It swaaistee
Publisearre op 20 juni 2013
EELTSJE HETTINGA –
IT SWAAISTEE
Wy binne de wegen, de rivier
dy’t as de tiid op wei, bochtsjend en
slingerjend, net te ferstean,
djipper en fierder de polders yn,
it hert syn binnenlannen seit.
Wy binne it sylskip, de rin,
dy’t as dit bestean, geandewei fan
paad te smel, soms de draai jout
en swaai, op healwei dearûn, werom
nei wêr’t earst in leafde begûn.
Wy binne de flerk en de dream
ûnder it each fan guozzen dat heech
de uterwaarden oer in útsjoch
fuorret by it roppen fan in Suden,
breed allyk de see syn gesicht.
Ut de yn 2014 te ferskinen bondel Tusken fan Eeltsje Hettinga. It byldwurk fan Antje Veldstra en it gedicht ‘It swaaistee’, in fers út in rige fan fiif, binne ûnderdiel fan in mienskiplik boekprojekt dat meikoarten te sjen is yn de Kunstrûte ‘Open Stal’ yn Aldeberkeap (13-07 o/m 11-08) en dat by de ‘Kunstmaand Ameland,’ novimber dit jier, in ferfolch krijt yn de foarm fan in ynterdissiplinêr foto- en fideoprojekt.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]