Gysbert Japicx-priis 2015

De advyskommisje fan de Gysbert Japicx-priis 2015 hat 12 boeken nomineard foar de priis. Op 1 juny wurdt dizze ‘longlist’ werombrocht nei in rychje fan 3 titels. Dêr sil de Moanne wiidweidiger omtinken oan jaan. Yn it dossier oer de Gysbert 2015 resinsjes en in tal koarte fragen oan de nominearde auteurs. Net elkenien woe meiwurkje of antwurd jaan op de fragen. Besjoch hjir it dossier oer de Gysbert Japicx-priis 2015.

De Gysbert Japicxpriis is de grutte priis fan de Fryske literatuer. De provinsje Fryslân rikt de priis om de twa jier út, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzij. Dit jier is it proaza oan bar. It giet om wurk útkommen yn de kalinderjierren 2011 oant en mei 2014. Mei-inoar ferskynden yn it oanbelangjende tiidrek mear as 130 oarspronklike Frysktalige proazatitels. De advyskommisje bestiet út Marga Waanders, Yvonne Dijkstra, Kester Freriks, André Looijenga en Doeke Sijens.

De nominearre titels binne: As gong dêr in oar – Leo Popma, De triennen fan Cheetah – Anne Feddema, Einum – Koos Tiemersma, Frou mei mandoline op sofa – Josse de Haan, In kop as in almenak – Elske Hindriks, It libben fan in oar – Jetske Bilker, Kofje ferkeard – Margryt Poortstra, Kompleten – Marga Claus, Littenser Merke – Ale S. van Zandbergen, Op klompen troch de dessa – Hylke Speerstra, Rêdbâd – Willem Schoorstra en Wat it is om bang te wêzen – Sipke de Schiffart.

Op 1 juny makket de advyskommisje de shortlist bekend fan trije titels. Op 11 septimber wurdt de winner fan de Gysbert Japicxpriis bekendmakke. De feestlike priisútrikking is yn de Martinitsjerke yn Boalsert op sneontemiddei 10 oktober.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.