fotografy: Paul de Bruin

It plak fan Jaap Krol

FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –  

It is in drokte fan belang yn Kwalitaria Walk Inn yn Drachten. Paul en ik sitte as twa ferdwaalde figuranten yn in set út in Fellinni film oan ús bakje kofje tusken bolderige en drokke bern die hjoed fierstente folle sûker yn it liif krije. Wanhopige âlders prebearje de bedoarne jeugd yn de stokken te hâlden. Wy sjogge dit tafereel swijend oan en wachtsje op Jaap Krol, de skriuwer fan bygelyks ‘Wettersek’, ‘Nûmers’, ‘M/F’ en ‘It Fûgelgebed’.

Jaap, wer steane we hjir?
“We binne hjir op it krúspunt fan de Leidyk en Raai yn de âlde nijbou fan Drachten.”

 

Ik fyn it in útdaging om grutte saken lyts te meitsjen. Dat hat alles te krijen mei dizze strjitte.

 

Wat makket dit plak sa spesjaal foar dy?
“Ik bin min ofte mear fiksearre troch dizze strjitte, alles giet hjir nei werom. Mei ‘alles’ bedoel ik ek alles. As ik my bygelyks in dekor fan in Amerikaanse roman foarstelle moat, dan is dat yn ’e fierte altyd in fariaasje op dizze strjitte. Wierskynlik komt it om’t ik op myn tredde ferhuze bin nei Beetstersweach. Dêrtroch koe ik dy earste trije jier goed konservearje. Hiel frjemd, mar it is net oars.”

Hokfoar muzyk hearst hjir?
“Ik hear hjir net echt muzyk. Wy hiene thús wol platen fan Louis van Dijk – dy’t him ek wol Louis van Dyke nimme liet – dy past hjir wol goed by. Mei syn pianotrio spile er de grutte ynternasjonale hits fan doe, lykas ‘Cent mille chansons’ en ‘The windmills of your mind’. Ien fan dyn platen hjit ‘Triologie’, wat fansels in hiel tapaslike titel is. Louis van Dijk makke eins kalvinistyske jazz: it wie net echt eksperiminteel of rûch en paste dêrom perfekt by de nije wolfeart – dy fan oranje teemûtsen, izeren brearoasters en designmeubels dêr’t je letter trochsakken. As ik hjir wol muzyk hearre soe, dan is dat it skraabjen fan de krekt roastere bôle.

Hat dit plak ynfloed op dyn skriuwen?
“Ik fyn it in útdaging om grutte saken lyts te meitsjen. Dat hat alles te krijen mei dizze strjitte. Yn de nijbou gebeurde no ienris net sa’n soad: gjin earmoed of oarloch, alles oersichtlik en lyts. Wat der yn de wrâld te keap wie, waard meidield fia de telefyzje en fierder stie alles yn grutte fotoboeken – fan ‘De geschiedenis van de autobus’ oant ‘Mee met de KNZHRM’. It frjemde fan nijbou is fansels datst nergens hinne kinst. Wa’t lulk is, kin heechút in blokje om drave en wa’t emigrearje wol, komt net fier. Do wurdtst as in suertsje berne en dat bliuwst foar de rêst fan dyn libben. Ik bin my hiel bewust fan dizze status en hâld dêrom de romte altyd lyts.”

In grutte frachtwein riid ús hast fan de sokken. Soest wat feroarje wolle oan dit plak?
“Ik soe wolle dat hjir wat minder ferkear wie. It is no fierstente te drok.” Jaap stoarret nei de grûn. “De strjitfluorring is net feroare. Doe’t ik lyts wie, wiene auto’s noch folle smoarger. Oeral leine grutte oaljeplakken op it asfalt. Ik miende altyd dat dêr dan ien oerriden wie, bygelyks de bakker mei syn bakbrommer. Hy brocht de bôle foar it brearoaster en hie syn jild yn in grutte tas. De buorlju fan doe wenje der no noch, dus ergens is der net sa hiel folle feroare. Ik surf trouwens ek wolris nei Funda om in hûs dat te keap stiet fan binnen te besjen.”

Wy nimme ôfskied, Jaap rint nei syn âlden en wy sette de auto yn de achterút en kinne mar krekt in botsing foarkomme mei in jonkje mei in klodder softiis yn it hier.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.