• 28 juli 2012

    Op slippers kuiert er foarsichtich lâns brânnettels, toarnen en stikels. Regisseur Dirk Bruinsma (1985) fûn hjir tusken de reidplûmen fan de Broeksterpolder by Jistrum syn dreamlokaasje foar it iepenloftteaterstik Hebeca. Oan ’e iene kant de wyldernis en widens fan de Burgumer Mar, oan de oare kant de strakke kontoeren fan de elektrisiteitssintrale fan Electrabel. It is it folmakke dekor foar in stik dat [...]