Gysbert Japicxpriis foar Durk van der Ploeg

De skriuwer Durk van der Ploeg krijt de Gysbert Japicxpriis 2011. Van der Ploeg krijt de priis, de wichtichste literatuerpriis yn it Fryske taalgebiet, foar syn folsleine wurk. De priis bestiet út in jildbedrach fan € 5.000.

Gjin boek mei kop en skouders der boppe-út
De Gysbert Japicxpriis wurdt ienris yn ‘e twa jier takend, foar in publikaasje, likegoed as foar it folsleine wurk fan in skriuwer. De iene kear wurdt proaza bekroand, de oare kear poëzij. De kommisje dy’t it kolleezje advys oer de priis útbrocht hat, wie fan betinken dat de kwaliteit fan de meast resint ferskynde boeken, dichtbondels en oare literêre sjenres heech wie, mar koe gjin boek oanwize dat der mei kop en skouders boppe-út stuts. De advyskommisje kaam dêrnei mei ienriedigens fan stimmen ta de konklúzje dat diskear mar ien skriuwer yn ‘e beneaming kaam foar de Gysbert Japicxpriis as oeuvrepriis: Durk van der Ploeg.

Skriuwferline Durk van der Ploeg
Van der Ploeg (Heechkarspel, 1930) ferfear as jonkje fan trije jier nei Ealsum, in doarp ûnder de reek fan Dokkum. Hy wurke ûnder oare by it Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante. Yn 1955 makke der syn debút mei in tal gedichten yn it Nederlânsk. Syn earste Frysktalige gedichten ferskynden yn 1956 yn De Tsjerne. Van der Ploegs earste dichtbondel, Lok op eachlingte, kaam yn 1959 út.

Nei syn pensjoen yn 1990 lei Van der Ploeg, dy’t yn Noardburgum wennet, him folslein ta op it skriuwen fan Frysktalige gedichten, romans en ferhalebondels. Meastepart dêrfan spilet him yn Noardeast-Fryslân ôf.

Leden advyskommisje
De advyskommisje bestie út Sietske de Jong, Ate Grijpstra en Willem Verf. De priis wordt op tiisdei 8 novimber útrikt troch Jannewietske de Vries, deputearre kultuer, yn ‘e Martinitsjerke yn Boalsert.

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.