In gefaarlik boek?

Publisearre op 18 januari 2012

ATE GRIJPSTRA – Renske sjocht it boek lizzen. Wat in frjemd boek, tinkt se … Op de foarkant stean allegear nuvere tekens en gouden letters yn in taal dy’t Renske net begrypt … ‘Dit boek is al hiel âld,’ seit Pake. ‘En it is in gefaarlik boek. Do meist der allinnich mar yn lêze as ik der by bin. Ôfpraat?’

Paul van Dijk (1981) is dosint Ingelsk, muzikant en teatermakker. Mei it útkommen fan syn earste berneboek kinne wy no ek ‘auteur’ en ‘yllustrator’ oan dat rychje tafoegje. En it measte dêrfan liket him noch hiel aardich ôf te gean ek.

Yn in resint krante-artikel jout it multytalint oan dat er “in foarkar [hat] … foar spannende, fantasy-achtige ûnderwerpen” en dat er “mei wurden, muzyk, byld en poppen magy bedriuwe [wol]” (LC, sept. 2011).

Van Dijk kin him fandatoangeande hielendal útlibje mei de troch him yn 2009 oprjochte teatergroep Knûkel. Hy skreau en regissearre foar it selskip de foarstelling Renske Wol Stoer Wêze en naam dêrby ek in part fan it poppespul en de muzyk foar syn rekken. Syn berneboek hat deselde titel en itselde plot as de toanielfoarstelling.

Wurket dat, de iene keunstdissipline omtsjoene yn de oare? Ja, dat wurket: it boek kin prima op himsels stean en los fan it teater sjoen wurde, al is it wol sa dat ien fan de karakters, it Moademonster, op papier wat muppet-eftichs útstrieljen bliuwt en yn dy sin bepaald net eang is (mar ja, wat wolle jo ek mei sa’n namme?).

Renske Wol Stoer Wêze! giet oer in famke waans mem net mear by har heit wenje wol en dy’t om dy reden ferhúzje moat. Se komme te wenjen yn it doarp dêr’t Renske har pake Marius ek tahâldt. Om presys te wêzen, wennet er krekt bûten it doarp yn in âld steatlik hûs fol mei boekekasten, skilderijen en kroanluchters. Pake sels is nochal eksintryk te neamen. Hy beweart dat er in skoft yn in oar lân tahâlden hat en letter sels dat er kening west hat. Mem hat de nedige twifels oangeande pake syn ferhalen en neffens guon klasgenoatsjes fan Renske is er gewoan gek. Mar Renske komt graach by him en freget him om help as it op skoalle allegear net sa maklik rint. Uteinlik kriget se fan him goerie, mar net foar’t se earst yngien is op de advizen fan twa oare apartelingen dy wat te krijen ha mei it frjemde, gefaarlike boek út it boppesteande sitaat.

Is Renske Wol Stoer Wêze! eigentlik sels ek in gefaarlik boek? Dat falt wol wat ta. Mar it is dan ek in ferhaal dat foar basisskoallebern ornearre is, of eventueel foar brêgeklassers (de haadpersoan sit sels op in basisskoalle). Echt gefaarlik, skokkend of gewelddiedich wurdt it net, al is it wol sa dat ien fan de karakters bepaald duvelske trekjes fertoand en dat er Renske sels sa fier krijt dat se …
Mar nee, dat jou ik natuerlik net wei.

Van Dijk hat in boek skreaun dat fanwegen it ienfâldige taalgebrûk en de mearke-achtige eleminten seker de potinsje hat om bern oan te sprekken. Ek de fersoarge foarmjouwing en de fraaie Toondereske tekeningen binne wat dat betreft grutte pluspunten (al moat my noch al efkes fan it hert dat by de realistyske figueren de anatomyske ferhâldingen spitigernôch net altyd klopje). Fierders is it sa dat it ferhaal pest- en meiringedrach oan de oarder stelt, wat net allinne werkenber is foar de doelgroep, mar fansels ek as foer foar pedagogen tsjinje kin. It gratis online beskikbere lespakket sil wat dat betreft grif fertuten dwaan kinne. Besjoch trouwens ek ris it nijsgjirrich meitsjende promoasjefilmke foar it boek op YouTube.

Paul van Dijk
Renske Wol Stoer Wêze!
Ljouwert: Afûk, 2011
55 siden
EUR 12,50
http://paulvandijk.afuk.nl

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels