Iepenloftteater Hebeca

Publisearre op 28 juli 2012

foto: Hoge Noorden, Jacob van Essen

Op slippers kuiert er foarsichtich lâns brânnettels, toarnen en stikels. Regisseur Dirk Bruinsma (1985) fûn hjir tusken de reidplûmen fan de Broeksterpolder by Jistrum syn dreamlokaasje foar it iepenloftteaterstik Hebeca. Oan ’e iene kant de wyldernis en widens fan de Burgumer Mar, oan de oare kant de strakke kontoeren fan de elektrisiteitssintrale fan Electrabel. It is it folmakke dekor foar in stik dat de ûnsichtbere skieding tusken it oergefoel en de druk fan de konsumpsjemaatskippij bleatleit.

Op it bankje oan de wetterkant fan it lytse jachthaventsje fan Jistrum fertelt de jonge teatermakker hoe’t it idee foar Hebeca syn tinzen stadichoan yn beslach naam. ‘Ik studearre yn 2008 oan de teaterskoalle yn Utrecht en wenne yn de wyk Lunetten. In wyk dy’t wol wat doarpachtichs hie. By ús thús yn Kollumersweach wie it hiel gewoan om minsken op strjitte te groetsjen. Dus dat die ik ek yn Utrecht. Ik wit noch dat ik in âldere frou moarns goedei sei. Se seach my oan, pakte har taske stiif beet en draaide my de rêch ta. Ik wist net wat my oerkaam. Sa sluten as de minsken yn in stêd binne. Elk foar himsels, it leafst gjin kontakt. Yn de trein fan Utrecht werom nei hûs fernaam ik dat ik iepener waard. Myn blik waard letterlik wider, it kontakt makliker. Dat ferskil tusken de dynamyk fan in stêd en it oergefoel fan it plattelân spruts my oan. Dêr wol ik in stik oer meitsje, tocht ik. En dat ha ’k dien.’

It begjin fan de ein

Hebeca krige it stik as titel, wat yn it Russysk himel betsjut. In sabeare Russysk doarpke, ôfsletten fan de bûtenwrâld en de ferdoarne idealen fan de konsumpsjemaatskippij. Mei de tradisjonele produksje fan flaaks fertsjinje de ynwenners harren brea. Mear is der net nedich om lokkich te wêzen. Alles feroaret lykwols as hannelsman Viktor Vodka weromkomt yn syn berteplak en in grutte wodkastokerij yn it doarp delset. Dat is it begjin fan de ein foar de ynwenners fan Hebeca, dy’t te’n ûnder geane oan de sucht nei jild, drank en macht. Dirk: ‘Ik ha it ferhaal fan begjin oant ein sels betocht, mar it is de realiteit fan hjoed-de-dei. Sjoch mar om dy hinne hoe’t de stêd stadichoan hieltyd fierder rjochting plattelân slûpt. Dat beynfloedet ús libben, ús wize fan tinken, fan mei-inoar omgean. Wy folgje slaafsk de easken fan de konsumpsjemaatskippij. Mar wêr leit de grins? Wannear slacht de balâns troch?’

Al fjouwer jier lang is Dirk fulltime dwaande mei it projekt. Alderearst moast er op syk nei in skriuwer foar de teksten. Op syn advertinsje reagearre ûnder oaren Sytze Schalk, dy’t opfoel troch syn byldzjende wurdkar. Dirk: ‘Syn teksten wienen hiel nuchter, hiel oer, mar tagelyk ek poëtysk. As in Grykske tragedy.’ Ut ’e holle draacht de regisseur op it bankje yn de maitiidssinne in sêne foar.

Sjoch

De himel hat altyd hjir west

Yn de midden fan Mem Ruslân

Oan it griisgrauwe wetter

Fan de Progronetsjovakavskalyzech

Leit salang as minsken witte

Hebeca

Sjoch

De sinne giet ûnder

In ûle ropt, de nacht begjint

De lêste minsken

Weagje har by de betonferrotte gebouwen del

Dûbelklapt as âlde bôle

In hûn blaast de lêste siken út

Under in rakethulzen lantearnepeal

Sjoch

De rimmen by de winkelman

Binne like leech as de rippen fan hynders en kij

En op de keale ikkers tusken lege reden groeit

– net ien wit wat der groeit

Der sitte grif gjin fitaminen yn

Izer faaks

Keunstmjittige enerzjy  fersus  mienskipsenerzjy

Wa’t harket nei syn ambisjeuze plannen kin net oars as ûnder de yndruk wêze fan Dirk syn kreativiteit, lef en trochsettingsfermogen. As twaddejiers studint oan de teaterskoalle fernaam er sels al it ferskil mei syn kollega-studinten. Wêr’t klasgenoaten harren netsjes oan de opdrachten holden, woe Dirk sels mei ideeën komme. ‘Moatst eigenwiis wêze, oars komst der net. Ik wol it leafst sa grut mooglike foarstellings meitsje. Al sil ik twintich jier buffelje moatte, ik ha it der foar oer.’ Hoe langer it proses duorre, hoe grutter it plan foar Hebeca waard. It blykte tefolle foar him allinne. Jellie Geerdink waard syn saaklik projektlieder. Tegearre setten se Stifting Sjoch op, mei as doel lokaasjeteater yn binnen- en bûtenlân oer maatskippijkrityske ûnderwerpen. ‘In foarstelling moat net allinnich moai wêze, ik wol minsken bewust meitsje fan wat der om har hinne bart. Wêrom meitsje wy ús drokker oer de kearnramp yn Fukushima as om de buorfrou fan hjirnjonken dy’t op stjerren leit? Dat binne fragen dy’t ik doar te stellen.’

De dreechste opjefte wie lykwols it finen fan de juste lokaasje. Hiel wat ritsjes ha Dirk en Jellie tegearre troch Fryslân makke. In tocht oer it wetter fan de Burgumer Mar wie úteinlik de eye-opener foar it finen fan de dreamlokaasje, ferskûle tusken reid en beammeguod. ‘Samar ynienen seach ik it kontrast dêr’t wy nei sochten. De prachtige natoer fan de polder, mei op ’e eftergrûn de sintrale fan Electrabel. Dat is letterlik it boadskip fan Hebeca. Keunstmjittige enerzjy tsjinoer mienskipsenerzjy.’ Ek it doarp Jistrum spruts him fuortendaliks oan. ‘It liket op it plaatsje dat ik yn ’e holle ha fan Hebeca, in bytsje ôfsluten fan de omjouwing. Mar foaral dat ferbûne gefoel libbet hjir noch ôfgryslik. Dy mienskipssin, de wil om klear te stean foarinoar. De hannen út de mouwen te stekken sûnder te kleien.’ Help dy’t Dirk goed brûke koe. Mar leafst fyftjin wurkgroepen wurkje mei oan de organisaasje fan Hebeca. Allegear ha se in eigen draaiboek skreaun om yn septimber alles yn goeie banen te lieden. Fan parkearen oant hapkes en drankjes, alles wurdt regele troch doarpsbewenners.

Bewustwêzen op alle nivo’s

Ien fan de fjouwer pylders fan Stifting Sjoch is it sykjen nei ferbining mei minsken, bedriuwen en organisaasjes yn de omjouwing. Sa kaam Dirk by “Fanfare Joost Wiersma” telâne foar de muzyk fan it stik. Twa jier lang siet er eltse moanne mei dirigint Ido-Gerard Kempenaar en arranzjeur Marco Schouten om ’e tafel op syk nei presys de goede stikken foar de sênes. Dat resultearre yn 78 op maat makke arranzjeminten, dy’t úteinlik 55 minuten oan muzyk opleverje. ‘De muzyk is hielendal ôfstimd op de sfear, it gefoel fan it momint. Soms hearst mar twa of trije ynstruminten, wat it boadskip hiel kwetsber makket. De muzyk ropt emoasje en bewustwêzen op.’ Dat bewustwêzen begjint al wannear’t de besikers har auto parkeard hawwe. Oankaam op de polderdyk krijt elk in bondel flaaks en in skop ûnder de kont mei op wei nei Hebeca. Op harren tocht troch de polder sjogge de besikers hoe’t de fjouwer ferskillende ûnderdielen fan de flaaksbewurking beoefene wurde: it rûpeljen, it oanrotsjen, it braakjen en ta eintsjebeslút it swingeljen. ‘Dat wurdt demonstrearre troch frijwilligers fan de Afron, de Fryske feriening foar lânbouhistoarje, en flaaksmuseum It Braakhok út Ie. Doel is bewustwêzen op alle mooglike nivo’s. Fiele, priuwe, rinne, hearre, sjouwe, dwaan en sjen.’

Grutte nammen

Dirk lit syn readferbrânde earms sjen. Juster hat er de hiele dei oefene mei spilers. ‘En dan fernimme jo de sinne net sa’, gnysket er. Mei noch twa moannen te gean oant de earste foarstelling, sil er aanst dei en nacht yn tou wêze mei repetearjen. Op de posters pronkje grutte nammen: Peter Tuinman, Hilly Harms, Tet Rozendal en Feije Spoelstra. ‘Ik bin der wiis mei dat se meidogge,’ jout er ta, ‘mar juster wienen we oan it repetearjen mei frijwilligers, dy’t graach sa’n hiele dei frijmeitsje om hjir te stean. Hoe grutsk as dy oer it lân rinne, hielendal yn harren rol krûpe om mei syn allen in ûnfoarstelbere dynamyk teweech te bringen. Dat is de krêft fan de mienskipsenerzjy. Dêr dogge we it úteinlik foar.’

Nynke van der Zee

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels