It belang fan omgongsfrysk

Publisearre op 16 augustus 2016

REITZE JONKMAN – 

Geart van der Meer skreau yn de Moanne nûmer 1 fan dit jier (side 44-46) ûnder de titel ‘Dat Frysk lêst net sa maklik’ in nijsgjirrige skôging oer it sprutsen bûthús-tún-en-keuken-Frysk en it skreaune hegere Frysk, ek wol boekje-Frysk neamd.

By de earste soarte giet it om taal oer konkrete saken fan al den dei mei dialektyske en Nederlânske foarmen, by de lêstneamde soarte om geef Fryske foarmen; Van der Meer neamt ‘dôfhûdich’, ‘trelit’ en ‘skolperjend’.  Ek joech Van der Meer oan dat elke soarte Frysk by in beskate situaasje hearde. Mei de buorman sil men gjin skriuwtaalfoarmen brûke en yn in tydskriftartikel net dialekt skriuwe. ‘Konverginsje’ hjit soks; it taalgebrûk past him by de persoan/situaasje oan. Mei dy lêste ynfalshoeke wol ik yn dit essay besykje om in eigen oanfoljend antwurd te jaan op de troch Van der Meer behannele fraach: hoe kinne wy foarkomme dat it Frysk net sa maklik lêst?

Sosjolingwistysk ûndersiker Jim Cummins brûkt twa termen om leger en heger taalgebrûk te ûnderskieden: ‘bics’ (basic interpersonal skills) en calp (‘cognitive academic language proficiency’). De earste term tsjut op de feardichheden om op in basaal, konkreet nivo mei oaren om te gean. Dy taal soe men ‘Omgongsfrysk’ neame kinne. De oare term ferwiist nei it flot tapasse kinnen fan abstraktere en hegere foarmen fan taalgebrûk dy’t yn formelere, akademyske en literêre situaasjes thús hearre, sis mar ‘heger Frysk’. In finere yndieling as dy rûge twadieling is ek mooglik en wol neffens it saneamde Europeesk Referinsjeramt, dat ik hjir fierder neffens de útwurking fan ‘referinsjeramt Frysk’ (tenei: rrF, Meestringa en Oosterloo 2015) oanhelje sil.

It rrF ûnderskiedt trije taalbehearskingsnivo’s: Nivo A (A1 en A2 – it nivo fan de ‘basisbrûker’), nivo B (B1 en B2, de ‘ûnôfhinklike brûker’) en nivo C (C1, it nivo fan de ‘betûfte brûker’).  De earste trije subnivo’s A1, A2 en B1 falle foar my ûnder de neamer Omgongsfrysk, dat ek maklik te lêzen is, en de twa heechste subnivo’s B2 en C1 ûnder heger Frysk, dat ek op papier minder maklik nei te kommen is. C2, it alderheechste nivo wurdt yn it rrF net meinommen.

Utgongspunt by it fêststellen fan in nivo is wat ien feitlik dwaan kin yn it Frysk. Dêrom binne de nivobeskriuwingen yn it rrF útwurke yn ‘ik kin-bewearingen’, sawol foar mûnling as foar skriftlik taalgebrûk. Ik jou hjir de bewearingen neffens de feardichheid lêzen.

 

Maklik lêsber Frysk
A1: Kin hiel koarte teksten lêze troch fertroude nammen, wurden en wurdkombinaasjes te werkennen en as it nedich is op ’e nij te lêzen. Taalgebrûk: heechfrekwinte wurden en koarte ienfâldige sinnen.

A2: Kin koarte, ienfâldige teksten lêze dy’t skreaun binne mei sawat allinnich frekwinte wurden. Taalgebrûk: heechfrekwinte wurden en wurden bekend út de eigen taal of hearrend by de ynternasjonale wurdskat.

B1: Kin mei foldwaande begryp teksten lêze oer ûnderwerpen dy’t te krijen ha mei syn/har ynteresse. Taalgebrûk: ienfâldich en alledeisk

 

Minder maklik lêsber Frysk
B2: Kin selsstannich teksten lêze en past de lêsstyl en it lêstempo by teksten en doelen oan. Taalgebrûk: Der binne gjin beheiningen, as der mar wurdboeken en sa foarhannen binne.

C1: Kin lange, komplekse teksten yn detail lêze, oft dy no wol of net op syn/har fakgebiet lizze, salang’t hy/sy drege passaazjes op ’e nij lêze kin. Taalgebrûk: Leechfrekwint en spesjalistysk wurdgebrûk.

It yn it rrF net meinommen C2-nivo wol sizze dat ien alle taalgebrûk maklik lêze kin, ek ferâldere en literêre foarmen.

