fotografy: LC/Wietze Landman

De PC-Keningsbal en syn foargongers

PIETER BREUKER – 

Op 2 augustus wurdt op It Sjûkelân om de ferneamde PC-keningsbal striden. By it keatsen draait it úteinlings om dy iene priis. It útloven fan de bal hat in lange tradysje, dy’t yn 1883 begûn. Mar de PC-keningsbal hat foargongers en de skiednis dêrfan giet miskien wol oant ein 17de, begjin 18de ieu tebek. In mei keatsgedichten taljochte kultuerhistoaryske syktocht, mei in nije fisy op de oanrin ta it keningskip by it keatsen.

 

De fiif ’âldste’ sulveren keatsballen
Fan âlds waard om sulveren en soms ek wol om gouden ballen keatst. De op dit stuit âldst bekende bal[i] is it eksimplaar dêr’t yn stiet: ‘Verkaetst tot OSTEREND in het jaer 1750’. Bysûnder is dat op de Eastereinder bal in rymke stiet:

 

Komt nuw Vrinden en Gaet met mij

Na Osterend; ’t Staet voor elk vrij,

Om daer te kaetsen en drinken,

Want voor U geld zal men U schinken

Maer sla wel toe, Eer gij staet kijken,

Dat een ander met dees bal gaet strijken.[ii]

 

De namme fan de winner liket net mear te achterheljen.[iii] Wol witte wy dat de bal yn it besit bleaun is fan syn famylje (hjoeddedei yn de persoan fan H.L. Hylarides te Zandvoort). Ek de namme fan de dichter is net oerlevere.

Trije jier letter waarden yn buordoarp Wommels mar leafst twa sulveren ballen ferkeatst. De ballen, dy’t fan it begjin ôf oan yn it besit west hawwe fan de famylje Van Beeck Kalkoen, binne yn 1998 troch Christie’s yn Amsterdam feild.[iv] It is ûnbekend wêr’t se bedarre binne. It jiers dêrop, om krekt te wêzen op fiif augustus 1754, waard yn Grou keatst om in ‘Curieuse Zilveren BAL’, beskikber steld troch ‘AARN. Hanses, Hospes in de Jonge Prins van Frieslandt tot Grouw’.[v]  De winner is hjirre likemin bekend. De bal is no yn hannen fan it Frysk Museum. Rien – inkelde kilometers eastlik fan Easterein – kaam ek yn 1754 mei in sulveren bal foar it ljocht. Dêr stiet dit rymke op:

 

Komt hier te Rien Liefhebbers al,

En toon in ’t perk u rappe leeden

Die overwint, dees silv’ren bal,

Sal hem een kransje kleden.

 

De lêste rigel wol sokssawat sizze as: (de winner) sil derfoar soargje dat de priis gesellich beklonken en bedronken wurdt. De tekst ferwiist nei it âlde gebrûk dat de winner traktearje moast. Soks koste fansels jild, dat om dêr fanôf te wêzen, wie al ridlik gau soms yn advertinsjes te lêzen: ‘vrij te vereeren’.[vi] Yn de bal stiet ek noch gravearre: H 1754 J. Mooglik giet it om de inisjalen fan de fierder ûnbekende winner. De Rienster bal is yn 1989 troch Cristie’s Amsterdam feild. Hy is om 1991 hinne troch de Ottema Kingma Stichting opkocht en doe yn brûklien ôfstien oan it Frysk Museum.[vii] De dichter fan it kwatryn yn de bal is wer ûnbekend. De teksten yn de ballen sille yn alle gefal yn opdracht fan de persoan dy’t se útloofde, skreaun wêze, dat wol sizze de kroechbaas. Oft dy se ek sels makke? Miskien hied er dêr syn mantsje foar.[viii]

 

Unwisse datearring âldste sulveren keatsbal
It wie yn de 18de en ek noch yn it earste kwart fan de 19de ieu hiel gewoan om sulveren ballen ferkeatse te litten. It lêste (reguliere) eksimplaar yn dy tradysje datearret fan 1853. Der binne oer de perioade 1750-1853 op syn minst inkelde hûnderten ferkeatst.[ix] Hjoeddedei is fan net mear as inkelde tsientallen bekend dat se bewarre bleaun binne. In part dêrfan is yn it besit fan musea, lykas it Keatsmuseum yn Frjentsjer (10 eks.), it Frysk Museum yn Ljouwert (7, mooglik 8 eks.) en bygelyks Museum Flehite yn Amersfoort  en it Nederlands Openlucht Museum yn Arnhim (beide 1 eks.). Oaren binne, sa’t wy krekt sjoen hawwe, ûnder partikulieren. Fierder hawwe der yn alle gefal 26 gouden ballen west.[x] Oars as by de sulveren ballen liket dêr net ien fan bewarre. Se sille troch de winners, ornaris hiel gewoane jonges, fanwegen har (goud)wearde ferkocht wêze om troch de nije eigners smolten te wurden. Der is ek in noch treuriger senario mooglik. De winner moast, sa’t wy aanst sjen sille, nei ôfrin traktearje. It soe my net fernuverje dat soks geregeld yn de foarm fan de krekt wûne priis dien is. De kastlein sloech sa twa miggen yn ien klap: it gelach wie betelle en hy hie foar it oare jier alfêst in (goedkeap krigen?) bal. Ik slút oars net hielendal út dat der nochris in gouden bal foar ’t ljocht komt. It soe yn dat gefal om in ‘fergetten’ eksimplaar gean moatte. Dat is dan miskien minder gau yn Fryslân as om utens te ferwachtsjen, dêr’t it kultuerhistoarysk belang en de (samlers)wearde fan sa’n bal ûnder partikulieren net algemien bekend wêze sille. Dy is hjoeddedei foar in sulveren bal al gau in fjouwertûzen euro. [xi]

It soe nijsgjirrich wêze om te witten wannear’t de earste sulveren bal yn Fryslân ferkeatst is. Mei de kennis fan no kinne wy dêr allinnich mar oer spekulearje. Alderearst soe dúdlik wurde moatte wannear’t it wedstriidkeatsen yn Fryslân begûn is. Ik ha in pear jier lyn beriddenearre dat it (folks)keatsen by ús foar ’t neist suver hast fan de iene op de oare dei ynfierd is, troch Hollânske en Brabânske polderjonges, dy’t yn 1505 It Bilt bediken.[xii]  It is, mei op grûn fan tsjûgenissen út oare keatshoeken yn Nederlân en dêrbûten, ek oannimlik dat der yn Fryslân al gau om in troch de spilers sels byinoar brochte ynset  keatst wêze moat[xiii], mar wannear’t de priis de foarm krych fan in troch tredden beskikber stelde sulveren bal, is ûnbekend. Mooglik is it gebrûk ein 17de, begjin 18de ieu ûntstien. By gebrek oan konkrete ynformaasje sille yndirekte oanwizingen ús miskien fierder helpe kinne. Sa soe neier ûndersyk nei wedstriden en prizen by oare folksfermaken, ek bûten Fryslân en sels Nederlân, miskien mear dúdlikheid jaan.[xiv] Tichteby hûs tink ik dan alderearst oan iisfermaak. As oantinken oan tochten op redens of tochten mei hynder en belslide, waarden faak (sulveren) foarwerpen kocht. It âldste Fryske objekt, in mosterpotsje (mei in gedicht) datearret noch ’t de 17de ieu.[xv] De oergong fan it keapjen by winterwille nei it krijen by it keatsen liket my net al te grut.

Wat it keatsen oangiet, is der bûten Nederlân oars al in inkelde 15de– en 16de-ieuske fermelding foar Frankryk resp. Flaanderen.[xvi] Hoe’t  it gebrûk fan de sulveren ballen by ús ek krekt ûntstien wêze mei, it liket wol wis dat de sûnt 1752 ferskinende Leeuwarder Courant bydroegen hat ta it ferkeatse litten fan sokke prizen. De organisearjende kastleins hienen no ommers in moai middel om dêr bredere bekendheid oan te jaan. Dat luts altiten toarstige keatsers, omstanners en kroechrinners, sadat de organisators in goeie deihier hienen en mei in yn alle gefal yn ús eagen knappe priis foar ’t ljocht komme koenen.[xvii] Waarden yn de 18de ieu foaral (mar net allinnich) ballen útloofd, fanôf de earste helte fan de 19de ieu krigen oare sulveren foarwerpen as tabaksdoazen, leppels en  brandewynskoppen de oerhân, mar der kamen fierder bygelyks ek gouden munten as prizen. Yn dy tiid waard it gebrûklik om alle oerwinners in priis te jaan.[xviii]

Keningspriis avant la lettre?
It útloven fan mar ien priis is amper oer skreaun. Ds. Kalma tinkt dêrby, sij it foarsichtich, oan ‘hwat letter de ôfdielingsmedalje waerd, de earepriis foar it plak, dat de priis wint.’ Los fan de hjirnei te neamen arguminten, liket my dat op himsels net sa logysk ta. Hoewol’t by keatswedstriden oant fier yn de 19de ieu de partoermaten faak út itselde plak kamen omdat it eachweid fan de spilers ienfâldichwei net fierder rikte en de doarpseare in grutte rol spile, wie in doarpspriis feitlik sjoen ûnmooglik: dat soe de oanwêzigens fan sokssawat as in klup  ferûnderstelle.[xix] De earste ferienigingen ûntstienen lykwols pas nei it oprjochtsjen yn 1853 fan de PC (Furdgum: 1870/1879; Boalsert: 1885). Kalma is him oars ek sels fan dat beswier bewust.[xx] It wol my earder oan dat de âlde sulveren (en gouden) ballen besjoen wurde moatte as in persoanlike priis. Se soenen dêrmei in soartgelikense funksje hân hawwe as de lettere keningspriis. Ik jou hiel koart myn arguminten foar dy hypoteze. It is dêrby goed om te betinken dat it oantal spilers wolris wikselje kinnen hat: it (lang) ûntbrekken fan in fêst oantal spilers kin ek wize yn de rjochting fan in oanfierder mei helpers. Wy witte op grûn fan de advertinsjes yn de Leeuwarder Courant dat yn de perioade 1752 oant lit ús sizze 1880 yn it earstoan gauris mei twa, letter foaral mei trije man yn it partoer spile waard, mar hoe’t it dêrfoar yn Fryslân wie, is ûnbekend. De âldst oerlevere, min ofte mear ynformative beskriuwing fan it spul by ús is pas fan 1853, in hiel libben gedicht fan Harmen Sytstra en dêryn telt in partoer trije spilers.[xxi] In beskriuwing út 1773 fan it spul yn Súd-Hollân, dêr’t ús keatsen oan besibbe wie, meldt ek in fariabel oantal spilers: seis, fjouwer of trije keatsers (‘dat het sterkste Spel is’) yn in partoer.[xxii]

Dan no de arguminten foar myn hypoteze. Ik wiis alderearst op twa bysûnderheden fan it Fryske spul. It is fansels opmerklik dat der foar de winners mar ien priis beskikber wie. It bysûndere dêrfan wurdt noch fersterke troch it yn it earstoan ûntbrekken fan in priis foar de premywinnende ferliezers.[xxiii]  In oar yntern argumint foar myn hypoteze soenen de wedstriden fan man tsjin man wêze kinne, lykas noch yn 1833 en 1835 te Bitgum.[xxiv]  Meie wy dy sjen as in útfloeisel fan it eardere keatsen?[xxv]

Om utens binne sterke oanwizingen te finen dat it fan âlds by in keatswedstriid (lykas by frijwol alle âlde folksfermaken) yn wêzen om in striid fan man tsjin man gong. Ik neam yn dit ferbân twa oare gebieten mei oan Fryslân besibbe keatsfoarmen. It earste is it Noard-Hollânske Onderdyk/Wervershoof, dat hjoeddedei neist Fryslân it iennichste reliktgebiet is fan it oant ± 1700 algemien yn Nederlân beoefene keatsen.[xxvi] Der melden har sneins nei de mis in wikseljend oantal keatsers, gauris in flinke ploech. Dy waard yn groepen fan tsien lotte. Uteinlings bleau der noch ien tsiental oer. Dan begûn it pas ‘echt’. De lêste tsien waarden yn twa partoeren fan fiif ferdield en de winners gongen as yndividu fierder en moasten ûnder har fiven útmeitsje wa’t de sterkste wie. Der wie oan de ein mar ien earstepriiswinner. Dy gong fan saken hat oant yn de earste helte fan de tweintichste ieu jilden.[xxvii]

In oare fariant is dat in partoer út in oanfierder en syn helpers bestie. Sa is it lang op Gotlân ferrûn, dêr’t it keatsen ieuwen lyn troch skippers út de Frysk-Nederlânske kontreien hinne brocht is.[xxviii] De oanfierder en tagelyk fêste útslagger hiet (en hyt) dêr pärkkarl, ‘perkman’/’perkkeardel’ dus. Ek by de Gotlânske fariant telde úteinlings allinnich mar dy iene oerwinner. Yn Noard-Hollân is ek noch altiten mar ien fêste útslagger, dy’t besjoen wurde moat as de sterke man. It soe my net fernuverje dat wy yn Fryslân wat soartgelikens hân hawwe. It is goed om dêrby te betinken dat it spul sawol yn Noard-Hollân as op Gotlân noch altiten op de útslach rjochte is: wat fierder, wat better en wat mear slaggen oer en wer, wat moaier. Sa hat it by ús ek oant ± 1850-1875 west: doe waard de opslach troch in nije technyk (it saneamde bûtsen) en in lytsere bal dominant.[xxix]

De PC-Bal (1883)
De bysûndere prestaasje fan dy iene keatser kaam op in stuit ek yn de taal ta utering. Wie de term ‘koning’ by oare folksfermaken as it oan de skutterijen ferbûne pappegaaisjitten soms al ieuwenâld, ek yn Frjentsjer[xxx], by it keatsen rekke dy titel relatyf let yn gebrûk. De lykas sein yn 1853 oprjochte PC-kommisje stelde by har 30-jierrich bestean de (ekstra) keningspriis yn foar de bêste spiler fan it winnend partoer fan trije man. Dy priis bestie en bestiet noch altiten út in kostbere, bûtengewoan ryk bewurke sulveren bal, in royale slach grutter as syn foargongers. Dy waard oanbean troch dé Fryske pommerant, mr. Binnert Philippus baron van Harinxma thoe Slooten, doedestiids kommissaris fan de Kening yn Fryslân.[xxxi] Men soe dus stelle kinne dat de PC yn 1883 in âld gebrûk ta nij libben brocht en as ekstra elemint dêr de keningstitel oan ferbûn. Oars as hast alle foargongers ek, waard de PC-bal in wikselpriis. De beide âldere wikselprizen komme yn it paragraafke hjirnei oan de oarder. De PC-bal hat ek neifolgers krigen: der binne in stikmannich jongere sulveren keatsballen yn omloop, hast allegearre as wikselpriis.[xxxii]

Nij is ek dat yn de PC-bal in Frysk rymke gravearre waard.[xxxiii] It tsjûget – likemin as de hjirfoar oanhelle teksten – fan grutte stilistyske fermogens[xxxiv], mar de makker, Jacobus van Loon, tichelwurkeigner, deputearre en mei-oprjochter yn 1844 fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse, wie dan ek gjin poëet:

 

Op ’t Sté fen ’t âlde Sjaerdema

Hat Fryslâns Haed van Harinxma

Oan Freantsjers warbre keatsersboun

My ta in earpriis jown,

For hwa, as Kening fen de dei

My yn de kampstriid woun.-

Sont gean ‘k er elts jier roun,

Sa lang net ’t fryske aerd stjert wei

En Freantsjer hâldt syn keatserdei.[xxxv]

 

No hie Van Loon (*1821, Sint Anne) in grutte konkurrint foar it PC-gedicht. It gong om de yn 1883 al lang ferneamde skriuwer en folkskundige Waling Dykstra, lykas him berne op It Bilt (Froubuorren), ek yn 1821. Dykstra syn gedicht waard lykwols ôfwiisd troch de kommisje. Neffens eigen sizzen hied er as ‘nietig man’ gjin kâns tsjin Van Loon. Dat soe hiel skoan kinne: dy siet as deputearre fansels wol hiel ticht by de kommissaris, mar Dykstra syn ynstjoering wie oars ek net ûnferjitlik, ynhâldlik noch technysk:

 

Hjir, fryske keatsers, ha jim hwet,

Dat for in keatser wearde het,

Allinne om de eare en oars om neat,

Mar de eare is ek onbidich great.

Dêrom, hwa keatser is en Fries

Moat hjit wêze op dizze earepriis.[xxxvi]

 

 

Bildtske ballen
Yn de keatserij jildt it winnen fan de PC-bal as de heechste eare. Foaral dêrtroch is der ek gjin bal dy’t sa’n grutte materiële wearde hat. By alle omtinken foar de PC en de keningspriis, is de sulveren bal dêr’t it langst om keatst wurdt, suver wat yn it ferjittelboek bedarre: de Ouwe Griep fan Froubuorren. Yn 1794 stelden kroechbaas Hindrik Folkerts Damsma en in stikmannich gernieren út Bitgum in sulveren bal beskikber foar in keatswedstriid op 30 augustus fan dat jier by har op it doarp. Op dy bal stie ûnder mear in gernier mei syn foarnaamste stik ark, in gripe. Oars as ferwachte bleau de bal net yn eigen doarp, mar waard er troch Froubuorsters wûn. Dat wie de doarpseare tenei! De Bitgumers wienen kûgelsk, dat de winners moasten har ferskûlje. Pas yn de neare nacht slagge it har om thús te kommen. Sûnt 1796 wurdt de Ouwe Griep as wikselpriis ûnder Froubuorsters ferkeatst en mei er it doarp net mear út. Neffens Waling Dykstra hat oars de Ouwe Griep de kommissaris op it idee brocht fan de PC-keningsbal.[xxxvii] It is mooglik, mar der waard sûnt 1877 noch om in oare sulveren bal (ek in wikselpriis) op It Bilt keatst, yn it earstoan allinnich ûnder Nijedyksters, letter mochten ek Aldedyksters meidwaan. It giet om de bal dy’t beskikber steld waard ta gelegenheid fan de ferhurding fan de Nijebiltdyk tusken Nijebiltsyl en Swarte Hoanne yn 1877.[xxxviii] Mar om noch eefkes op de Ouwe Griep werom te kommen, Waling Dykstra hie al yn 1863 in (better) gedicht op dý bal makke. Ik sitearje de earste trije fan de mei-inoar trettjin strofen:

 

Aleertiids doe d’eerappels wakker skoan gouwen

En dorpen floreerden deur ’t eerappel bouwen,

Speulde ok ’t dorp Beetgum in ’t geldwinnen met;

Mar doch, op ‘e kant worde ’t geld niet feul set.

Gernieren die stakken de kop út ’e feren,

En achtten hur somtiids hest hoger as heren;

Sy worden frij weeld’rig, elk deen wat-y kon,

Om ’t weer te ferteren soa hard at-y ’t won.

Op Beetgum-met most d’r niks an ontbreke!

Om fleur bij te setten, âns kon men niet spreke.

