Oade

(oan in black metal gitarist)   O jonge.   Jûn strykst del yn de stêd. Oer âlde stiennen stapst troch fergriemd sied en ûnderkoarre strjitten. Trêdest lâns antike gevels fan’t neaken liif  en oanklaaid fleis. Troch leafde en dea strjitten. Betelle of fergees.   Backstage…   O jonge.   Dû sabeare goadesoan. Godheit hat dy […]

Grouwélich Fakuüm

BERT DE VRIES –  [Taake/Bölzer (BlackMetal), snein 7 oktober 2018, Neushoorn, Ljouwert] Hjerst 2018. De Indian Summer duorret te lang. Rook fan bedjer sit al dagen yn de loft en yn myn noastergatten. Ik snúf it op wylst ik nei de auto rin en nochris yn’e bûsen fiel; zippo en sigaretten, e-ticket, eardopkes en jild. Grimmitich fan geast set ik yn de skimer op de dei fan de Heare ôf nei de stêd. It praat op de autoradio giet oer rouferlof op it wurk. Dat men oppasse moat foar misbrûk en skeve koppen om’t de dea op elke doar oars oankloppet. Sadwaande. […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.