Heldestatus

GEART TIGCHELAAR – 

Heldeferearing is al sa âld as de wei nei Rome. Earder waarden der troch de skalden en barden ferskes songen oer keningen en dappere striders dy’t eigenhandich in fijanlik leger yn ’e panne hakten. Sindelingen, dochs in soarte fan helden fan it kristendom, krigen harren eigen hilligelibbens. Hjoed-de-dei binne it de popstjerren en sporters dy’t suver in heldestatus hawwe, mei miljoenen folgers en noch mear likes op ’e sosjale media. Guon krije sels in plein nei harren neamd, of sels in hiel stadion mei fuortdaliks in byld derby. Of wat te tinken fan de ferfilming fan it libben fan Freddie Mercurie, ‘Bohemian Rhapsody’, dy’t resintlik fjouwer Oscars wûn hat.

 

Skûlet der yn ús allegearre net in lytse Grutte Pier? Wolle wy dochs net stikem dat der letter in bierke nei ús ferneamd wurdt?

 

Der is blykber in minsklik ferlet om tsjin manlju en froulju op te sjen en harren te ferhearlikjen. Ik wol it der net oer hawwe wêr’t dy behoefte weikomt, en alle psychology en filosofy dy’t dêrefter stûket. Ik wol it nammentlik yn dizze kollum oer de helden sels hawwe.

Lit ús it nei oanlieding fan dizze jûn by Redbad en Grutte Pier hâlde: wat soenen hja fine fan it feit dat se noch altiten as Fryske helden, as frijheidsstriders, betocht wurde? Fine se dat geweldich? Of lit it harren krekt kâld, soenen se sokssawat sizze as dat moatte de minsken moai sels witte? Of soenen se der poer op tsjin wêze? Ik bedoel, Pier Gerlofs Donia waard Grutte Pier troch klearebare tafal (of soe it lot west hawwe?), om’t syn pleats en húshâlding op in nacht ôfbaarnd waard troch Saksyske hierlingen. Hy hie grif net al dy moarden op syn gewisse hawwe wollen, mar leaver oant op syn âlde dei it gewaaks fan it lân helle. Faaks waard er leaver as boer sjoen, yn stee fan as fersetsstrider. Of soe er tocht hawwe dat der op dizze wize alteast wat goeds fan ’e hiele ellinde oerbleaun is.

Dan leist al sa’n oeribelen lange tiid ûnder de seadden en sa komme der in pear brouwers dy’t dyn namme brûke om der bier fan te brouwen. Dêr kinst dan ek neat mear fan fine, lit stean wat fan sizze. Faaks fûn Grutte Pier bier wol hielendal net lekker. Hie er stikem in wyntsje of wierskynliker in jonkje. Wat te sizzen fan Redbad. It kin mar sa dat hy folle leaver meed as bier dronk om’t er as heidenske kening faaks mear op hie mei de huningwyn drinkende Wytsingers. Dy ferklearring leit ek wer net foar de hân om’t dy faker as ienris Doarestêd platbaarnd hawwe. Lykwols is dat in anagroanisme, om’t dy plonderingen fan letter datum binne. In iennichst mooglike reden dy’t dan oerbliuwt is dat er bier net iens rûke koe, om’t it ommers broud waard troch muontsen en Redbad wie krekt dyjinge dy’t him net dope litte woe.

Mei de fraach wat de helden der no sels fan fine soenen, freegje ik my teffens ôf wat ik der sels fan fine soe, mocht ik it ea ta held skoppe. Net wierskynlik, mar de fraach op himsels is in nijsgjirrigenien.

Efkes puer hypotetysk redenearje. Stel dat Fryslân syn autonomy weromkrije soe en der in presidint komme moat en net Jenny Douwes mar ik wurd ferkeazen. Sa’t Redbad de lêste Fryske en heidenske kening wie, sa wurd ik de earste Fryske en heidenske presidint. Ik sis mei sin presidint, om’t in kening fansels in ferâldere amt is, mar om it dêroer te hawwen leit bûten de beskôging fan dizze kollum. Om de reden dat ik it (fansels) sa goed dwaan soe, gean ik as in stjer de annalen yn.

Soe dan myn postume ego striele wurde wannear’t der in bier nei my neamd wurdt? Lit my de hypotese fierder oprekke. Troch de klimaatferoaring klimt de wetterspegel hieltiten mear, sadat Nederlân driget derûnder te strûpen. Dêrom haw ik my yn ’e skiednis as in moderne Caspar de Robles ynsetten foar de ferheging fan de diken. Der is ek al neat nijs ûnder de sinne, mar it slagget en yn ’e takomst wolle se dat wapenfeit earje mei in bier. Teffens wolle se myn taalpurisme earje, dat it bier kriget de fanselssprekkende namme Greate Geartas treflike anagram en docht it ynternasjonaal goed, om’t it ek op syn Ingelsk útsprutsen wurde kin. Ik soe it persoanlik geweldich fine, salang’t it bier mar net, lykas mei Grutte Pier, troch twa Nederlânske brouwers makke wurdt.

Wat ik earder ek al oanstipte, is men faaks allang bliid dat men net yn it ferjitboek rekke is. Dat men dus troch tafal (ja, of it lot) oanpoend wurdt ta grutte dieden. Wie Pier Gerlofs Donia syn pleats net yn ’e fik stutsen, dan hie er yn syn eigen tiid neat oars west as in sterke boer. Dan hie er de bynamme Sterke Pier krigen, dy’t no takend is oan dy Droegehamster Sterke Hearke. Foar itselde jild hie Redbad de Franken ferslein. Of faaks in soan fan him, sadat Redbad net de lêste, mar gewoan ien fan de Fryske keningen wie.

Ik bedoel te sizzen dat men as held sjoen wurdt tsjin eigen wil. Men beslút net op in dei om held te wurden, lykas dat men master of juf of piloat wurde wol. Men kin fansels ek op in folle mindere neistribbensweardige wize bekend wurde, lykas Donald Trump. Dat is suver in soarte fan antyheld, mar hy sil grif oer in pear iuwen noch yn ’e skiednisboeken stean.

Nettsjinsteande dat foarbyld is it net ferkeard om al te stribjen nei in heldestatus. Ik bedoel net dat men dan mei in ploege yn ien kear fiif man deahouwe moat. Ik bedoel om te stribjen nei it dwaan fan grutte dingen, dêr’t lju dy om bewûnderje en om loovje sille. Want skûlet der yn ús allegearre net in lytse Grutte Pier? Wolle wy dochs net stikem dat der letter in bierke nei ús ferneamd wurdt?

 

Kollum útsprutsen by it Historisch Café op 27 maart 2019 yn Tresoar

Comments
Ien reaksje oan “Heldestatus”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.