Ok kaatse te laten kam dus hur in ’t hoofd:

’n Sulveren bâl wort de winner beloofd. [xxxix]

 

My is yn Fryslân net in wikselpriis – ek net by oare tradisjonele sporten – bekend dêr’t al sa lang om striden wurdt. It liket ûntinkber dat de Ouwe Griep ea it lot fan de hannel ûndergean moat. Prizen as dy fan Froubuorren en fan de PC binne fansels net te ferfangen rykdommen op it mêd fan it kulturele erfgoed. De PC-kening krijt op 2 augustus dan ek net de bal út 1883 mei, mar in replika. De orizjinele bal wurdt yn de klûs fan de Friesland Bank te Frjentsjer bewarre. Moai dat it sa kin, spitich dat it sa moat.

 

Literatuer
Anonym. ‘Een zilveren kaatsbal’. Yn: Fries Museumkrant, jrg. 2 (1991), nû. 2, p. 9.
Arnolli, Gieneke. ‘De gouden zweep’. Yn: Fryslân, jrg. 2 (1996), nû. 4, pp. 12-14.
Bies, Karen. ‘Sulveren keatsbal bliuwt yn Fryslân’. Yn: de Moanne, jrg. 4 (2005), nû. 9, p. 3.
Bondt, Cees de. ‘Heeft yemant lust met bal, of met reket te spelen …?’’ Tennis in Nederland tussen 1500 en 1800. Hilversum, 1993.
Breuker, Pieter. Boppe!; in blomlêzing út de Fryske keatsliteratuer. Drachten/Ljouwert, 1987.
Breuker, Pieter. ‘Voorlopers van het Friese kaatsen’. Yn: Pieter Breuker (einred.). Kaatsen; lange traditie, levende sport. Bij het eeuwfeest (1897-1997) van de Koninklijke Nederlandse Kaatsbond (KNKB). Leeuwarden/Ljouwert, 1997, pp. 53-64.
Breuker, Pieter. Met de Friese slag. [Monument van de Maand juni 1997]. Leeuwarden, 1997.
Breuker, Pieter. Oan de hang; in samling skôgingen, artikels en lêzingen oer keatsen, keatshistoarje, keunst en kultuer. Dronryp, 1998. Dêrút: ‘Keatsen op Gotlân’, pp. 60-64; ‘Boerenkaatsen’ in Zuid-Holland: een verdwenen cultuurgoed’, pp. 66-82; ‘Waling Dykstra en de PC-bal’, pp. 171-172.
Breuker, Pieter en Jan Pieter Janzen (einred.). De fiifde woansdei; 150 jier PC (1853-2003). Franeker, 2003. Dêrút: ‘De PC: oardel ieu, mar fitaler as ea’, pp. 50-83; Breuker, Pieter. ‘De prizen: striid om jild en eare’, pp. 148-158.
Breuker, Pieter. ‘Fiif ieuwen keatsen yn Fryslân’. Yn: Fryslân, jrg. 10 (2004), nû. 1, pp. 3-5.
Brouwer, Jelle H. (haadred.). Encyclopedie van Friesland. Amsterdam/Brussel, 1958.
Brouwer, Jelle H. Keatsen op Gotlân. S.p., 1972.
Buwalda, Sytse H. (red.). ’n Rare koridon en ândere Bildtse ferhalen en gedichten fan Waling Dykstra. Sint Anne, 1983.
Christie’s Amsterdam. Fine Dutch and Foreign Silver, Judaica, Russian Works of Art and ‘Objects of Vertu’. S.p. [Amsterdam], 1998.
Desiderius Eramus. Gesprekken Colloquia. Vertaald en ingeleid door Jeanine de Landtsheer. Amsterdam, 2001.
Dykstra, Waling. ‘By ’t priis-oerlangjen op in keatspartij’. Yn: Friesch Volksblad, 20 maaie 1877.
Dykstra, Waling. Uit Friesland’s Volksleven van vroeger en later. Eerste deel. Leeuwarden, 1895. [werprintinge: Ljouwert/Leeuwarden, 1996].
Dokumintaasje Keatsmuseum Frjentsjer (ûnder mear map ‘Zilveren Ballen’).
Francq van Berkhey, Johannes le. Natuurlyke Historie van Holland. Derde deel, derde stuk. Amsterdam, 1773.
Friesch Museum Leeuwarden. Tentoonstelling De Friesche IJssport in de loop der tijden. 23 Dec 1938 – 10 Jan. 1939. S.p., s.j.
Gillmeister, Heiner. Tennis; a cultural history. New York, 1997.
Haan, Josse de (einred.). Tusken Gripe & Telegraaf; histoaryske kronyk oer it keatsen yn Bitgum en Bitgummole fan 1895-1995. S.p. [Boalsert], s.j. [1995].
Halbertsma, Herre. Sneeker Hardzeildag; een belangrijk hoofdstuk uit het Friese volksleven. S.p., s.j. [1965].
Hengel, S.J.H. van e.o. Colf Kolf Golf; van middeleeuws volksspel tot moderne sport. Zutphen, 1982.
Hiddema, Wâtze. ‘Kaatsen als 19de-eeuws volksvermaak’. Yn: Pieter Breuker (einred.). Kaatsen; lange traditie, levende sport. Bij het eeuwfeest (1897-1997) van de Koninklijke Nederlandse Kaatsbond (KNKB). Leeuwarden/Ljouwert, 1997, pp. 47-52.
Hiemstra, Jan. Bûkelje en Boppeslaan; 100 jier keatsen yn Easterein. S.p. [Easterein], 2004.
Huizenga, Tjalling B. Yn ‘e bân fan Penjum.  Kaatsvereniging Jan Reitsma Pingjum 1896-1996. S.p., s.j. [1996].
Yntema, Doekle. ‘De prijzen: strijd om eer of geld’. Yn: Pieter Breuker (einred.). Kaatsen; lange traditie, levende sport. Bij het eeuwfeest (1897-1997) van de Koninklijke Nederlandse Kaatsbond (KNKB). Leeuwarden/Ljouwert, 1997, pp. 185-191.
Jong, Anne de. ‘West-Fries kaatsen in 2005’. Yn: De Keatsfreon, jrg. 15 (2006), pp 44-47.
Kalma, Jaap J. Kaatsen in Friesland; het spel met de kleine bal door de eeuwen heen. Franeker, 1972.
Kalma, Jaap J. Koaning-Keatser Jan de Earste; it keatserslibben fan Jan Reitsma (1869-1959). Ljouwert, 1972.
Leeuwarder Courant, 23 augustus 1794.
Lutgendorff, Jan G. Kaatsen in Makkum; 100 jaar kaatsvereniging ‘Makkum’ 1892-1992. Makkum, 1992.
Morgan, Roger. Tennis; the Development of the European Ball Game. Oxford, 1995.
Roetert Frederikse, Jacobus A. Dat Kaetspel ghemoralizeert. Leiden, 1915.
Sydow, Carl-Otto von. Carl Linnæi […]. Öländska och Gotländska resa […]. Stockholm, 1991.
Sylstra, Doeke [= Doeke Zijlstra]. ‘It keatsen fan man tsjin man’. Yn: Wis-In, jrg. 3 (1986), nû. 3, p. 29.
S[uringar], H[ugo]. ‘Friesche paarden’. Yn: Mr. A.J. Andreae e.a. Friesland en de Friezen; gids voor reizenden. Leeuwarden, 1877, pp. 93-101.
Swaluw, Gidus van de. ‘Tot nut ende vermaeck [-Kaatsclub-West Friesland]’. Yn: Werkgroep Oud Wervershoof. ‘De Skriemer’, jaarboek nr. 3 (1999), pp. 51-59.
Telting, Isaac. ‘De Statuten en Privilegiën van het Schuttersgild te Franeker’. Yn: De Vrije Fries, jrg. XI (1868), pp. 203-236.
Vriesch Almanak, of Tijdwijzer, voor het Schrikkeljaar 1824.
[Zijlstra, Doeke]. ‘Van de Museumcommissie; Onze jacht op onderduikers’. Yn: Bondsorgaan Koninklijke Nederlandse Kaatsbond, jrg. 10 (1982), nû 2, pp. 5-9.
Z[ijlstra], D[oeke]. ‘Het fiasco van een zilveren bal …..’ Yn: Bondsorgaan Koninklijke Nederlandse kaatsbond, jrg. 10 (1982), nû. 17, pp. 10-12.

