Jou in artyst kado

Publisearre op 24 mei 2017

ARJAN HUT – 

In lytse mefrou mei griis hier en in grutte bril slepet in kleed mei ferskate klankskalen derop nei it midden fan it podium. Stapke foar stapke skeuvelt sy ferfremdzjend stadich nei it goede plak. Even is it as sitte wy in in sêne út in film fan David Lynch, in gefoel dat al hielendal fersterke wurdt troch de reade gerdinen rûnom it smûke teater De Bres en de keamerplanten dy’t yn ‘e hoeken steane.

 

De dames achter de bar fine it ‘Doors-achtich’, de froulju yn it publyk gibelje it út as Collier syn wite bokkebroek hast hielendal ôfsakje lit.

 

It is tongersdeitejûn en wy binne by de lansearring fan Jaan, in webside dêr’t men in artyst boeke kin om kado te dwaan oan in oar. Optredens, foardrachten, workshops foar op feesten, brulloften en partijen, of gewoan samar. By de yngong rin ik daalks al skriuwer en muzikant Hein Jaap Hilarides tsjin it liif en ek poppetheatermakker Haye Bijlstra. Hilarides is ek te boeken fia Jaan.

Ferskate artysten dy’t no by Jaan yn it bestân sitte, binne oanwêzich om har te presintearjen. Poadiumartysten mar ek bygelyks filtster en kok Caroline Sandberg en Baukje Scheppink, foarmjouster fan mei de hân skreaune boeken. Krekt foar oanfang liket it noch net sa drok, mar ynienen stoarmet der doch safolle folk it teaterke yn dat alle stuollen beset binne.

De presintaasje is yn hannen fan Lucas van der Molen, ien fan de leden fan team Jaan en hy die syn bêst om mei it oansteklike entûsjasme fan in merkekeapman syn ‘waren’ oan te priizgjen. Ik ha him tafallich in wike earder troffen op it skip De Stânfries, dêr’t Esther de Jong, Chai Blaq en stêdskeunstner Jamila Faber de museumhaven platspilen. Hy fertelde dêr oer de opset en presintaasje fan Jaan. Myn earste assosjaasje wie in byld fan mysels yn it tsjuster by de doar fan in pleats, fier fan de bewenne wrâld, de atmosfear swier fan driging. In man mei in masker docht iepen.

Ek de artysten dy’t har yn it teaterke achter de Harmonie presintearje binne nerveus. Benammen de singer-songwriters litte stekken falle, en dat foar de fakgenoaten op de tribune en de eventuele klandyzje! No, it mei fan it publyk wat lije, wy reagearje oanmoedigjend op bygelyks de jonge sjongeres Mystorie (Miranda Hooijinga) dy’t noch fan slach is omdat sy dy deis sa grut mei in foto yn de Ljouwerter stie.

Ek Timo de Jong út Meppel kin op sympathy rekkenje. In jonge yn in kreas pak mei in gitaar en drûchkomyske ferskes, al is it hichtepunt fan syn optreden it ôfgean fan Marja Hoefsmit. Sy is de frou mei de klankskalen. It fan it podium slepen fan it kleed mei de swiere skalen liket sa ûnbedoeld teatraal dat de Jong ek oars net kin as him omdraaie en sjen. De klankskalemuzyk sels wie tige meditatyf – ik waard der hearlik sûzich fan, mar guon op de tribune rekken wat oerstjoer en ien pakte der mar gau it mobyltsje by.

Mei Hein Jaap Hilarides komt der mear faasje yn it programma. Hy fertelt oer syn nije boek De Trekker fan Troje en docht dat yn it Biltsk, Nederlânsk en Frysk. Foar de rest miende leau’k elkenien op it poadium dat wy, it publyk, allinne mar ABN fersteane. Ja, Basile Maneka begjint ek yn it Frysk en de Afrikaan-om-utens krijt mei syn oansteklike entûsjasme it publyk oan it meisjongen en -dûnsjen. Sterker noch, hy hâldt nea wer op! “Ja je moet wel stop zeggen bij mij”, laketer neidat van der Molen yngrypt.

Ek Joris Collier presintearret himsels, earst mei dûdelsek en assistinte, en nei it skoft nochris as spokenword-artyst tegearre mei gitarist Martin Pals. “Dat doen we al een tijdje”, fertelt Pals nei ôfrin. De dames achter de bar fine it ‘Doors-achtich’, de froulju yn it publyk gibelje it út as Collier syn wite bokkebroek hast hielendal ôfsakje lit. Jo kinne Collier en alle oare artysten boeke en kado jaan fia http://jaan.nl/.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels