In jier fol keatshistoarje

NYNKE VAN DER ZEE – 

Freed 15 maart presintearre skriuwer, frisist  en sporthistoarikus Pieter Breuker it earste eksimplaar fan in kultuer-histoaryske keatskalinder oan deputearre Jannewietske de Vries. In jier fol keatshistoarje en kultuer, sekuer útsocht en ûnder wurden brocht yn tolve tema’s. De kalinder einiget mei it desimber-tema keunst en lit dat no krekt wer aktueel wêze ôfrûne moanne mei de feiling fan in sulveren keningsbal út Grins.

Berne yn it doarpke Skingen, flakby Dronryp, kaam Pieter Breuker as jonkje al betiid yn ‘e kunde mei it keatsen. In leafde dy’t him njonken in sportyf libben  ek wittenskiplike bekendheid oplevere. En ek al stiet Pieter tsjinwurdich oan de sydline fan it keatsfjild, der bliuwt noch genôch om oer te fertellen. ‘De keatswrâld is in ûnútputlike boarne fol prachtige ferhalen.  Dêr moatte wy wat mei dwaan, foardat er opdroeget.’

Plakje yn myn hert
‘As bern draafde ik yn ‘e simmer oer it keatsfjild. Of ik wie maitiids te finen yn it fjild op syk nei ljipaaien. En yn ‘e winter fansels de redens ûnder. As jonkje fûn ik dy sporten hiel fanselssprekkend. Pas doe’t ik yn Amsterdam studearre, fernuvere ik my oer it útsûnderlike karakter fan ús Fryske sporten. Benammen it keatsen krige myn ynteresse. Dêr op myn studintekeamer ûntstie it plan foar myn earste wittenskiplike  wurk oer it keatsen. ’ Oan ‘e oare kant fan ‘e tafel feroaret de kalme man tsjinoer my stadichoan wer yn de libbene dosint dy’t jierrenlang oan de Ryksuniversiteit yn Grins syn studinten Frysk  joech.

‘De rike histoarje fan ús keatsen thús oan ‘e muorre yn it hûske, tagonkliker kin net, wol?’

Pieter Breuker is in bekende namme yn de keatswrâld. Tal fan ferhalen oer de rike keatshistoarje kamen der yn de rin fan jierren út syn pinne. Syn earste boek brocht er yn 1983 út, mei de titel Keatserstaal. Jierrenlang sammele de skriuwer alle mooglike keatstermen. It einresultaat wie in yndrukwekkend neislachwurk mei mear as 1700 keatstermen en -sprekwurden. ‘Ik gong op syk nei de ferbining tusken it keatsen en de Fryske kultuer. Stadichoan ferbrede him dat ta de histoarje fan sport yn it algemien. Mar de keatssport hat altyd in apart plakje yn myn hert holden.’ It wie it startskot foar in karriêre op it mêd fan de sporthistoarje neist syn wurk oan de Ryksuniversiteit yn Grins (RUG).

Tagonklike histoarje
Hiel wat fan syn stikken waarden publisearre yn faktiidskriften, lykas it It Beaken (Fryske Akademy), Sportimonium (Katholieke Universiteit Leuven) en Leidschrift (RUU).  Mar ek foar in breed publyk woe Pieter syn leafde foar en kennis fan  it keatsen tagonklik meitsje. ‘It idee foar de keatskalinder ûntstie eins al yn 1997, doe’t it Frysk Bûsboekje foar ‘t earst in tema keas. Dat waard it keatsen en dêr haw ik de teksten foar fersoarge. Al hoe moai ek, dat wie allegearre hiel sober en koart om ‘e hoeke útfierd. Ik woe myn kultuer-histoaryske kennis fan it keatsen nochris op in tagonklike, oantreklike, mar  tagelyk ek wittenskiplik ferantwurde wize presintearje.  De rike histoarje fan ús keatsen by de minsken thús oan ‘e muorre op it hûske, tagonkliker kin net, wol?’, glimket Pieter.

It einresultaat leit foar ús op tafel. It is in wier pronkstuk wurden, wêryn’t yllustraasjes en teksten (mei ûnder mear njoggen keatsgedichten)  inoar treflik oanfulje. Op de foarkant fan de kalinder pronket in sulveren keatsbal. En dat bringt ús by it nijs fan ôfrûne wike, wêryn’t de keatshistoarje opnij ta libben kaam by de feiling fan in sulveren keatsbal út 1756. Presys 257 jier nei’t er ferkeatst waard by in partij yn Wommels telde juwelier Klaas Kramer út Frjentsjer njoggen en in heal tûzen euro foar it eksemplaar del.  ‘It is in prachtige bal, mar wy witte der eins mar in bytsje fan. Net mear as dat der 1756 en Wommels yn gravearre stiet. Wat is syn histoarje, hoe is er yn Grins telâne kommen, wa hat him wûn?’

In boarne fol ferhalen
Yn it ferline skreau Breuker foar dit blêd alris in artikel oer de histoarje fan de gouden en sulveren keningsballen. Prizen dy’t beskikber steld waarden troch kroechbazen om safolle mooglik folk nei in keatspartij te krijen. ‘Mear as 300 ballen hawwe der fan 1750 oant 1853 yn omloop west. Fan sa’n 30 ballen is op dit stuit bekend wêr’t se binne. En spitich genôch binne dat allinnich sulveren ballen. Wy binne bang dat keatsers benammen de gouden ballen destiids ferkocht hawwe wêrnei’t se omsmolten binne. Net sa gek, sa’n bal wie destiids fansels ek al aardich wat jild wurdich.’

Destiids yndie en no dus noch, sa blykt wol út it feilingsbod fan juwelier Kramer. De feiling helle sels de parse. Sa docht mar wer bliken, it keatsen bliuwt in boarne fol fan ferhalen. En gelokkich wol Pieter noch hiel wat histoarje mei ús diele. Laitsjend:  ‘Ik ha noch safolle ferhalen, dy passe lang net allegear yn ien jier.’

 


De keatskalinder is foarmjûn troch Barbara Jonkers en wurdt útjûn troch útjouwerij Wijdemeer. De kalinder kostet € 12,50 en is te krijen yn de webshop.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.