Guilty pleasure: Guns N’ Roses
Doe’t ik studint wie, die ik op feestjes noch wolris in swarte koltrui op ’e kop en liet dy dan foar de eagen bongelje. Ik spile der ek loftgitaar by, want wa’t Slash neidwaan wol, moat it al goed dwaan. Winterdeis brûkte ik de sjaal soms as bandana, wêrmei’t myn Axl Rose-imitaasje sûnder ien stimferheffing […]
Guilty Pleasure: Michael Bolton
In woeste mannichte op in plein, foar in heech balkon. Op it balkon litte de Romeinen twa finzenen sjen. It binne Michael Bolton en David Hasselhoff. Ien fan harren sil sjonge, en de oar krijt de deastraf. De Romeinen freegje it folk: ‘Wa moat foar jim sjonge?’ En it folk balt: ‘Jou ús Hasselhoff!’ Der […]
Guilty Pleasure: Demis Roussos
Ha jim ek lekker meibalten, ein desimber, mei de Top 2000? De list mei moaiste platen fan de dominante white male fyftichplusser. Dy’t dus jong wie yn de jierren 70. Dat ferklearret wêrom’t Queen, The Eagles, Deep Purple en Led Zeppelin altyd boppe-oan steane. Geheugenprofessor Douwe Draaisma skriuwt yn it Top 2000-boek ‘De muziek zegt […]