Hoe tsjut ik myn oarehelte oan?
HENK WOLF –
Der is in leave frou mei wa’t ik al in pear jier hûs en libben diel. Wy ha by de notaris in kontrakt tekene dêr’t yn stiet dat wy foarinoar soargje sille. In bûterbriefke fan in gemeente-amtner ha wy net. Wy ha in relaasje sa’t bergen en bergen minsken yn Fryslân ien ha. Dêrom is it sa nuver dat der gjin algemien ynboargere wurd is dat beskriuwt wat wy faninoar binne.
Is sy myn faam? (En bin ik har feint?) Nee, dat heart te ferkearingachticht.
Binne wy freon en freondin? Nee, freonen en freondinnen ha je wol mear. Dat is net eksklusyf genôch.
Binne wy man en frou? Komt wat my oanbelanget noch it meast yn ‘e beneaming, mar neffens har moatst troud wêze om dy oantsjuttingen te brûken.
Is se dan myn wiif? Mwa, foar de grap kinst dat wol in kear sizze, mar it is te ûngewoan om dat heeltyd te dwaan.
‘Wyfke’, sa’t sjoernaliste Froukje Sytsma foarstelde? Yn ynformele konteksten kin dat faak wol, mar as de toan fan it petear wat serieus is, past it ek wer net.
Is sy myn partner? Tsien jier lyn hie ik ja sein, mar neffens my is ‘partner’ sa stadichoan in wurd dat allinne brûkt wurdt foar twa minsken fan itselde geslacht.
Is sy myn oarehelte. Ja, dat past wol, lykas yn de titel fan dit stikje, mar nee, it is te boeketalich en te formeel om dat heeltyd mar wer te brûken, alhelendal as it mûnling is.
Is sy myn sydsulver? Ja en nee. It past wol, mar ast it foar de grap ien kear brûkt hast, is it wol genôch.
Is se dan ‘de baas’, ‘de direkteur’, ‘it âld kammenet’ of sokssawat? Ja, foar de grap miskien, mar net serieus.
Is se dan, sa’t Arjan Hut foarstel, myn ‘sydslieper’? Arjan is in dichter en it is in dichterlik wurd, mar jo prate net altyd yn dichtfoarm.
‘Myn leaf’, stelden guon minsken út, nei Flaamsk foarbyld. Moai, begryplik, mar net algemien yn gebrûk en ek net ekslusyf genôch foar in duorsume relaasje.
Under freonen en kunde wrakselje in soad stellen mei de krekte oantsjutting. Guons wikselje tusken ‘man/frou’ en ‘freon/freondin’. Wa hat in geniale, neutrale, altyd brûkbere oantsjutting foar de net-troude heteroseksuele partner?
Ik stel foar gewoan ‘myn frou’ en ‘myn man’ te brûken. Sawiesa binne jimme folwoeksen en dus in man en in frou. En at eltsenien dit sa brûkt, heart it út ‘e mûlen fan minsken dy’t troud binne, net sa boargerlik mear :)
Grappich, ik fyn it ek lestich. At ik freon sis, tinke minsken dat it net de heit fan myn bern is, mar dat we in ‘samengesteld’ gesin binne. Derom brûk ik man en partner mar troch elkoar hinne ek al bin ik it dêr eins net mei iens.
Net ‘myn frou’, mar ‘de frou’.
Meastentiids brûk ik “myn oarehelte”. Yn formele sitewaesjes soe ik “myn wiif” brûke wolle. Tink hjirby oan it ingelske “wife” en net oan it hollânske “wijf”. Sadwaende komt it wol klear.