Jan Ritskes Kloosterman út it ferjit

Publisearre op 4 maart 2014

WENDY KENNEDY – 

Achtkarspelen stiet dit jier yn it teken fan de betinking fan it hûndertste stjerjier fan dichter Jan Ritskes Kloosterman fan Twizel. Hy is foaral bekind as heit fan Simke Kloosterman, ferneamd skriuwster en dichteres. Lykwols, neffens Keunstkrite Twizel wie hy mear en is it wichtich dat ek hy omtinken krijt.

“Het werk van Jan Ritskes Kloosterman is een goed voorbeeld van cultureel erfgoed in Noordoost Friesland dat in de vergetelheid is geraakt”, fynt Hetty Kloosterman Combs fan Keunstkrite Twizel. “Het is symbolisch voor het verlies van identiteit in de regio.” Reden foar Keunstkrite Twizel om yn hiel 2014 stil te stean by Jan Ritskes Kloosterman dy’t yn 1914 ferstoarn is.

Jan Ritskes Kloosterman
Jan Ritskes Kloosterman wie boer en dichter. Hy hie in soad belangstelling foar de natuer, basearre op syn grutte respekt foar de skepping. Kloosterman wie in religieus man; hy seach God yn’e natuer. Syn gedichten gean dan ek benammen oer de natuer. Dêrneist wie hy syn tiid fier foarút troch syn dochter Simke studeare te litten. It wie yn dizze tiid ûngewoan foar froulju om te studearen.

We denken altijd dat we ver weg moeten gaan om cultuur te beleven, terwijl er in de directe omgeving veel leuke dingen te ontdekken zijn. Als niemand dit oppakt dan is het weg. Het is een stukje waardering voor de eigen cultuur.

Ofskie
Under harren fiifjierrich bestean, besiket Keunstkrite Twizel keunst en kultuer út ’e eigen regio ûnder in breed publyk op’e kaart te setten. Hjoeddeistige keunst en kultuer, mar ek fan eartiids. Dit jier giet de Keunstkrite werom yn’e tiid en betinkt Jan Ritskes Kloosterman mei fjouwer projekten. It tema dêrby is ôfskie. Dit komt út ien fan Kloosterman’s gedichten: ‘En dan is de tiid fan ôfskie dêr’. “Het klinkt misschien zwaar, maar het hoeft niet alleen maar kommer en kwel te zijn. Je moet het breed zien”, leit Kloosterman Combs út. “Bij een afscheid kan ook een nieuw begin horen.”

Nije bloei
Dat nije begjin is werom te finen yn de spesjale dichtbondel Nije Bloei – in kar út it dichtwurk fan Jan Ritskes Kloosterman (1847-1914), it earste projekt fan it betinkingsjier. Skriuwer en dichter Eppie Dam hat gedichten selektearre út de trije Fryske bondels dy’t Kloosterman yn syn libben publisearre hat: út Fryske Wâldblomkes, Finneblomkes en Fryske stikken. De gedichten út dizze bondels hat hy bewurke en oersetten nei de hjoeddeistige stavering.

De gedichten geane foaral oer de natuer en Kloostermans belibbing hjirby. Bysûnder is dat de finansiering foar de bondel foar in part dien is mei help fan crowdfunding. De bondel is te bestellen by alle boekhannels en by de Keunstrkite.

Poëzywedstriid
Ek skoalbern wurde by de betinking fan Kloosterman belutsen. Mear as trijehûndert basisskoalbern yn de gemeente Achtkarspelen krije kommende tiid poëzyles fan de dichters Ruurdtsje de Haan en Matty de Vries. Neffens Kloosterman Combs is dit hielendal yn’e geast fan Kloosterman. “Jan Ritskes Kloosterman leerde zijn dochter van jongs af aan om goed naar de wereld om haar heen te kijken en dit te benoemen en verhalen te bedenken.”

“Docenten vinden het soms lastig om met poëzie om te gaan. Er wordt vaak te hoogdravend over gedacht, maar dat hoeft helemaal niet. Het is het begin van taal: beeldtaal. Kinderen hebben meestal een beeld van wat ze zien en met poëzie kun je die beelden goed omschrijven.”

Mei de gedichten dy’t de bern yn’e poëzylessen skriuwe, dogge se mei oan in wedstriid. Se stride om in poëzytrofee en in masterclass Poëzy fan dichter Tsead Bruinja. De priisútrikking hjirfan is yn maaie.

Poëzynacht
In poëzynacht mei fansels net ûntbrekke by in betinking fan in dichter. Yn de tún fan it Simke Kloostermanhûs yn Twizel fynt op 20 septimber in poëzynacht plak. Tsead Bruinja, Dirk Geerdink, Meindert Talma, Jan Ketelaar en Bennie Spekken en Sannamaj Betten sille foardrage. “We hebben ze gevraagd om wat met het thema afscheid te doen. Ze mogen hier hun eigen invulling aan geven. Daarnaast nemen ze allemaal iemand uit de regio mee, die zij een opkomend talent vinden. Die mag dan ook optreden”, sa seit Kloosterman Combs.

Konsert
It Jan Ritskes Kloostermanjier wurdt ôfsletten mei in konsert. “Het idee komt van dichter Eppie Dam. Hij was erg geraakt door het gedicht ’Schepping’.” Jan de Jong hat it gedicht op musyk setten en it stik sil útfierd wurde ûnder lieding fan Jaep Meems’ keamerkoar. Yn totaal sille se fjouwer kear optrede yn’e moannen oktober en novimber, ûnder oaren yn Twitzel en Bûtenpost.

Hetty Kloosterman Combs fan Keunstkrite Twizel beklammet nochris hoe wichtich it omtinken foar Jan Ritskes Kloosterman is. “We denken altijd dat we ver weg moeten gaan om cultuur te beleven, terwijl er in de directe omgeving veel leuke dingen te ontdekken zijn. Als niemand dit oppakt dan is het weg. Het is een stukje waardering voor de eigen cultuur.”

 

At jo mear witte wolle oer Jan Ritskes Kloosterman of at jo by ien fan’e aktiviteiten oanwêzich wêze wolle, sjoch dan op www.keunstkrite.nl of stjoer in mail nei info@keunstkrite.nl

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels