Mei oare wurden
BOUKE SLOFSTRA – It brûken fan it Ingelsk yn ’e wittenskip en it heger ûnderwiis is op ’t heden in hot item (at ik it sa sizze mei) yn Nederlân en dêrbûten. De algemiene tendins dy’t yn ’e kranten en yn petearen te merkbiten falt, is dat it fertutearzjen fan de eigen taal sa njonkenlytsen […]
Op syn Ingelsk
GERBEN ABMA – Yn de Moanne fan april 2010 komt Bouke Slofstra mei in net ûnaardige bydrage oer de taal dy’t neffens him brûkt wurde moat foar regionale stúdzjes. De auteur wol der op út, regionale stúdzjes mei wàt betsjutting moatte net yn it Nederlânsk mar yn it Ingelsk skreaun. Sa’t de fisitaasjekommisje fan de […]
So is it and not otherwise
BOUKE SLOFSTRA – Moai dat Gerben Abma yn it oktobernûmer fan de Moanne (s. 52-3) in reaksje op myn stik fan april (s. 54-5) jout. Dan hat yn alle gefallen ien minske myn stik lêzen. Ik sis dit sûnder irony. Yn it aprilnûmer hie ik yn ‘e pleit west foar mear ingelsktalige stúdzjes oer grutte […]
Alex Riemersma: in pedagogyske optimist
ATE GRIJPSTRA – Hoe stiet it der op ’t heden foar mei it Frysk yn it ûnderwiis? Om in antwurd op dizze fraach te finen hat de Moanne in tal petearen plend mei minsken út it ûnderwiisfjild. Wy sette dy lytse rige artikels útein mei in ynterview mei dr. Alex Riemersma. Alex Riemersma (Frjentsjer, 1953) […]
Frysk yn it fuortset ûnderwiis
MARRIT DE SCHIFFART – Hoe stiet it der op ’t heden foar mei it Frysk yn it ûnderwiis? Om in antwurd op dy fraach te krijen hat de Moanne in tal petearen pland mei minsken út it ûnderwiisfjild. Yn edysje nûmer 7 – 2010 fan de Moanne op papier stie in ynterview mei dr. Alex […]
‘Meertaligheid is niet minder dan een verrijking’
REITZE JONKMAN – Jacomine Nortier, wittenskiplik meiwurker oan it Institute of Dutch Language and Culture fan de Universiteit Utert, hat in soarte fan boek skreaun dat net sa faak ferskynt yn Nederlân. It is in boek dat opkomt foar de meartaligens yn Nederlân yn it algemien, mar dêrby net útgiet fan de frjemde talen lykas […]
Seksualia
ANNE DYKSTRA – Doe’t de Leeuwarder Courant in jier of wat lyn op ’e foarste side in berjocht hie oer it âldste fynplak fan it wurd neuken, wie dat foar guon lêzers reden om har abonnemint op te sizzen. Dêr waarden se by de Ljouwerter fansels goed kjel fan en der waard sels in ombudsman-achtich […]
‘Tokkelen op Friese snaren’
MARITA DE JONG – Ald-rjochter Rienk Wegener Sleeswijk fielt him Frysk yn ieren en sinen. Dochs praat er de taal net. Hy fynt dat dêr wolris te folle de klam op lein wurdt. ‘Dan sluit je een groep buiten’. Sleeswijk is noch altyd tige aktyf op it mêd fan de kultuer. Hy wie fan 1986 […]
Sikko de Jong oer de takomst fan it Frysk
WYBRICH BAKKER – It Frysk is ferplichte op de basisskoalle, mar eltse skoalle docht syn eigen sin by de ynfolling fan it fak. In oerke Frysk yn de wike jout net folle as de bern meastentiids Nederlânsk prate. It omdraaien fan de tiidwurden, ‘ik bin bleaun sitten’, is yntusken modern Frysk, liket it wol. Sikko […]