Hokker taal prate jo?

ANNEWIEP BLOEM – 

De soarch is al jierrenlang in wichtich beliedsmêd as it giet om it brûken en sichtber meitsjen fan it Frysk. Op dit stuit is ‘regy foar de soarchfreger’ in wichtich tema yn de soarch. Soarchferlieners bepale net wat goed is foar de soarchfreger, dat bepaalt hy of sy sels. Kommunikaasje tusken soarchfreger em soarchferliener en dêrmei taal krijt dan ek in hieltyd wichtiger rol yn de soarch. Reden foar de Afûk om aktuele ynformaasje oer it brûken fan (streek)taal yn soarchsituaasjes te garjen.

Doel fan de Afûk wie om in byld te krijen fan de taal dy’t soarchfregers en fersoargjenden brûke. In oar doel wie om takomstich soarchpersoniel bewust te meitsjen fan it belang fan (streek)taal yn de soarch. Fandêr de gearwurking mei ROC Friese Poort en ROC Friesland College yn it projekt ‘Hokker taal prate jo?’.

350 Studinten fan de oplieding Verzorgende IG hawwe meidien oan ‘Hokker taal prate jo?’ Sy hawwe de ynstruksjeles folge en binne dêrnei mei de fragelisten op paad gien. Uteinlik hawwe 206 studinten op harren staazjeplak 395 soarchfregers en 195 fersoargjenden befrege. De fraachpetearen binne dien by 19 soarchorganisaasjes en op 72 ûnderskate lokaasjes.

In pear gegevens út ‘Hokker taal prate jo?’

Fan sawol de soarchfregers as de soarchferlieners hat mear as de helte it Frysk as memmetaal. Dêrnei folgje it Nederlânsk, it Biltsk, Stellingwerfsk, stedsdialekten en in ferskaat oan oare (streek)talen.

94% Fan de soarchfregers jout oan dat hy/sy yn it deistich libben de memmetaal praat. 91% fan de ûnderfrege soarchfregers praat syn/har memmetaal ek yn in soarchsituaasje. Omdat dat noflik is (thús fiele), omdat se har yn dy taal it bêste uterje kinne of omdat se grutsk binne op dy taal. De measte soarchfregers fine it om deselde redenen ek noflik om oansprutsen te wurden yn harren memmetaal. In 73% fan de soarchfregers praat yn it earste kontakt mei in fersoargjende syn/har memmetaal en 66% Fan de fersoargjenden seit  dat de taalkar tusken fersoargjende en soarchfreger út himsels ta stân komt. In tredde, 32%, lit it oan de soarchfreger oer. Hast alle befrege fersoargjenden fine it wichtich dat in soarchfreger syn/har memmetaal prate kin mei de fersoargjende.

Klik hjir foar de resultaten en de konklúzje fan it ûndersyk.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.