Guilty Pleasure: Ald en jong

Publisearre op 25 september 2012

Ja hear, foute muzyk by ’t soad yn de jierren tachtich, it desennium dêr’t ik yn opgroeide. Utsykje mar: de kitsch fan Adam Ant, de plastic rock fan Europe, de ellinde fan it Stock, Aitken & Waterman-fabrykje – it wie allegear like slim.

Op soks koenen jo as puber gjin muzyksmaak ûntwikkelje. Dêrfoar moasten jo nei de ferantwurde jierren santich, of noch earder werom. Dus wie The Doors dé band foar my, ek al wie myn held Jim al publykslûker op Père Lachaise doe’t ik noch oan ’t spit yn de tún krûpte. En fanút The Doors gie it hiel ferantwurde fierder nei Led Zeppelin en Pink Floyd. Letter kaam dêr de soul en dance by, en noch wer letter de klassike muzyk, en de singer-songwriters yn alle talen. En no stiet de radio like faak op 4 as op SlamFM, en docht in rauwe gitaar it by my krekt sa goed as in hoekje Froskepôle of in sneintemoarn mei Douwe.

Der komme hieltyd noch nije helden by, yn alle soarten en maten. It ferlet om nije muzyk te ûntdekken is net te sêdzjen. Mar The Doors lizze noch altyd foar it gripen, krekt as Neil Young, Leonard Cohen, Van Morrison en safolle oare alltime heroes.

Dus lit ús it mar net te lang oer de jierren tachtich hawwe. It summum wienen fansels de Dútsers. Döf mei ‘Codo’… ha!! Peter Schilling, Matthias Reim… of noch slimmer: as se yn it Ingelsk songen! Milli Vanilli (sei ik sjonge?), Sandra (“I’ll never be Maria Magdalena!”), dy beide apen fan Modern Talking… om dy te besauwen. Wacht, ik set it eefkes op.

Hmm, eins best leuk. En dat oare, dat wie dochs ek wol revolúsjonêr? Hoe hjitte it ek alwer? O ja, Enigma! Noch faak te hearren as soundtrack op tv. En de dance-skiednis hat in wichtige Dútske komponint. Basearre op dy ferskriklike jierren tachtich.

Miskien wienen dy Dútske Achtzigers dus wol briljanter as dat wy tochten. Yn alle gefallen komt de beste camp-plaat fan de jierren tachtich ek út it lân fan bratwurst mit sauerkraut.

It begjint al sa prachtich, mei dy ingelachtige synthesizer-toanen. Dan in hiel djippe discobas, krekt wat te stadich. “Waiting, for a change in the weather”, en dan bout it stadich op nei in útbarsting fan ferlangst: “Then she takes me away and she’s pulling the strings when she’s playing with love!” En heger en heger sjongt Marian Gold (dy’t eins Hartwig Schierbaum hjit). Wauw!

Dêrnei komt it leaflike ‘Summer in Berlin’, ekstra moai omdat it noch seis jier foar de wiedervereinigung is. En dan… de magysk kâlde klanken dy’t in eastersk geheim oankundigje. Knap fûn op sa’n Japansk keyboard út 1984. En mei dy prachtige strofe “Neon on my naked skin, passing silhouettes of strange illuminated mannequins.”

Nûmer 4 is de leafdesferklearring ‘To Germany with love’, mei sa’n hearlike baspartij. En geandewei komme wy dan by dy weake ôfpluze jankfodde dy’t eltse fjirtiger mei hieltyd mear weemoed meisnikt, ek omdat de twadde stim sa lekker maklik te dwaan is. “Do you really want to live forever? Forever young…”

Dêrnei sakket de plaat wat yn, mar der komt noch ien briljant hichtepunt: de hearlik lange dance-sekwinsje fan ‘Sounds like a melody’. Letter sa faak yn remixes brûkt, mar it orizjineel is nea oertroffen.

Need I say more? Draaie dy plaat! Aloan en mar wer! Alphaville, Forever Young!

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels