Guernica

Publisearre op 18 april 2018

BOUKE VAN DER HEM – 

Myn reisselskip moat dizze dagen in mânske badge drage mei dêrop wat útwrydske benammingen dy’t funksje en kwalifikaasjes oantsjutte, blykber foar insiders te begripen. By alle kongresgongers sit it krektsa, sadwaande is elkenien goed ynfierd en rint niks en nimmen út de pas.

Mar o heden: eins is it by oanfang al the day after, want hast tagelyk holden fierderop yn in nóch wredere wrâld inkele bondgenoten in ferskriklike raid; der gebeurt yn sokke kontreien wol gauris watdat der absolút net mei troch kin, mar no hienen wy de hichte!

Efkes hie it der fan wei dat dy korreksjonele aksje in sluier lei oer de frije útwiksel fan gedachten yn ús Ritz-hotel fan Parys, mar de tûke kongreslieding wie soks foar meidat se ‘t ûnder it earste pauze-apperityfke casual as wankjend gefaar beneamden. Sadwaande wie dat Syrië-gifgasgedoch gau oer, de yntervinsje dêrfan op it kongres ôfward.

It kongres dûnse fierder.

Om lykwols net te koarjen ýn it kongressintrum melde ik my rimpen ôf, flechte de frisse lucht yn en hup de foarste fan de taksyrige dy’t altyd foar the Ritz-poarte wachtet. Dêr woe my noch it befaamde sizzen fan in Yankee-generaal yn Vietnam te binnen sjitte: om eat te behâlden moasten wy it wol ferneatigje; faaks haw ik soks ûnder it ynstappen heallûd mjukse mei it neamen fan myn bestimming en in ferlet ‘bonjour’ oan ‘e sjauffeur. Dy joech de hiele rit nei de terminal op Charles de Gaulle gjin sjoege; de badge fan Achmed bongele oan de kralestring dy’t om syn achterútspegel hong.

Ik sei him goejûn en hy antwurde mei ‘itselde’ of soksawat, mar ik stroffele wilens al syn noch healridende wein út: rekke troch syn ûndertoan fan ‘stik mar, jimme!’, dy’t as giftige fallout fan in bom op my delsloech.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]