Henk Wolf
fotografy: Jan Glas

Herr Henk

HENK WOLF –

Sûnt Omrop Fryslân myn taalfilmkes útjoerd hat, wurd ik noch wolris oansprutsen as ‘professor Henk’. Dat is fansels in grapke, sa hyt ik net echt, sa hyt myn televyzjepersonaazje. Dat is aktearwurk, byknipt en behimmele. Sels de moaie boekekasten dêr’t ik yn de filmkes foar sit, binne net myn eigen.

Yn Dútslân wurd ik lykwols faak as ‘Herr Henk’ oansprutsen en oanskreaun. Ik begryp wol wat hoe’t dat kin. Ommers, by ús is Henk in deagewoane manljusnamme, mar yn Dútslân is myn foarnamme ûnbekend. Tagelyk is Wolf yn Dútslân in bekende manljusnamme.

Dêr komt noch wat by. By ús komt de foarnamme altyd foar de fan – logysk, soe men tinke, wêrom hyt in foarnamme as ‘foarnamme’? Ik soe my yn Fryslân of yn lykfolwatfoar oare provinsje fan Nederlân of België dan ek noait as ‘Wolf Henk’ foarstelle, net mûnling en ek net skriftlik. Yn Dútslân is dat oars. Dêr wurde beide folchoarders wol brûkt. Minsken stelle harsels en oaren soms earst mei de foarnamme en dan mei de fan foar, lykas by ús, mar it wurdt ek faak oarsom om dien. ‘Schmidt Daniel, hallo!’ – op dy manier.

As dy folchoarder net fêstleit, is it fansels noch makliker om foarnamme en fan te ferwikseljen.

Oer foarnammen is oars noch wat nijsgjirrichs op te merken, as it op ferskillen tusken Fryslân en Dútslân oankomt. Yn Fryslân skeakelje wy folle flugger op foarnammen oer as dat de minsken yn Dútslân dogge. Benammen as minsken sawat like âld binne, kieze se hjoed de dei faak fluch foar de foarnamme. Ik ha de ôfrûne fiifentweintich jier tink net ien kollega, buorman of buorfrou hân dy’t ik net by de foarnamme neamde – en omkeard. Yn Dútslân is dat oars, dêr bliuwt men lang by de fan en as men op in stuit op ‘e foarnamme oerstapt, is dat in lyts ritueeltsje, men docht soks faak net samar, mar beslút tegearre om it sa te dwaan. Dan giet men almeast ek fan ‘Sie’ oer op ‘Du’.

Mar men wit de foarnamme fan de oar wol altyd. Dat is oars as by ús. As wy minsken net persoanlik kenne, dan brûke wy faak ús foarletters, benammen op skrift. Doe’t ik yn de jierren tachtich en njoggentich op skoalle siet, wie it in sport om foarnammen fan leararen te achterheljen, want dy wienen net rûnom bekend. Yn Dútslân wol. Minsken steane almeast mei fan en foarnamme yn it telefoanboek, ûnderskriuwe brieven mei beide. De foarnamme wurdt der folle minder as privee sjoen as yn Nederlân.

Dat is oars net oaral yn Dútslân itselde. Yn Noard-Fryslân, is my opfallen, liket de situaasje wat mear op dy yn ús Fryslân, dêr binne de minsken – mooglik ûnder ynfloed fan Denemarken – wat makliker mei it oerstappen op foarnammen. Yn it Sealterlân, falt my op, hinget it fan de taal ôf. Yn it Heechdútsk kinne minsken lang oan ‘Herr Wolf’ fêsthâlde, mar as se Platdútsk of Sealterfrysk prate, dan wol dat net. It brûken fan de streektaal jout blykber safolle mienskipliks dat de formaliteiten dan ek gewurde litten wurde.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.