 

 


[i] Ik tankje drs. Marlies Stoter, konservator sulver fan it Frysk Museum, en de meiwurkers fan it Keatsmuseum hertlik foar har grutte reewilligens om myn fragen te beantwurdzjen. Oant no ta waard oannommen dat de âldst bekende bal op 1725-1750 datearre wurde koe. It giet om in sulveren eksimplaar dat yn 1926 troch it Frysk Museum oankocht is (recordnûmer 87609). Marlies Stoter datearret de bal op grûn fan de fersieringen lykwols mei wissichheid op ein 18de ieu. De âldste bal is fansels in begearlik besit. Sa soe neffens Machiel Dijkstra fan feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts de troch him op 24 oktober 2005 ferkochte sulveren keatsbal fan 1770 it âldste eksimplaar wêze. Sjoch: Karen Bies. ‘Sulveren keatsbal bliuwt yn Fryslân’. Yn: de Moanne, jrg. 4 (2005), nû. 9, p. 3.

[ii] Jan Hiemstra. Bûkelje en Boppeslaan; 100 jier keatsen yn Easterein. S.p. [Easterein], 2004, pp. 10-11.

[iii] Pas sûnt de earste PC-wedstriid (1854) wurdt it wenst om de winners bekend te meitsjen. Ut de tiid dêrfoar binne in hiel inkelde kear nammen oerlevere, mei as âldste foarbyld dy fan de winners yn 1794 fan de Ouwe Griep, al sirkulearje dêrby ferskillende nammen: Hindrik Feikes, Taeke Johannes en Krelis Johannes de Boer, mar ek neamd wurde wol Bauke, in broer fan Krelis, en Feike Johannes Dokter (sjoch: Josse de Haan (einred.). Tusken Gripe & Telegraaf; histoaryske kronyk oer it keatsen yn Bitgum en Bitgummole fan 1895-1995. S.p. [Boalsert], s.j. [1995], p. 12.

[iv] Christie’s Amsterdam. Fine Dutch and Foreign Silver, Judaica, Russian Works of Art and ‘Objects of Vertu’. S.p. [Amsterdam], 1998, p. 89.

[v]  De bal dêr’t it om gean moat, is yn gravearre: ‘Grouw den 27 Julij 1754’. Is de wedstriid dy deis oergongen (bygelyks fanwegen it waar of te min belangstelling) en hat de kroechbaas troch in advertinsje ekstra keatsers en publyk oproppe wollen? Hoe dan ek, mei syn oankundiging op 3 augustus 1754 yn de Leeuwarder Courant fan de wedstriid twa dagen letter hat AARN Hanses de eare om as earste foar it keatsen advertearre te hawwen.

[vi] Sa bygelyks al yn 1820 yn Makkum. Sjoch: Jan G. Lutgendorff. Kaatsen in Makkum; 100 jaar kaatsvereniging ‘Makkum’ 1892-1992. Makkum, 1992, p. 5.

[vii] Sjoch: ‘Een zilveren kaatsbal’. Yn: Fries Museumkrant, jrg. 2 (1991), nû. 2, p. 9.

[viii] Mei fan de âldste ynskripsjes op it mêd fan sport binne te finen yn foarwerpen dy’t tsjinnen as oantinken oan in stringe winter of in (bysûndere) tocht mei de belslide of op redens. Dy teksten lykje yn guon gefallen (út namme) fan de organisator te kommen, mar soms koe de  besitter sels wol oan it rymjen west hawwe, alteast dy suggestje wurdt jûn. It âldste objekt dat it Frysk Museum neffens Marlies Stoter yn dit ferbân besit, is in Haarlimsk mosterpotsje út 1684. It befettet dizze tekst: ‘Den 30 Jannuarius 1684 is dese Mosterpot met peerd en sleed gehaalt van Amsterdam’ en dan folget dit gedicht: ‘Het groene schuimend pekelplas: Onlangs gesplits door snelle hielen/ is nu door kil en kou als glas: Onbruickbaar voor neptuinis wielen/ Maar wert bebeent van ’t moedigh ros; en ’t snorren van geswinde sleden/ Dat maeckt mij van den Amstel los: en dienstbaar aan de vriese seden.’ Wol de ûnbekende dichter oanjaan dat it potsje better yn Fryske as yn Amsterdamske hannen wêze kin? Ek de winter fan 1740 wie string. Doe stuts A.R. mei hynder en belslide de Iselmar. As bewiis dêrfan kocht er in sulveren leppel  yn Inkhuzen en liet dêryn gravearje: ‘1740 Den 26 Feb; Doe ik na Enkhuijsen Ree over Zee met mijn eigen Paard en Slee’.  Sjoch foar it lêste foarbyld en gâns oaren: Friesch Museum Leeuwarden. Tentoonstelling De Friesche IJssport in de loop der tijden. 23 Dec 1938 – 10 Jan. 1939. S.p., s.j. [it foarbyld stiet op p. 8].

[ix] It Keatsmuseum te Frjentsjer jout yn de map ‘Zilveren ballen’ in oersjoch fan mear as 300 ballen, ynklusyf 26 gouden eksimplaren (sjoch ek: [Doeke Zijlstra]. ‘Van de Museumcommissie; Onze jacht op onderduikers’. Yn: Bondsorgaan Koninklijke Nederlandse Kaatsbond, jrg. 10 (1982), nû. 2,  pp. 5-9). Dy ynventarisaasje berêst op ballen dêr’t foar advertearre is, mar dat sil net foar elk eksimplaar it gefal west ha.

[x] Ien fan de earste gouden ballen waard op 18 maaie 1772 yn Pijum ferkeatst. Hy wie beskikber steld troch kastlein Pieter Jacobs (Tjalling B. Huizenga. Yn ‘e bân fan Penjum.  Kaatsvereniging Jan Reitsma Pingjum 1896-1996. S.p., s.j. [1996], p. 8. Neffens keatsleafhawwer Jan D. van der Mei soe al yn 1752 in gouden bal te Pijum ferkeatst wêze, mar dat liket in fersin te wêzen. Sjoch ek Huizenga, oanhelle wurk p. 9.

[xi] It troch feilinghûs Ald Fryslân ferkochte eksimplaar (sjoch noat 1) hat 4.300 euro opbrocht (eksklusyf feilingkosten). In tsien, fyftjin jier lyn koenen sifers noch yn gûnen neamd wurde. Oars sein: der is in merk foar sulveren keatsballen.

[xii] Pieter Breuker. ‘Fiif ieuwen keatsen yn Fryslân’. Yn: Fryslân, jrg. 10 (2004), nû. 1, pp. 3-5.

[xiii] Yn de âldst bekende en min ofte mear wiidweidige beskriuwing fan it keatsspul, Dat Kaetspel ghemoralizeert (1431), fan Jan van den Berghe, wurdt sein dat de spilers ‘ghelt of pant’ (ûnderpân, kostber stik guod) ynlizze (sjoch: Jacobus A. Roetert Frederikse. Dat Kaetspel ghemoralizeert. Leiden, 1915, pp. 18-19). No is dy tekst wol skreaun troch ien út Brugge, mar der is gjin reden om oan te nimmen dat it by ús oars om en ta gongen is. Ek yn Erasmus syn beskriuwing út 1522 fan it keatsspul  giet it om jild (Desiderius Eramus. Gesprekken Colloquia. Vertaald en ingeleid door Jeanine de Landtsheer. Amsterdam, 2001, pp. 36-37). Der waard oars ek wol sûnder ynset spile, om de ear, ‘omme lof’. It tennisjen hat dêr de term ‘love’ oan te tankjen (sjoch byg: Cees de Bondt. ‘Heeft yemant lust met bal, of met reket te spelen …?’’ Tennis in Nederland tussen 1500 en 1800. Hilversum, 1993, p. 10).

[xiv] It Frysk Museum hat trije sulveren kolfballen, twa út 1752 en de oare út 1758. Fan it yn de 18de ieu yn grutte parten fan Nederlân tige populêre kolvjen, in spul besibbe oan de moderne golfsport, is fierder bekend dat de kastleins yn alle gefal al yn de twadde helte fan de 18de ieu ‘de Liefhebbers jaarlyks laaten speelen, om eene net gemaakte Zilveren Kolf, gehegt aan een fraaien Stok, met een Fluweel Goud of Zilver geborduurd Handvatsel’. Sjoch: Johannes le Francq van Berkhey. Natuurlyke Historie van Holland. Derde deel, derde stuk. Amsterdam, 1773, pp. 1396-1397. De trije kolfballen yn it Frysk Museum binne stik foar stik moaier en riker bewurke as de sulveren keatsballen. Dat soe komme kinne omdat it kolvjen, oars as it keatsen sûnt ± 1700, foaral in spultsje foar de hegerein wie. Sjoch dêrfoar: Jaap J. Kalma. Kaatsen in Friesland; het spel met de kleine bal door de eeuwen heen. Franeker, 1972, p. 66 en foar in histoarysk oersjoch fan de sport: S.J.H. van Hengel e.o. Colf Kolf Golf; van middeleeuws volksspel tot moderne sport. Zutphen, 1982.

[xv] Sjoch noat 8.

[xvi] Roger Morgan neamt foar Sens (Champagnestreek) it jier 1400 en foar Deinze (Flaanderen) 1555. Wy moatte by dizze iere datearringen betinke dat it keatsen sa’t wy dat kenne ein 12de ieu yn Noard-Frankryk ûntstien is en fia it hjoeddeiske België ús berikt hat (sjoch Heiner Gillmeister. Tennis; a cultural history. New York, 1997, pp. 1-34). Sjoch foar de iere fermeldingen: Roger Morgan. Tennis; the Development of the European Ball Game. Oxford, 1995, p. 214.

[xvii] De doetiidske wearde fan de sulveren ballen is noch noait ûndersocht, it bliuwt by in anekdoatyske meidieling. Sa hellet Kalma in foarbyld fan in sulveren bal ‘ter waarde van 2 dukaten’ oan dy’t yn 1801 yn Holwert ferkeatst is.  Sjoch: Jaap J. Kalma, oanhelle wurk noat 14, p. 81. In oar foarbyld: yn de jierren tritich fan de 19de ieu waard in sulveren bal te Wier ferkeatst, mei in wearde fan f 1,80 (sjoch map ‘Zilveren Ballen’, Keatsmuseum). Dat in sulveren bal op in stuit net mear as bysûnder sjoen waard, soe men opmeitsje kinne út it beskikber stellen fan gouden ballen en ek út it gebrûk sûnt it begjin fan de 19de ieu om soms in sulveren bal as preemje en in gouden bal as priis te jaan (byg. te Frjentsjer, Berltsum, Wommels en Dronryp yn 1801). Foar mear wissichheid oer de wearde is neier ûndersyk nedich, mar it soe wolris wêze kinne dat de sulveren ballen alderearst as in earepriis sjoen wurde moatte.

[xviii]  Sjoch: Doekle Yntema. ‘De prijzen: strijd om eer of geld’. Yn: Pieter Breuker (einred.). Kaatsen; lange traditie, levende sport. Bij het eeuwfeest (1897-1997) van de Koninklijke Nederlandse Kaatsbond (KNKB). Leeuwarden/Ljouwert, 1997, pp. 185-186.

