Grouwélich Fakuüm

Publisearre op 26 oktober 2018

BERT DE VRIES – 

[Taake/Bölzer (BlackMetal), snein 7 oktober 2018, Neushoorn, Ljouwert]

Hjerst 2018. De Indian Summer duorret te lang. Rook fan bedjer sit al dagen yn de loft en yn myn noastergatten. Ik snúf it op wylst ik nei de auto rin en nochris yn’e bûsen fiel; zippo en sigaretten, e-ticket, eardopkes en jild.
Grimmitich fan geast set ik yn de skimer op de dei fan de Heare ôf nei de stêd.
It praat op de autoradio giet oer rouferlof op it wurk. Dat men oppasse moat foar misbrûk en skeve koppen om’t de dea op elke doar oars oankloppet. Sadwaande.
Sadree ik út de auto stap slút ik my ôf fan de bûtenwrâld. Dit is myn kalvarytocht (ien fan bulten).
Ik stek in sigaret oan en rin troch de âlde binnestêd rjochting timpel.
Underweis hifkje hyenas my en de oaren.
Manlju en froulju op paad nei deselde timpel.
Manlju en froulju fan boerespullen, út studintehûzen, apparteminten, rigewenten, fan hotelkeamers, út de opfang mei proefferlof.
Myn folk.
It hurde folk.
Jûn bin ik fan it hurde folk. En is it hurde folk fan my.
It is net in bliid byld. Al dy swarte ingels mei in tin flueske leafde om it hert.

 

Grûnmist út de reekmasine komt yn de arena fan it hillichdom ferwoest om ús hinne omheech.
Mei dB 103 boldert it poadiumlûd de lytse seal yn. Nagelt my fêst oan de flier. Lykas in knyn yn de koplampen stoarje ik nei it poadium. Yn in fakuüm fan lûd. Betsjoene troch net te bedjipjen lege toanen en bûtenierdse galm. Alles útsluten. Tagelyk alles ynklusyf. Bûten it fakuüm is der neat mear.  Ik wit soks. Dêr regeart stilte. Deadskens. Want alles wurd opsûge. Nei binnen yn it fakuüm. Fan it lûd.
Myn skonken wurde wif. As it no net efkes stoppet, bin ik wei.
Bam! It lêste akkoard. It stoppet net.
De beswarring hâldt oan mei it folgjende nûmer.
Om’t der neat oars is as it lûd, is it lûd alles. Moai en klear en dien. Hjir is rêst yn frede.
Ik bin allinnich mei mear as hûndert om my hinne.
Yn Kristus keare wy it krús om.
It bist op it poadium winkt.
Frjemdkörper tinzen slûpe oer ús fêste grinzen hinne.
Sjonge wy aanst tegearre syn liet?
Yn in meldij dy’t de hiele wrâld regeart?
It ferneukende is datst der krekt net dea oan giest.
Bam! Lêste akkoard? Wis.
Tiid om te pisjen en te smoken. En betinke dat it fansels ek gewoan bûkt en dondert en it no tiid is foar eardopkes, wylst freonen om my hinne nei inoar glimkje en inoar om ’e hals hingje.

 

Der is altyd ien momint fan wrakseling. Ynienen. Ticht op de hûd. Foaroan yn de holle. Opkommende mislikens. Sêdens? Gean? Bliuwe? Noch tichterby. Krekt genôch om de siele justjes oan te brânen.
Wa winkt my sa ta dy twaspjalt? Wat is it dat siket, smeekt, easket om lykwicht foar myn siele. Ferskuord fan krús oant krún stek ik in hoarn fan fingers omheech.
Werom yn it ljocht is der ek leafde. Fanteske leafde. Foar man en bist gelyk.
Wier wyld en ûnmooglik. Lottere. Suver bloed, skjin hert.
Wy kinne it net tsjutte. Mar der is in ferbûn. It hurde folk. Myn folk.
Swarte ingels mei in tin flueske leafde om it hert.
By de foardoar sis ik tsjin in famke: ‘…de duvel hâldt ek in bytsje fan dy hear leave skat…’
En binnenmûlsk tsjin de bûtenwrâld ‘…wa’t hjoed sûnder sûnde wie, smyt moarn de earste stien…’
De weromreis giet it praat op de autoradio oer in kursus poëzij lêzen. In man fertelt dat er nei seis kear lêzen fan itselde gedicht noch gjin benul hat wat it betsjut.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels