• 19 mei 2007

    Op it pompeblêd siet in kikkert en in eintsje fierder de flinter op in swanneblom. De kikkert blies sokke prachtige bellen oan wjerskanten fan syn bek dat er wat fan in generaal weikrige en begûn te kwekkerjen as spruts er in leger ta. Doe eage er nei de flinter en frege spytgnyskjend: ‘Kinsto dat?’ De flinter swijde. Har tonge gisele de blom yn. In amerij [...]