• 26 oktober 2018

    BERT DE VRIES -  [Taake/Bölzer (BlackMetal), snein 7 oktober 2018, Neushoorn, Ljouwert] Hjerst 2018. De Indian Summer duorret te lang. Rook fan bedjer sit al dagen yn de loft en yn myn noastergatten. Ik snúf it op wylst ik nei de auto rin en nochris yn’e bûsen fiel; zippo en sigaretten, e-ticket, eardopkes en jild. Grimmitich fan geast set ik yn de skimer op de dei fan de Heare ôf nei de stêd. It praat op de autoradio giet oer rouferlof op it wurk. Dat men oppasse moat foar misbrûk en skeve koppen om’t de dea op elke doar oars oankloppet. Sadwaande. Sadree ik út de auto stap slút ik my ôf fan de bûtenwrâld. Dit is myn kalvarytocht (ien [...]