret moai it saneamde prinsipe fan Von Humboldt. Dy taalkundige beskreau al yn ‘e 18e ieu dat minsken ûnbewust besykje om synonime wurden elk in eigen betsjutting te jaan, sadat se net langer synonym binne.

Comments
Ien reaksje oan “In ‘lijn’ is gjin ‘line’”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.