[xix] As foarrinders fan de ferienigingen moatte de 19de-ieuske ‘Directies’ sjoen wurde, dy’t alderhanne folksfermaken organisearren. De dêrút ûntstiene VVV’s dienen dat ek, mar tsjinnen dêrneist faak ek as sosiëteit. Sjoch; Wâtze Hiddema. ‘Kaatsen als 19de-eeuws volksvermaak’. Yn: Pieter Breuker, oanhelle wurk noat 18, pp. 47-52.

[xx] Sjoch: Jaap J. Kalma. Koaning-Keatser Jan de Earste; it keatserslibben fan Jan Reitsma (1869-1959). Ljouwert, 1972, pp. 7-8.

[xxi] Yn dat gedicht (‘Keatse’) komme seis spilers foar. It âldste ikonografyske objekt dat moai wis oan it keatsen yn Fryslân ferbûn wurde kin, is in yn it Frysk Museum bewarre skilderij út ± 1691 fan Emanuel Maurant.  Dêrop steane fiif figueren sintraal, mei in hantsjefol taskôgers fierderôf. It soe wêze kinne dat it by dy fiif giet om twa kear twa keatsers en in soarte fan tasjochhâlder/skiedsrjochter, dy’t ek letterlik wat fansiden stiet. De op ien nei âldste (bewarre bleaune) ôfbylding is te finen yn  de Vriesch Almanak, of Tijdwijzer, voor het Schrikkeljaar 1824,  ek mei twa man yn it partoer. Op 17de-ieuske tegels, binne ien of twa keatsers ôfbylde, mar it giet dêrby om in stilearre foarstelling fan it spul. Sjoch foar it gedicht en de ôfbylding út 1824: Pieter Breuker. Boppe!; in blomlêzing út de Fryske keatsliteratuer. Drachten/Ljouwert, 1987, pp. 23-25, [6] en foar it skilderij út ± 1691: Pieter Breuker. Met de Friese slag. [Monument van de Maand juni 1997]. Leeuwarden, 1997, p. 64.

[xxii]  Sjoch Le Francq van Berkhey, oanhelle wurk noat 14, pp. 1399-1400. De (dúdlike) relaasje tusken it keatsen yn Súd-Hollân en yn Fryslân komt ta utering yn de spulregels en yn de taal. Ik hoopje dêr op in oar plak noch oer te publisearjen.

[xxiii] Mar in inkelde kear wie der noch in oare, goedkeapere priis, lykas by de Ouwe Griep: neist de ‘uitmuntende Zilveren Bal’ koe fierder in (sulveren) ‘Leepel’ wûn wurde, foar ’t neist foar de foaroanman fan de premywinners. Sjoch: Leeuwarder Courant, 23 augustus 1794. Yn Menaam wie al yn 1792 sawol in sulveren bal foar de priis- as foar de preemjewinders (map ‘Zilveren Ballen’ Keatsmuseum).

[xxiv] Sjoch: Doeke Sylstra. ‘It keatsen fan man tsjin man’. Yn: Wis-In, jrg. 3 (1986), nû. 3, p. 29.

[xxv] Der waard oant fier yn de 19de ieu ek noch hiel faak mei twa man yn it partoer keatst. Mooglik gong it om de ‘haadman’ en syn helper?

[xxvi] Doe stapte de hegerein massaal oer op it al yn noat 14 neamde kolvjen. It folk keatste earst noch wol troch, bygelyks yn Súd-Hollân. Dêr is it pas yn de earste helte fan de 20ste ieu útstoarn. Sjoch: Pieter Breuker. ‘‘Boerenkaatsen’ in Zuid-Holland: een verdwenen cultuurgoed’. Yn: Pieter Breuker. Oan de hang; in samling skôgingen, artikels en lêzingen oer keatsen, keatshistoarje, keunst en kultuer. Dronryp, 1998, pp. 66-82.

[xxvii] De wiidweidichste histoaryske beskriuwing fan it Noard-Hollânske keatsen is fan: Gidus van de Swaluw. ‘Tot nut ende vermaeck [-Kaatsclub-West Friesland]’. Yn: Werkgroep Oud Wervershoof. ‘De Skriemer’, jaarboek nr. 3 (1999), pp. 51-59. Foar in aktueel oersjoch: Anne de Jong. ‘West-Fries kaatsen in 2005’. Yn: De Keatsfreon, jrg. 15 (2006), pp.44-47.

[xxviii]  Sjoch foar it Gotlânske keatsen: Jelle H. Brouwer. Keatsen op Gotlân. S.p., 1972; Pieter Breuker. ‘Keatsen op Gotlân’. Yn: Pieter Breuker, oanhelle wurk noat 26, pp. 60-64. De âldste fermelding fan it keatsen op Gotlân is by Linnaeus te finen, dy’t yn 1741 oer syn reis nei Ölân en Gotlân skreau (ik fertaal út it Sweedsk): ‘It pärkspul joech myn reisgenoaten tsjin de jûn [yn När] fertier, in aardich balspul dêr’t de boeren har hjir algemien mei fermeitsje. Se learden ús it spul, dat wy earder net yn Sweden sjoen hienen, hoewol’t it yn Hollân en op Gotlân algemien gongber is. It freget frijwat fluggens en linigens.’ ( Carl-Otto von Sydow. Carl Linnæi […]. Öländska och Gotländska resa […]. Stockholm, 1991, gjin pagina-oantsjutting [sjoch ûnder ‘Gotland Jul. 5’].

[xxix] Sjoch: Pieter Breuker. ‘Voorlopers van het Friese kaatsen’. Yn: Pieter Breuker (einred.), oanhelle wurk noat 18, p. 61.

[xxx] It soe wêze kinne dat de PC-kommisje net fier om it keningskip hoegde te sykjen. It pappegaaisjitten waard fan âlds beoefene troch skuttersgilden en trije fan de fiif PC-oprjochters wienen lid fan de Frjentsjerter skutterij (sjoch: Pieter Breuker. ‘De prizen: striid om jild en eare’. Yn: Pieter Breuker en Jan Pieter Janzen (einred.). De fiifde woansdei; 150 jier PC (1853-2003). Franeker, 2003, p. 154).  Yn Frjentsjer waard yn 1462 in skuttersgilde oprjochte.  Yn de kêsten 1 en 14 fan de skutterij wurdt praat oer de kening, de winner fan it pappegaaisjitten. Sjoch foar in wiidweidige beskriuwing: Isaac Telting. ‘De Statuten en Privilegiën van het Schuttersgild te Franeker’. Yn: De Vrije Fries, jrg. XI (1868), pp. 203-236, benammen 209, 212 en 218-219. Ek objekten kinne de titel ‘kening’  krije, bygelyks by it skaken. Le Francq van Berkhey  (oanhelle wurk noat 14, p. 1391) wiist by it ‘kegelspel’ op de ‘koning’, de kegel dy’t ‘merkelyk boven de anderen uitsteekt’ en dêrom waard it fermaak ek wol ‘Koningspel’ neamd. Ik ha gjin spesifyk ûndersyk nei it begryp ‘kening’ yn spul en sport dien, mar it liket my ta dat it in lange histoarje en brede fersprieding hat.

[xxxi] De PC-kommisje hat fan it begjin ôf oan alle war dien om fan har jierlikse keatspartij net allinnich in sportyf hichtepunt, mar ek in beskaafd, kultureel kleurd folksfeest te meitsjen. Dêrby moat it ynstellen fan de keningspriis net allinnich útlein wurde as in earbewiis oan de bêste keatser, mar ek as in hiel sichtbere bydrage ta it oansjen fan de dei. Dat de Kommissaris de priis beskikber stelde, kin sjoen wurde as it ultime keurmerk (sjoch foar ien en oar: Pieter Breuker. ‘De PC: oardel ieu, mar fitaler as ea’. Yn: Pieter Breuker en Jan Pieter Janzen (einred.), oanhelle wurk noat 30, pp. 53-62). It hurddraven hie yn 1883 al in  tradysje fan noch foarnamere skinkers: sûnt 1823 ieu joegen leden fan it Keninklik Hûs prizen, wêrûnder de sa bekend wurden gouden swipen. De lêste keninklike priis, in sulveren ‘pièce de milieu’ (middenstik fan in tafelfersiering), mei in portret fan (takomstich) Keningin Wilhelmina, datearret fan 1892 (sjoch: Gieneke Arnolli. ‘De gouden zweep’. Yn: Fryslân, jrg. 2 (1996), nû. 4, pp. 12-14). It ek troch kroechbazen organisearre hurddraven is yn de twadde helte fan de 18de ieu opkommen. De organisators stelden ek yn dit gefal sulveren prizen beskikber, bygelyks spoaren, haadstellen en swipen (Arnolli, p. 12).  Sjoch foar de hurrdraverijen fierder bygelyks: Jelle H. Brouwer (haadred.). Encyclopedie van Friesland. Amsterdam/Brussel, 1958, p. 323 (ûnder ‘gouden zweep’) en: H[ugo] S[uringar]. ‘Friesche paarden’. Yn: Mr. A.J. Andreae e.a. Friesland en de Friezen; gids voor reizenden. Leeuwarden, 1877, pp. 93-101.

[xxxii] Neist de PC-bal is ien fan de bekendsten de saneamde Van Slooten-bal, dy’t yn 1917 troch boargemaster H.S. van Slooten fan Harns oan de keatsferieniging yn dat plak skonken waard. Yme C. Schuitmaker hat in Frysk rymke makke, dat yn de bal gravearre is: ‘Op ‘e stuit ef ijn ‘e krite,/ As de bâl oer’t keatslân fljucht,/ Bliuwe, keatsers, trou en earlik,/ Jimmer krigel, sljucht en rjucht.’

[xxxiii] Der soe nochris kultuerhistoarysk ûndersyk dien wurde moatte nei rymwurkjes op âlde (en nije) Fryske sportprizen. Ik jou hjirre ien foarbyld út in oar fermaak, de silerij. Op 21 augustus 1844 wûn Eeltsje Halbertsma op de Snitsermar mei syn iepen jacht de ‘Gysbert Japicx’ in sulveren tabaksdoaze (no yn it Frysk Museum). Hy liet dêr in troch himsels makke Frysk rymke yn gravearje: ‘Gysbert Japicx greate namme/ Haw ik oan myn Scipke joon./ In de prys der elts op flamme,/ Fiks mei glans in glorie woon./ Eern fleag Gysbert mei syn pinne/ Op de wieucken fen ’t foarstân:/ Nou oer Frieslâns marren hinne/ Broest er, sylt er as de brân.’ Sjoch ek: Herre Halbertsma. Sneeker Hardzeildag; een belangrijk hoofdstuk uit het Friese volksleven. S.p., s.j. [1965], pp. 31 en 37.

[xxxiv] Dat wol oars net sizze dat der ek net goeie keatsliteratuer ferskynd is. Sjoch foaral: Pieter Breuker, earst oanhelle wurk noat 21 en: Pieter Breuker en Jan Pieter Janzen (einred.), oanhelle wurk noat 30, pp. 5, 204-205.

[xxxv] Van Loon wie op de PC fan 1880, dêr’t it idee ûntstie om by it tritichjierrich bestean fan de PC in keningspriis yn te stellen, yn it selskip fan de Kommissaris fan de Kening (sjoch earst oanhelle wurk noat 30, p. 154). oanhelle wurk noat 23, pp. 171-172.

[xxxvi] Sjoch: Pieter Breuker. ‘Waling Dykstra en de PC-bal’. Yn: Pieter Breuker, oanhelle wurk noat 26, pp. 171-172.

[xxxvii] Neffens him soe de ‘geschiedenis’ fan de ‘Ouwe Griep’ foar de kommissaris de oanlieding west hawwe om de bal te skinken (sjoch: Waling Dykstra. Uit Friesland’s Volksleven van vroeger en later. Eerste deel. Leeuwarden, 1895, p. 307[werprintinge: Ljouwert/Leeuwarden, 1996].

[xxxviii] Oer histoarje en boeiende wederwarichheden fan de bal, dy’t no yn it besit fan it Keatsmuseum is, ferwiis ik nei: D[oeke] Z[ijlstra]. ‘Het fiasco van een zilveren bal …..’ Yn: Bondsorgaan Koninklijke Nederlandse kaatsbond, jrg. 10 (1982), nû. 17, pp. 10-12.

[xxxix]  Der binne ferskillende fersys. Ik sitearje neffens: Sytse H. Buwalda. (red.). ’n Rare koridon en ândere Bildtse ferhalen en gedichten fan Waling Dykstra. Sint Anne, 1983, pp. 67-68. De folkskundige Waling Dykstra hie oars wol niget oan de keatserij. Sa hat er yn syn Friesch Volksblad fan 20 maaie 1877 it gedicht ‘By ’t priis-oerlangjen op in keatspartij’ skreaun  (sjoch: Pieter Breuker, earst oanhelle wurk noat 21, pp. 48-50) en hy hat ek yn proaza oer it ûnderwerp te set west: Waling Dykstra, oanhelle wurk noat 37, pp. 248-249, 302-307.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.