 

De Frisiatoets en taalkundich ûndersyk
Yn it rrF wurdt in aloan dregerwurdend Frysk omskreaun dêr’t learlingen/studinten de feardigens fan yn ’e macht hawwe moatte om op it bewearde nivo te sitten. Om in idee te krijen oft in learder fan it Frysk echt op dat nivo sit, haw ik foar it Lektoraat Frysk & Meartaligens fan de NHL-Stenden in taalkennistoets fan it Frysk makke dy’t de by it nivo hearrende taalgebrûk (wurdskat en grammatika) hifket, de ‘Frisiatoets’. Mei dy toets wurdt in fertaalslach makke fan de abstrakte omskriuwingen fan taalgebrûk yn it rrF nei kennis fan konkrete taalkundige items. De iennige manier om dat betrouber te dwaan, wie om in grut ferskaat oan yn de beneaming kommende items (yn de foarm fan toetsfragen) oan in hiele waaier fan taalbrûkers fan it Frysk foar te lizzen: fan learlingen út groep 5 oant en mei groep 8 yn it basisûnderwiis en fan de basisfoarming ôf oant en mei de eksamenklassen yn it fuortset ûnderwiis en studinten yn it heger ûnderwiis. Boppedat is sjoen nei de groep dy’t ûndersteld wurdt al op it alderheechste nivo (C2) te sitten; de profesjonals fan de Fryske-taalynstituten.

Ut de útkomsten fan de ferskillende wurkferzjes fan de Frisiatoets komt in hierargy fan soarten fan wurden nei foaren. De Frisiatoets lit yndie hieltyd op ’e nij sjen dat it begripen en it brûken fan beskate soarte fan wurden en grammatikale konstruksjes te keppeljen binne oan ien fan de fiif rrF-nivo’s. Telwurden wurde bygelyks al op nivo A1 begrepen, mar typysk Fryske tiidwurdkwestjes net earder as op nivo B2 (sjoch hjirûnder).

A1: telwurden, fraachwurden, kleuren, persoanlike en besitlike foarnamwurden, primêre oantsjuttingen as kloktiden, ienfâldige en frekwinte (foarmen fan) tiidwurden: Foarbylden: sân, wêr, read, dyn keamer, it is kertier foar twaen.

A2: modaal helptiidwurd mei ynfinityf, mulwurd fan ûnregelmjittige tiidwurden, tiidoantsjuttingen, ienfâldige ferlytsingswurden, frekwint sprektaaleigen, regelmjittige mearstalsfoarming. Foarbylden: Wy sille ite, ik ha fongen, moarn, hy hat it oan tiid

B1: frekwint skriuwtaaleigen, folchoarder fan twa tiidwurden yn de eingroep en minder frekwinte tiidwurdskonstruksjes. Foarbylden: Tenei moat it better, Hoe hast dat no dwaan kinnen?

B2: Ridlik frekwinte skriuwtaalwurden en útdrukkingen, it brûken fan de n-foarm fan de tiidwurden, selsstannich brûken besitlik foarnamwurd, ûnregelmjittige ferlytsingswurden en meartallen, griene tiidwurdfolchoarder en gean-/bliuwe- en komme-konstruksjes, útinoar steande foarsetselgebrûk. Foarbylden: Nei alle gedachten, Hy hie it dwaan kinne moatten, It jonkje gie der hinne om te boartsjen, Fan twa oere ôf.

C1: Technyske termen en oar spesifyk leech–frekwint skriuwtaalgebrûk, doe-tiid en mulwurden ûnregelmjittige tiidwurden. Foarbylden: Hy stiet noed foar de bern, Sy kin it der mei lykfine, Jo preaunen it druvesop.

C2: Tige spesifyk akademysk en literêr taalgebrûk. Foarbylden: It skipke op it skolperige wiet, De pylgers wiene nei it ferseine lân tein.

Op it alderheechste nivo komme wy it ‘skolperjen’ fan Van der Meer pas tsjin. Dat lêste nivo wurdt oars inkeld helle troch de arrivearre profesjonals fan de Fryske Akademy, Afûk, Tresoar en soartgelikense Fryske-taalynstituten dy’t in bûtenkategory foarmje. It C2-nivo sil dêrom ek net yn de úteinlike Frisiatoets foar de learders fan it Frysk opnommen wurde.

No’t de dregens fan it Frysk mei it boppesteande oersjoch fan maklike en minder maklike items yn grutte halen yn kaart brocht is, kinne wy nei de fraach hoe’t wy tefoaren komme kinne dat it Frysk net sa maklik lêst. Van der Meer hat it oer minder puristysk Frysk skriuwe en ferâldere foarmen fuortsmite. Ik wol dêr oan de hân fan de boppesteande yndieling fan it nivo noch neier op yngean.

