Lefferts

Achte hear Vernooij,

Fol yn it gesicht rekke se my, mei de flakke hân. De earen sûzen my deroer. As in tuorre stie se foar my oer – de mem fan in freontsje. Hy hie de earste wammes al te pakken hân, doe’t er tajoech dat wy yndied in famke pesten hienen.

Echte pestkoppen wienen wy alhiel net, en wêrom’t wy no foar ien kear dit bern opkeare woenen op har wei nei skoalle wisten we sels eins net. Se wie nammers foar eltsenien op de buert it slachtoffer, dus moasten wy har ek marris dwerssitte. Oars telden we net mei. Sokssawat. En útsein in stôk tusken de tsjillen sadat se net mear fierder koe en wat dom praat oer dat se tenei net mear troch ús strjitte fytse mocht, hie it allegear ek net folle om de hakken.

Tochten wy. Mar har mem tocht der oars oer en hie de mem fan myn freon belle. En dêr stienen we no, each yn each mei it oardiel. Ik hie krekt ús ferdigening fierd mei twa arguminten. Ien: it foel allegear dochs wol wat ta wat wy dienen. Twa: elkenien peste dit famke ommers. Dus ach.

Har antwurd op dizze izersterke arguminten prypke no yn myn rjochterwang as wie ik in Lotus-slachtoffer op in kursus akupunktuer. Ik doarste der kwalik oan te fielen, wylst sy ús it leksum lies. Dat wy de grutst mooglike lefferts wienen, troch earst sûnder neitinken mei te dwaan oan ditsoart gedrach en ús dêrnei te ferskûljen achter de alderminste beweechredenen. Sa soe de wrâld noait in kear better wurde.

No is de wrâld op guon fronten wis wol better wurden. We flikkerje – om mar wat te neamen – papier, glês, plastic en griente bygelyks net mear yn ien jiskepûde, mar skiede soks langer keurich. Allegear materialen wurde opnij brûkt, of enerzjy út helle. Da’s moai.

Te moai, sa die my fan’t wykein bliken. Der is ôffal te min om de mienskip-oven yn Harns goed baarne te litten, lies ik. Dat wisten jim fansels by de bou fan it fabryk ek al, want dat stie doe al yn ferskillende ûndersyksrapporten. En der wienen noch folle mear saken ûndúdlik, lykas de feitlike skea dy’t it ding uteinlik oanrjochtsje soe oan de sûnens fan alles wat libbet yn de omkriten. Genôch redenen om it risiko net te nimmen, mar jim seagen winst, ek troch de danse macabre dy’t jim oangienen mei it sâltfabryk, sadat noch jierrenlang de boaiem sakjen en de loft fersmoargjen bliuwe koe yn in prachtich Waad- en klaaigebiet.

“Falt allegear wol wat ta”, wie fan begjin ôf oan jim ferwar. Sil bêst, mar hoe dan ek leit de hiele konstruksje in stjonkend skaad oer in hiele regio. It hiele systeem doocht útsoarte net – jim binne der ommers om rotsoai op te rêden en net om it te meitsjen – mar dat jim dit yn stân hâlde troch skippen fol bûtenlânsk ôffal oanrukke te litten, is dochs mei gjin mooglikheid út te lizzen oan jim oandielhâlders. Want dat binne wý, as ynwenners fan de Fryske gemeenten.

Jo begripe, it fjoer fan ergernis lôget wer heech op by it hearren fan dizze ûntjouwing. Lykwols, wat my noch it meast dwers sit yn dit ferhaal is jo ferdigening: “Eltsenien docht it.” Ha jo no wier neat betters te sizzen as dat? It ultime ferwar fan lefferts?

Kontakt mei dy jeugdfreon haw ik net mear. Mar ik sil sjen oft ik him noch earne opdûkelje kin. En dan hoopje ik dat syn mem noch libbet. Dan sil’k har útnoegje foar in ritsje nei Harns. En dan soe ik my mar bergje, as ik jo wie.

 

Bart Kingma

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.