fotografy: OLYMPUS DIGITAL CAMERA

Ik as lêzend minsk

GEART VAN DER MEER – 

Ik ha de lêste tsien jier in fertalend minsk west: myn oersetting fan John Milton syn It Paradys Ferlern (1674) is ien fan myn grutste prestaasjes. Net dat ik de skriuwer en syn teology (hij woe Gods hanneljen tsjinoer de minsk rjochtfeardigje) sa graach lije mei – krekt oarsom, foaral syn rare skynhillige God haw ik (en ik net allinnich) slim it mier oan. Mar it is en bliuwt in machtich en ferheven stik taal, ek yn ús simpeler Frysk.

 

‘Hege’ literatuer? Dat net. Mar wat ik sa bewûnderje bij beide skriuwers is, nêst de grutte fantasy, it deeglike foarwurk dat bliken docht út hieltyd wer nijsgjirrige details, oer persoanen en saken.

 

Mar dêrnêst bin ik foaral in lêzend minsk. En net needsaaklik fan ‘hege’ literatuer. Koartlyn ûntdiek ik dat myn kapper Marcel yn Súdlaren fan deselde boeken hâldt. Ik bedoel de rige boeken oer Richard Sharpe fan Bernard Cornwell – dy’t er (jawis) allegear lêzen hat, en noch wol yn it Ingels. Sharpe, in fûnling, syn ferhaal begjint foar 1800 as soldaat yn Indië (dêr’t er trouwens it libben rêdt fan de lettere Lord Wellington) en giet troch oan 1815 ta, de slach bij Waterloo. En ja, it giet allegear oer oarloch en geweld, allegear ôfgryslik spannend beskreaun, ek al witte jo fantefoaren dat Sharpe úteinlik alles oerlibbet. Mar wat sa knap is fan Cornwell is syn grutte fariaasje oan lestige situaasjes dêr’t Sharpe himsels út rêdt, en ik fyn altyd dat Cornwell himsels as skriuwer dan ek út penibele situaasjes rêdt: ferjit net, ek de skriuwer skriuwt himsels fêst yn in hoeke dêr’t er út wei sjen moat te kommen sûnder dat jo as lêzer soks net leauwe wolle. Cornwell, in produktyf skriuwer mei in ûnbegrinzge fantasy, skriuwt ek oare boekerigen: oer it sykjen nei de Hillige Graal, de Amerikaanse boargeroarloch, Koaning Arthur en syn Rûne Tafel, de hûndertjierrige oarloch tusken Ingelân en Frankryk, de bou fan Stonehenge, de oarloch tsjin de Denen en Noaren yn Ingelân ûnder lieding fan Alfred de Grutte … it is in wûnder, de fantasy fan dy man. It prosedee is dúdlik: yn dy rigen makket ien persoan troch de tiid hinne alles mei, sadat al dy (meastal) echt pleats fûn hawwende slaggen en oarloggen troch de eagen fan in sekuer beskreaun persoan meibelibbe wurde.

Ik lis in heel ein achter op myn kapper, mar mei myn e-reader bin ik dwaande mei in ynhelslach.

Mar ik lis foar op him wat in oare rige boeken oangiet, like knap: ik doel hjir op de like bjusterbaarlik produktive Amerikaanse Diana Gabaldon har rige mei de namme Outlander Series. Claire Randall, ferpleechster yn de oarloch, kuieret op in dei yn 1945 bij Inverness, Skotlân, tusken twa prehistoarise stiennen hinne, heart in nuver gesûs … en wurdt wekker yn 1743, twa jier foar de fatale rebelly fan de Skotten ûnder Bonnie Prince Charlie tsjin de Ingelsen. Claire trout dan mei Jamie Fraser, in echte Roomse Skot, dy’t dus de Ingelsen net lije mei (behalve Claire dan …). Sa begjint hjir ek in rige fan (oant no) 8 grouwe boeken, tusken 1743 en de Amerikaanse boargeroarloch, want in soad Skotten bedarren nei de ferlerne slach yn 1745 yn Amerika. Dat fan dat tiidreizgjen is fansels ûnsin dy’t jo mar aksepteare moatte, mar dêrtroch krijt de lêzer in nijsgjirrige dûbele fizy op de gebeurtenissen: wij sjogge dy tagelyk troch moderne eagen en troch dy fan de 18e iuw. Ek Gabaldon hat safolle kreativiteit oer, dat se romte hat foar in sekundêre rige, oer Lord John Grey, dy’t ek sydlings in rol spilet yn de Outlander-rige.

‘Hege’ literatuer? Dat net. Mar wat ik sa bewûnderje bij beide skriuwers is, nêst de grutte fantasy, it deeglike foarwurk dat bliken docht út hieltyd wer nijsgjirrige details, oer persoanen en saken. Der gebeurt yn har boeken altyd wat, skerp beskreaun en tsjûgjend fan foarstúdzje of gewoan grutte minskekennis. Beide binne rasfertellers. Har boeken hawwe altyd wat echt goede boeken ha moatte: jo wolle trochlêze, se nimme jo mei, der is gjin ferfelende bledside bij.

Wat heger lof is mooglik? Sa moatte boeken wêze, oft it no ‘hege’ literatuer is of net. Kapper Marcel hat yn dat opsicht smaak.

Comments
Ien reaksje oan “Ik as lêzend minsk”
  1. Geart schreef:

    Der stiet ien foutsje yn: der is ek in rige oer de Amerikaanse BOARGEROARLOCH, net de FRIJHEIDSOARLOCH! Ik moast dy 4 boeken oant no ta noch lêze doe’t ik mei myn kapper prate, mar haw dat no dien. Dy binne ek hartstikkene goed. Oer in NOARDERLING dy’t yn it SUDLIKE leger fjochtet. Echt wer Cornwell syn styl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.