It maklikste antwurd (om it doel te berikken) dat jûn wurde kin, is om it nivo fan it Fryske taalgebrûk by de doelgroep/it medium oan te passen, dat hawwe wy ommers as yndividuële Fryskskriuwers sels yn de hân. Ik kin my lykas Van der Meer yn it sin bringe dat ik as jonge grutte problemen hie mei it taalgebrûk yn De jonges fan Gaesterlân. Ek dêr kamen wurden yn foar dy’t fier boppe it gaadlike B1-nivo útgienen. Dat yn de troch him lêzen boeken C2-wurden as ‘skolperjen’ sieten, makke it lêzen fan it Frysk krekt net maklik. In aktueel foarbyld fan in goede konverginsje fan taalgebrûk yn in jeugdboek is De deikoersen fan Remco fan Bart Kingma dat by de nije telefyzjesearje De Koers lêzen wurdt troch de earsteklassers yn it fuortset ûnderwiis. Syn taalgebrûk slút mei it B1-nivo moai by de doelgroep oan. Ek is it net mear sa dat de jongste bern ‘hja’, ‘earne’, ‘efter’, ‘jit’, ‘immen’ en ‘barre’ tsjinkomme, mar ‘sy’, ‘ergens’, ‘achter’, ‘noch’, ‘ien’, ‘plakfine’ / ‘wêze’. Earst as de learlingen yn de twadde faze fan it fuortset ûnderwiis of it heger ûnderwiis bedarje, moatte sy it minder maklike taalgebrûk fan it B2- en C1-nivo oankinne. De lesmetoaden en de eksamens binne dêr op ynrjochte. Dan komt ek it momint om de literatuer foar folwoeksenen mei dito taalgebrûk te lêzen. It is dêrom saak dat Fryskskriuwers net foar alle teksten safolle mooglik dreech Frysk brûke, mar gewoan Omgongsfrysk, en Omgongsfrysk hoecht net altyd tige geef te wêzen. Didaktysk sjoen is it de baas en bewarje ien fan de twa farianten fan it hegere Frysk, en ek guon ferâldere foarmen fan de heechste fariant foar de hegere situaasjes as literatuer, toaniel, earetsjinst en amtlike stikken.

In minder maklik antwurd (om it doel te berikken) dat op de fraach jûn wurde kin, is om as taalgroep troch bestjoer, ekonomy en ûnderwiis it Frysk maatskiplik sa dominant te meitsjen dat de Friezen yn de formelere situaasjes folle mear heger Frysk tsjinkomme. Dat sil meitsje dat it lêzen fan dat soarte fan Frysk fanselssprekkender en dêrtroch makliker wurdt. De Fryske beweging is al hiel lang op dat paad dwaande, mar dat slagget samar net of miskien wol noait.

Moatte wy dêrom mar ôfsjen fan it skriuwen en lêzen fan minder maklik Frysk? Ik soe sizze: brûk foar it ynformele (skriftlike) taalferkear it byhearrende Omgongsfrysk en foar de formelere, akademyske en literêre saken ien fan de trije farianten fan heger Frysk. It bestean fan hegere farianten fan Frysk taalgebrûk is fan grut belang foar it oerein hâlden fan in noarm, taalkundich en maatskiplik. Ek yn it Nederlânsk bestiet dy yndieling omgongstaal en skriftlike taal. It Nederlânsk is dominanter yn de hegere maatskiplike situaasjes dat makket dat der in makliker hegere wurdskat is foar in gruttere grutter diel fan de befolking yn Nederlân tagonklik is. Yn Fryslân is it sa dat net elke Fries yn de taalmienskip fan Fryslân it hegere Frysk maklik lêze kinne, mar it sjongen fan it njoggentjinde-iuwske liet ‘Heit is dêr bûten op ’t skolp’rige wiet’ hâldt it besef fan heger Frysk yn alle gefallen yn omtinken, ek sûnder dat mei de buorman te praten.

 

Reitze Jonkman en Jurjen Kingma (2016), ‘De dregens fan it Frysk yn kaart brocht.’ Yn: Philologica Frisica Anno 2014. Fryske Akademy Ljouwert: pp. 351-67.

Theun Meestringa en Anita Oosterloo (2015), referinsjeramt Frysk, Afûk Ljouwert. [sjoch ek www.grip.frl].

 

Earder ferskynd yn ‘de Moanne’ 15 (2016), 3 (juny), side 25-27.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels