Portfolio: Redmer Hoekstra

Publisearre op 5 juli 2024

Redmer Hoekstra, boot met vogels

Redmer Hoekstra, boot met vogels

Ferfrjemding & fantasy

Redmer Hoekstra (1982) is yn 2009 ôfstudearre oan de keunstakademy yn Zwolle as Byldzjend keunstner en yllustrator.

‘As lyts jonkje wie ik in deidreamer en hie ik allegearre teoryen oer hoe’t de wrâld yninoar siet. Dat wist ik op ’e akademy op ’e nij te ûntdekken en yn myn tekenjen te ferwurkjen. In protte ynspiraasje komt út it filosofearjen oer werklikheid, oer de wurking fan dingen, it bewegen fan in bist of ding. Myn assosjatyf brein leit faak in keppeling tusken ferskate foarmen en dat leveret hiele frjemde en boeiende kombinaasjes op. Dêrtroch krijt in ûnderwerp faak in folslein oar gefoel en oare betsjutting, mar hat dat foar my wol in frjemd soarte logika. 

Myn wurk bestiet út pintekeningen op papier. Ik wurkje mei fineliners. Troch arsearjen komt der ljocht en romtlikheid yn de tekening en dat lit him libje. Ik fyn it fan belang om in tekening sa realistysk mooglik te meitsjen, sadat de ferfrjemding sa sterk mooglik oerkomt. It brein fan ’e oanskôger wurdt dêrtroch foar de gek hâlden en sjocht pas nei de twadde of tredde eachopslach wat it echt sjocht. Dêr sit foar my in moaie yngong nei ferwûndering, wat foar my ien fan de moaiste minsklike eigenskippen is.

It is in bewurklike en hast ambachtlike technyk, ien tekening kostet ûngefear in 32 oant 40 oeren.’

www.redmerhoekstra.nl 

Redmer Hoekstra, bever met stapel servies en pinguins

Redmer Hoekstra, bever met stapel servies en pinguins

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels