Friezen gongen Dutch op syn Skotsk

ARJAN HUT

As ik tink oan Sigrid Kingma en Geart Tigchelaar op StAnza, it poëzijfestival yn Skotlân, dan sjoch ik Sigrid mei in grutte, blauwe, selsmakke iiskristalshurikenboomerang op it poadium stean te swaaien. Dan sjoch ik Geart dy’t op in wetterfyts oer de weagen fan de Noardsee in selfy makket mei in pear boartuorren op de achtergrûn. Mar hoe gong it no echt?

 

“Jûns stienen der twa dichters ynprogrammearre. Elk hie in oere ta syn foldwaan. De konsintraasjebôge is dêr blykber wat grutter as hjir, want ik haw dat yn Fryslân/Nederlân noch nea meimakke.”

 

“It wie bêst hiel drok en it wie sa wer foarby,” seit Kingma, “Ik kaam de freeds oan. Mei de taksy fan it fleanfjild nei St. Andrews. St. Andrews is net grutter as Frjentsjer, mar it hat noch wol in universiteit. Tsead (Bruinja), Marleen (Nagtegaal) en Geart trof ik de jûns ûnder it iten. Ik en Geart waarden de oare deis keppele oan twa Skotske dichters, Stewart Sanderson en Rachel Plummer. It doel wie om inoars gedichten oer te setten en de jûns te presintearjen. Sy makken Ingelsktalige oersettings fan ús Fryske wurk en wy setten har fersen oer nei it Frysk. Dêr ha wy wol sa’n bytsje de hiele sneons mei beset west! It reinde ek de hiele dei. It oersetten foel net ta, mar wy ha ús der wol mei fermakke.”

It tema fan it festival yn it Skotske stedsje St. Andrews wie ‘Go Dutch’ en de Fryske dichters, útsocht troch Tsead Bruinja (dy’t sels ek mei wie) makken diel út fan de Nederlânske delegaasje. Mar Tigchelaar hie net it gefoel dat se by it programma fan Going Dutch hearden. “Der waard my faker as ienris frege oft ik ‘one of the Dutch poets’ wie. Dan sei ik fansels dat ik by de Fryske dichters hearde.” Neffens de fytsende Fries stie Tsead Bruinja, dy’t ek yn it Nederlânsk dichtet, ek as solist op it programma. “Grif hat hy it oars belibbe. Mar fansels bin ik wol mei de oare Nederlânske en Flaamske dichters yn ’e kunde kommen. Thomas Möhlmann haw ik mei yn de taksy sitten op de tiisdeis nei St. Andrews ta. De jûns wat iten en in bierke hân. Yn it wykein wie de Flaming Andy Fierens der ek in soad by en ha wy nochris smûk yn in pub sitte kinnen.”

Fan de Amsterdamske dichter F. Starik, dy’t in wike letter hommels stoar, krige Tigchelaar net in soad mei. “Oars net as dat ik him in pear kear sjoen haw, dat er bûten stie te smoken. Fierders spitigernôch net mei him praten.” “De Flamingen treden ek wol wat mear op de foargrûn as de Nederlanners”, seit Kingma.

Wat beide jonge dichters opfoel, wie it publyk. “Kwaliteitspublyk!”, neffens Kingma, dy’t tige optein is oer de djipgeande belangstelling dy’t de oanwêzigen by de presintaasje fan de oersettings toanden. “Se fregen gewoan troch oer de oersettings, woene fan alles witte en begripe. Dat fûn ik wol opfallend. Wy sieten yn wat neffens my de council-room wie, yn it stêdhûs. Der sieten in soad minsken yn de seal, wylst der tagelyk earne in ‘slam’ op it programma stie en ik hie tocht dat it wolris dreech wurde koe om de stuollen fol te krijen. Nee dus. Ek by de optredens dêr’t ik en Geart as besiker wiene, sieten de sealen fol. En net mei kollega-dichters ofsa.”

Tigchelaar: “Ja dat is dêr wol oars as hjir. Jûns stienen der twa dichters ynprogrammearre. Elk hie in oere ta syn foldwaan. De konsintraasjebôge is dêr blykber wat grutter as hjir, want ik haw dat yn Fryslân/Nederlân noch nea meimakke.”

Kingma: “Allinne dichters mei gedichten, dichters dy’t prate oer poëzij en eigen wurk. Gjin muzyk lykas hjir. De spanningsbôge fan dy minsken yn de seal! Geart fûn it soms ek in lange sit.”

“Der sieten ek in soad drûgen by dêr’t kraak noch smaak oan siet,” follet Tigchelaar oan. “Net wat humor om de oandacht der wer by te lûken. Op dy manier waarden it lange sitten. Opfallend dat krekt ‘ús’ Ester Naomi Perquin just wol in soad humor tusken har gedichten hie, mar ek yn ’e gedichten sels. Dat wie gjin fersiking om in oere nei harkje te moatten. Mar wat my namste mear opfoel wie dat it publyk ferskriklik braaf wie. Of faaks better sein dat se skruten wienen foar dichters dy’t grinzen opsochten en dêr oerhinne gienen. Doe’t by in Open Mic in dichter minsken út it publyk oanwiisde en by de iene sei ‘do you want to be my analist’, mar dêrnei ek ‘fuckbuddy’ en ‘prostitute’ brûkte, wie ik leau ik de iennige dy’t dêr om gnyskje moast. Der waard troch de mc nei syn optreden fuortdaliks sein dat it net de bedoeling wie dat de minsken harren net op harren gemak fiele soenen. Doe’t de Flaamske dichter Andy Fierens syn gedicht ‘mama’s en papa’s’ foardroegen hie, hearde ik in jongbaas efter my dy’t syn freondinne frege oft hy no werklik oerhoer promoate. Fansels sil net elke Skot der sa oer tinke, mar opfallend wie it wol.”

Oan de gearwurking mei Sanderson en Plummer ha de beide Fryske festivaldichters moaie kontakten oerhâlden. Dy sille meikoarten ek grif ris yn Fryslân te beharkjen wêze, tinkt Kingma. Oan StAnza hat se ek noch wol in moai idee oerhâlden op it mêd fan fisitekaartsjes. “Der wiene dus net sa’n soad kollega-dichters yn it publyk, mar ien kear siet ik njonken in wat âldere menear en ik frege him oft hy ek dichte. Syn namme wie Gerry Loose. Hy lange my doe syn visitekaartsje oer, dêr hie er in setsje fan by him. It wie lykwols net in gewoan kaartsje, mar in miniboekje mei in fragmint út in gedicht fan him, “Starworks”…”

 

soft owl calls in dawn snow just

so & snow calling dawn owls in

~

the pond’s interior has two herons

inside I swim slow air

~

leaves still on the tree wind mooching

as far as they’re able I’m rooted here

 

(Ut ‘Starworks’, Gerry Loose, Longhouse, 2009)

 

Comments
2 reaksjes oan “Friezen gongen Dutch op syn Skotsk”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.