Skelte Braaksma: dingen dwaan dy’t net earder dien binne

Publisearre op 7 juni 2024

ELSKE SCHOTANUS – 

 As it om byldzjende keunst giet, lies ik ris, dan is it iennige sjenre dêr’t noch fernijing yn plakfynt, de strip. Soe dat wier wêze, dan jildt it yn elk gefal foar it wurk fan Skelte Siweris Braaksma, fan wa’t meikoarten de ‘ferstripping’ fan Willem Schoorstra syn histoaryske roman Rêdbâd. Kronyk fan in kening (2011) ferskynt. Fernijend as it giet om de Fryske literatuer, mar mei dat boek ek fernijend as it om Skelte syn eigen wurkwize giet: fan tekenje mei de hân nei, foar it earst, in folslein digitaal ferfeardige en útwurke ferhaal.

Skelte ûntwikkele him as striptekener bûten it ûnderwiis om. ‘Dêr moat elkenien itselde kinne, en dan hast jierren noadich om dyn styl werom te winnen. Ik wurkje altyd, ek as ik oan it gamen bin of films sjoch. Sa helje ik histoaryske feiten út games dêr’t wiidweidich ûndersyk foar dien is. Oars as op in oplieding giet de ynspiraasje direkt yn myn systeem sitten, en dêrmei is it foar my yn sekere sin wurk.’

Tryntsje Nauta

Tryntsje Nauta, Skelte Braaksma

Syn wurk- en wenromte hat er yn de eardere suvelfabryk yn Marrum. Skylden mei wapens nei eigen ûntwerp yn de hal, soldatehelmen yn in fitrine, in swurd op it finsterbank ferriede syn ynspiraasjeboarnen. Hy wiist op twa steapeltsjes papier yn de boekekast: ien mei realisearre ideeën en in folle hegere steapel mei safolle ideeën en plannen dat er beseft net genôch tiid fan libjen te hawwen om dy allegear út te fieren. Dêr komt by dat it ûntwikkeljen fan in stripferhaal – of graphic novel sa’t er leaver seit – in enoarm tiidslinend proses is. It wurk dat dêryn sit, wurdt faak ûnderskat.

Swart-wyt

As jonkje fan tsien begûn er mei striptekenjen en op syn fyftjinde ferskynde syn earste boekútjefte, De F.K.P. – In Fryske Oarlochsstrip, by Perio, de útjouwerij ‘die zich beweegt op de uiterwaarden van de kunsten’ fan Willem Winters († 2023). It prachtige Fete (2019) is folslein mei de hân tekene, yn ‘wosken inket’ op akwarelpapier. Allinne it omkaft is yn kleur, en dêrfoar wie de foarmjouwer ferantwurdlik. Swart-wyt is sterk, en dêrby misse de kleuren yn it binnenwurk net.

Yn syn atelier op de boppeferdjipping lit Skelte it foar it grutste part yn swart-wyt tekene album Ik René Tardi krijgsgevangene in Stalag IIB sjen fan de troch him bewûndere Jacques Tardi, dêr’t as kontrast ien kleur yn brûkt is: felread. Ek Fete giet oer oarloch, nammentlik de grutte Fryske oarloch tusken Skieringers en Fetkeapers (Skier en Fet). Magnus (2019) ferskynde by it album mei dyselde titel fan de Fryske folkmetalband Baldrs Draumar, en waard troch de band útjûn. It album is mei de hân tekene en troch oaren ynkleure, en itselde jildt foar It Blauwe Hûs (2020) oer de skiednis fan it doarp Blauhús troch de iuwen hinne, dat er yn opdracht makke.

‘Skiednis ferdwynt’, seit Skelte, ‘as der neat mei dien wurdt. En ik wol dingen dwaan dy’t net earder dien binne.’ En mei de Fryske skiednis, sa is er fan miening, is amper of net wat dien. Boppedat: ‘Ik hâld fan de kwelder. Eartiids wie alles hjir kwelder en wennen de minsken op terpen. Kinst it dy foarstelle? Rêdbâd’s Fryslân, of Magna Frisia, wie foar it grutste part kwelder. Yn dat lânskip fiel ik my as bin ik yn de wrâld dy’t ik yn de strip útbyldzje, en dat helpt soms by it tekenjen. Dy skiednis yntrigearret my, en we moatte dêr wiis mei wêze.’

Oarloggen en gefjochten

Utsein yn it yn opdracht ferfeardige It Blauwe Hûs binne oarloggen en gefjochten dêrby it wichtichste ûnderwerp yn syn wurk. Op de fraach nei it wêrom fan alle geweld: ‘Ik sis altyd: elk ferhaal hat in konflikt. Geweld jout aksje, drama, dynamyk. Ut oarlochsfilms falt mear te learen as út misdiedfilms, dy binne leger kwa dynamyk. Fisueel binne oarlochsfilms folle spektakulêrder. En besykje mar ris in game te finen dêr’t net yn eliminearre wurdt.’ Sa ûntstean tekeningen mei gefjochten en elkoar krusende swurden. ‘Yn it wurk fan jonges sit mear dynamyk, famkes wurkje faker symmetrysk. Dat hat te krijen mei ferskillen yn manlike en froulike enerzjy. Dêryn giet it om aksintferskillen. Dy manlike enerzjy sit bêst in soad yn myn wurk. Beide sitte yn elkenien, en iksels ha just ek wol aardich wat froulike enerzjy. It ferskil is wol de reden dat in soad froulju meastal earder fraachtekens sette by geweld en dynamyk yn media-uteringen. Mar geweld yn strips, games of films is fansels gjin pleit foar it brûken fan geweld. It wurk fan Tardi en Studio Ghibli bygelyks sit ek bomfol oarloch, mar dochs binne se beide sterk antymilitaristysk. Sa kinne je dus just ek in punt tsjin geweld meitsje, op in artistike wize. Yn aardich wat fan myn kommende projekten is oarloch trouwens amper of net mear oan ’e oarder. Dat is ien fan de transformaasjes binnen myn wurk.’

Runen

Tryntsje Nauta

Tryntsje Nauta, Skelte Braaksma

Telt Willem Schoorstra syn roman 394 siden, Skelte bringt it ferhaal werom ta sa’n tachtich siden, al is it formaat al grutter as dat fan in roman. Diskear wurket er yn kleur. Yn de atelierromte stiet syn tekentablet, ûnder op de laptop lit er parten fan it album sjen. ‘As Rêdbâd yn in dreamachtige tastân is, lit ik dat sjen yn de kleuren dy’t ik brûk. Spirituele fisjoenen krije in pearsich palet. En hjir, sjochst dit?’ Hy wiist op de foarmjouwing fan de panels. Meast gebrûklik is dat de panels yn in strip rjochthoekich binne, mei wolkjes foar de sprutsen teksten. ‘Dit is sa noait earder dien: de wytromten tusken de panels foarmje runetekens.’ En dat betsjut dat de panels oare foarmen oannimme as wenstich is.

Ideeën ûntwikkelet er yn foarsketsen – concept art, en dat docht er mei de hân. Sa lit er in bôge papier sjen mei in stikmannich lytse fine tekeninkjes: ûntwerpen foar it omkaft. Ien dêrfan lit er op it skerm fan syn laptop sjen, yn kleur, dat er dy middeis Ernst Bruinsma, syn útjouwer by de Afûk, foarlizze sil. ‘Dat is de grutste útjouwer foar soks yn it Frysk’, ferklearret Skelte, al soe it al de muoite wurdich wêze it boek ek yn oare talen út te bringen.

Op de cover wurdt Rêdbâd bewûndere as held. ‘Yn de film wurdt de kening delset as in loser’, klinkt it ferûntweardige. ‘Dat jildt ek yn de telefyzjesearje Verhaal van Nederland. Mar hy naam Keulen yn, dan bist toch gjin loser? Yn de omkaftôfbylding sit in enerzjy dy’t net yn de film sit. It is net sa dat ik geweld ferhearlikje, der sitte oarlochsmisdieden yn, oant in sekere hichte giet it om in striid tusken goed en kwea. De Kristen-Franken wiene de oanfallers en misdroegen harren op tal fan wizen. Mar oarlochsmisdieden en soks, ek oan de Fryske kant, litte sjen dat in hiel soad dingen in griis gebiet binne en alles sowieso net altyd swart-wyt is!’

Fysioterapeut

By de boekpresintaasje fan Fete trede Baldrs Draumer op (‘Myn favorite metalband’), mei Alwin Schoorstra, de soan fan de skriuwer, as ien fan de bandleden. Skelte wenne ris in lêzing yn Tresoar by oer Fryske helden, dêr’t er Willem Schoorstra trof. Hy liet him concept art sjen oer de tiid fan de Fryske keningen. ‘Soesto Rêdbâd net ferstrippe wolle?’ hie de skriuwer frege. Skelte hat der trije jier oer dien om de roman om te setten ta in byldferhaal. Al ha beide mannen in pear kear byelkoar sitten, en hat Skelte Willem it skript foarlein, fan Willem krige er de frije hân. Dy sei: ‘It is wol dyn projekt.’

Oars as by syn eardere albums docht er alles sels: de foarsketsen, it skript, it ûntwikkeljen fan it storyboard, it sketsen en inken, ynkleurjen, de foarmjouwing: in yntinsyf proses. ‘Ik ha sels ôfspraken mei de fysioterapeut nedich hân om it ta it einresultaat te bringen’, gnysket er.

Histoaryske korrektens

Rêdbâd ferstoar yn it jier 719, en al is oer dy tiid net in soad bekend, Skelte besiket al safolle mooglik histoarysk korrekt te wêzen, bygelyks as it giet om de klean dy’t men doedestiids droech. Dêrby siket en krijt er help fan oaren. Foar Magnus skreau Han Nijdam, spesjalist yn ûnder mear Aldfrysk en midsiuwske skiednis by de Fryske Akademy, in koarte bydrage oer de Magnusmyte en de Magnuskêsten. Yn Fete wurdt Oebele Vries neamd as immen dy’t de histoaryske korreksje die. Skelte nûge Hilbert, de man achter it YouTubekanaal ‘History with Hilbert’ út om in pear dagen by him thús troch te bringen en fûn him ree om tips te jaan oangeande it album oer kening Rêdbâd en syn tiid.

Fansels wurde ek foto’s ynset as foarbyld. Sokke foto’s kinne ek mei help fan Artificial Intelligence generearre wurde. ‘Wat betinkt AI’, sa freget er him ôf, ‘by myn wrâld, dy fan in fantasyryk takomstich projekt?’ Op it skerm fan de laptop lit er bylden sjen fan net-besteande tanks dy’t in rol spylje yn net-besteande oarloggen. ‘It is fansels saak om net eksakt dy plaatsjes nei te tekenjen, it is mear om op ideeën te kommen en dy op in eigen, orizjinele manier út te wurkjen. Foar Fete brûkte ik in ôfgryslik soad steunmateriaal, ek foar de komposysje. Foar it tekenjen fan bygelyks hannen ha ik Japanske ledepoppen dy’t ik alderhande stannen ynnimme litte kin. Sa kin ik neigean oft ik goed sit. En de spegel wurket prima as it om gesichtsútdrukkingen giet.’

No’t er sa’n bytsje klear is mei Rêdbâd lit er it soms yn him omgean om Fete te remasterjen, dat is te sizzen digitaal en yn kleur. ‘Yts yn my wol dat hiel graach, mar de sfear fan it ferline yn de wosken-inket-styl is perfekt, dat Fete moat mar sa bliuwe sa’t it is’, beswart er himsels. ‘Ik ha boppedat wol fiif libbens noadich om al myn ideeën út te fieren.’

Ein febrewaris hie er it boek klear, en leafst hie er wollen dat it sa gau mooglik útkomme soe, sadat er subsydzje oanfreegje kin foar syn folgjende projekt. Rêdbâd is folslein digitaal tekene, yn kleur diskear, en it resultaat soe er syn stipers graach sjen litte. Der is noch in reden foar syn haast: ‘As ik mear tiid krij, sil ik noait klear wêze mei punten op alle i’s te setten.’

Ultime thús

Tuskentroch binne der altyd ek oare ûnderwerpen om mei te set. Net alles giet oer Fryslâns ferline. Skelte lit skriften sjen mei bernetekeningen fan ûnder mear ynsekten, wurk ynspirearre op games. Hy fernuveret him oer de ynventiviteit fan syn eigen, as bern makke tekenwurk, en ‘remastere’ it ta genetysk modifisearre ynsekten foar it ‘Lab Ynsekta’-projekt. ‘Bijen wurde útrûge,’ wit er, ‘mar it binne wichtige organismen foar it libben op ierde. Hoe kinst dy resistint meitsje?’ Sa kaam hy op it idee fan in ferhaal oer in ferlitten lab dêr’t modifisearre ynsekten fûn wurde. Sokke tekeningen binne geskikt om as prints en stikkers te ferkeapjen op de merken dêr’t er stiet, bygelyks de stripmerk yn maart yn Swol. Earder stie er tegearre mei oare stripmakkers mei in stand op it Imaginarium Festival yn Tytsjerk, mar dat is wat djoerder wurden. ‘Wy binne der noch net út oft wy ús melde sille of net.’ Skelte syn ynsekten sille fan april oant oktober al te sjen wêze yn in groepseksposysje yn it gebou de Utrecht yn Ljouwert.

‘Minsken kenne my fan de Fryske skiednis, dat fielt foar my oan as it ultime thús.’ Toch sil Rêdbâd net in opfolger krije dy’t yn Fryslâns ferline spilet. Sowieso rikt syn fantasij fierder: sa tekene er in wrâldkaart wêrby’t er foar elk net yn de werklikheid besteand lân flaggen ûntwurp, en foar elk lân in eigen skrift en uterlike skaaimerken lykas hierkleur foar de ferskillende befolkingsgroepen. Mei help fan AI, Artificial Intelligence, kin syn twadiminsjonale wrâldkaart sels as in globe op it skerm ferskine. Sawol fysyk, op papier, as op de kompjûter hat er mappen fol tekeningen en kaarten ûntwikkele.

Nei Rêdbâd sil syn folgjende projekt op de takomst rjochte wêze. Want wat, sa freget er him ôf, as de apokalyps oer Fryslân komt? Ynearsten tocht Skelte oan in ferhaal dat him ôfspylje soe nei in nukleêre ramp of in atoomoarloch, mar troch alle warskôgingen foar de gefolgen fan klimaatferoaring is dat it ûnderwerp dêr’t hy mei te set wol. De wurktitel foar dat projekt is Swalker, en hy is dwaande mei de tarieding. ‘Eins soe ik dêr noch net oer fertelle moatte, ik wol no net al te folle priisjaan.’ Hy fergeliket de situaasje mei dy fan de iisbearen no: der sil hieltiid minder romte wêze foar de minsklike soarte om te oerlibjen.

 Sjoch ek skeltesiwerisbraaksma.nl en it Instagramaccount Striplân

 

Elske Schotanus is sjoernalist, skriuwer en yllustrator

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels