In jong âld strûk

GERBRICH DE JONG – 

Deiblêd Trouw hat op 14 septimber in priisfraach útskreaun foar in nij wurd foar jonge âlde minsken. Fitale âlderen wurde nammentlik net graach ‘âld’ neamd. Trouw kaam sels mei it útstel yep (akronym foar Young Elderly Person). By dat wurd moat men fuort tinke oan ‘yup’, dat hip en modern klinkt. Mar hielendal tefreden wie de redaksje blykber noch net.

Ton den Boon ferkende yn syn taalrubryk yn Trouw wat de Nederlânske taal te bieden hat foar de groep fan young elderly persons. Neffens him wie in 65+’er fyftich jier lyn noch gewoan in oude baas, ouderling, grijze duif, grijskop, knar, grijsje, grootje, opoe, ouwetje of beppe(!). Ik freegje my ôf: wat hat it Frysk te bieden oan wurden foar ‘de sulveren generaasje’?

 

Ik freegje my ôf: wat hat it Frysk te bieden oan wurden foar ‘de sulveren generaasje’?

 

De ‘âlderein’ is it wurd om te ferwizen nei de generaasje yn syn gehiel. Mei dat wurd binne ek gearstallingen makke, lykas ‘âldereinhûs’. ‘Aldere(n)’ brûke we fral om de tsjinstelling mei ‘jongere(n)’ oan te jaan. Foar de hân leit om ek ‘âldelju’ of ‘âlden’ te brûken foar 65+’ers, mar dat kin net, want dy ferwize nei twa hiel spesifike âlderen, nammentlik it duo ‘heit en mem’. ‘Aldsjes’ kin dan wer wol, mar dat klinkt wat minder respektfol.

Fan dy net-neutrale beneamingen foar âlderen hat it Frysk noch wol in pear mear. In manlik âldsje kinst bygelyks in âld nút, âld neut, âld roek of âld strûk neame. Justjes freonliker klinkt ‘pake’ (dat ek brûkt wurde kin foar in man sûnder bernsbern). It ûngeunstichst is it miskien wol om ‘âld bok’ neamd te wurden, want dy beneaming wurdt faak yn ferbân brocht mei sprekwurdlike griene bledsjes. Foar de froulju ha we fansels ‘beppe’. Fierders kinne we weromfalle op ‘âldminske’ of ‘âldwiif’. Uniseks binne wurden as ‘skierkert’ (foar ien mei in griis prûkje hier) of ‘âld hart’.

Bysûnder oan it Frysk is datst ‘âld’ fêstplakke kinst oan it wurd dat derachteroan komt. It gedraacht him dan as ien gehiel. In âlde man kinne we ek in âldman of in âldkeardel neame en in frou in âldminske of in âldwiif. Dat lêste wurd hat in negative betsjutting krigen.

Yn it Frysk Hânwurdboek steane 27 wurden dy’t begjinne mei âld. Persys likefolle as mei ‘jong’. Net alle wurden dy’t begjinne mei ‘âld’ ferwize nei wat âlds. In ‘âldspûk’ is bygelyks in tige ûnkreas frommes, mar dy hoecht net âld te wêzen. Allyksa is in ‘âldskjirre’ in ‘lestige, fûle, nidige frou mei in skerpe mûle’, dy’t net perfoarst âld is. Gelokkich foar de froulju binne der ek sokke wurden dy’t oer manlju geane. In ‘âldrôt’ is ien dy’t tige útsliept is en in ‘âldgryk’ is tige gjirrich.

Wa’t yn de wurdboeken sjocht, fynt alderhande útdrukkingen oer âlderdom. “Hy wie earder pake as heit” kinst sizze oer ien dy’t tige âldmannich docht. Of “it giet út pake’ ponge” as we bedoele dat de oerheid betellet. Wa’t ‘de âlde dei op ‘e rêch hat’ is net mear sa fitaal as de groep âlderen dêr’t dit stikje om begong.

Foar in yep sil ek yn it Frysk wat nijs betocht wurde moatte, as we it net ha wolle oer ‘in jongere âldere’. In nij wurd kinst op fjouwer manieren meitsje, sa falt te lêzen yn De atlas van de Nederlandse taal. Opsje ien is om in totaal nij rige klanken te betinken, dêr’t de brûkers fan de taal gjin assosjaasjes by ha. In foarbyld is flomke, it nije wurd foar ‘vagina’ dat yn febrewaris fan dit jier in priisfraach wûn. Opsje 2 is om in nij wurd te meitsjen fan twa of mear wurden dy’t al besteane. In foarbyld is it wurd bringbrommer. Opsje 3 is om in wurd (foar in part) te lienen út in oare taal, sa as hufterproof. De lêste opsje is om in besteand wurd in nije of in rommere betsjutting te jaan. In foarbyld is in âldwiif dat sa’n brede betsjutting krigen hat, dat it brûkt wurde kin foar in man (‘dy fint is sa’n âldwiif!’) of sels foar in bepaald soarte koeke.

Hoe sit it no krekt mei yep? Myn analyze is dat it in kombinaasje is fan opsje 2 en 3. Meie jo oer yep of tinke jo dat it Frysk in better alternatyf hat?

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.