Gjin hâld oan âld en nij

HARMEN WIND – 

1. Lost generation
De hûnsdagen (2006) foarmet op it oeuvre fan Durk van der Ploeg de nijste oanfolling. Dy, foarmtechnysk prachtich fersoarge, histoaryske roman of novelle (beide beneamings wurde jûn), spyljend yn 1954/1955, beskriuwt de relaasje fan in jonge plattelânsman mei syn heit dy’t stjert, en mei in ambisjeuze studinte. In gefoels- en in lustrelaasje. De earste fertsjintwurdiget it bûn wêzen, de tradysje, dy’t de klam leit op de mienskip, de twadde de befrijing, de takomst, mei de klam op it yndividu. Dêrom ek dat de leafdesrelaasje net woartelje sil.

Sander, de ik-figuer, wit net wat er wol, hy is in ‘mijer’. Soest him ek in flechter neame kinne. As gefoelige bûtensteander, in type dat yn it wurk fan Van der Ploeg faak foarkomt, stiet er model foar de moderne minske, tusken histoarje en takomst yn, de ‘lost generation’ fan nei de oarloch. Hy hat gjin doel yn, en oer it libben. Syn kar foar de walfiskfeart hat er him ek oanprate litten: ‘Tunnes Kamma prate my de kop gek. En wat die ik? Ik liet my ferliede. Skreau stikem in brief nei de Maatskippij foar Walfiskfeart.’ Sander wol net op de bewende paden rinne, net dwaan wat syn âlden fan him ferwachtsje. Mar hy wol ek neat feroarje.

It ferhaal spilet yn 1954/1955, foar it grutste part yn it fearnsjier dat Sander nei syn earste tocht nei Antarctica mei de Willem Barendts wer thús is, en  mei syn (gefoelsearme) mem wachtet op ’e dea fan syn heit, beropsfisker, dy’t longkanker hat. De hûnsdagen, de waarmste dagen fan it jier, 19 july oant 18 augustus, steane foar de tiid fan fjoer en hertstocht. Lykwols, de hichtepunten, de dea fan de heit en de leafdesferhâlding mei Gonny, falle beide as de hûnsdagen foarby binne.

 

2. Soan en heit
Sander hat it gefoel dat er thús wêze moat. Wêr’t ik ek bin, oeral sjoch ik heit yn in útsichtleas tsjuster lizzen.’ (…) ‘Dizze simmer moat ik by him wêze en mei him prate.’ Wat er beprate wol, wit er net. Heit hat nea in prater west. De oarloch wurket nei. Wie heit in held? Hy lit (‘grutte kloat dy’t ik wie’) de radio yn in wek sakje, as de Dútsers komme – ‘Kinst sjen wat de eangst mei in minske dwaan kin.’ En dat wylst er by de ûndergrûnske siet en ‘deagemoedereard’ dropte wapens en stellen bonkaarten witwêrhinne brocht mei de boat .

Hy is faak efter de siken, kin meastentiids mar in pear wurden efter elkoar útbringe, mar as er oer de oarloch praat, komt er soms bjusterbaarlik op ’e tekst. It hichtepunt is de bekentenis dat er in ferrieder likwidearre hat. ‘It is my bybleaun as in skuld. In skuld dy’t my noch alle dagen efterfolget.’

De ‘bycht’ bringt heit neier. ‘Noait earder ha ik my sa ticht by heit field as no’t er my syn djipste geheim tabetroud hat’(…)

Sander giet nei heit syn dea op ûndersyk en fynt yn de muorre fan it Miedhúske trije gatsjes, oerbleaun fan de eksekúsje.

 

In pear útienrinnende dingen dy’t my dêr wat stikelje:

– Heit syn ‘bycht’ is in lang, goed strukturearre en stilistysk fersoarge ferhaal. Neffens my hie dat, mei syn kondysje, behypliker moatten.

– It is wol tige nijsgjirrich dat dy likwidaasje foel yn jannewaris 1945, deselde moanne doe’t er spoekbenaud dy radio yn ’e feart smiet. In psychologyske ynkonsistinsje, liket my. Of moat de eksekúsje de eangst ferklearje?

– Hat heit njoggen jier omrûn mei in skuldtrauma? In kwestje dy’t de relaasje tusken heit en soan bepaald ha soe? Earlik sein wol my dat amper oan. It komt ek net út de karakterskets dy’t Sander letter fan him jout.

– Is it technysk oannimlik dat dy pistoalkûgels allegear dwers troch it lichem sa djip yn ’e muorre slein binne datst der in pink yn stekke kinst?

3. Frije leafde
Yn it ferhaal nei de begraffenis wurdt de twadde relaasje útwurke: dy mei Gonny Hovenga dy’t biology studearret en ûndersyk nei kikkerts docht. Se ‘libbet foar de wittenskip’ en is sljocht op biologyske eksperiminten.

Yn dat ferbân wer in pear oanmerkings.

– Sander moetet Gonny om 1 augustus hinne. En sy sit oant sawat oktober mei kikkerdril om te pakken. De peartiid is maart/april. Dy kikkerts binn’ let yn Nijhústerpiip!

– Dat Gonny Sander sjen lit en útleit wat kikkerdril is en hoe’t de metamorfoaze wurket, is ek net oannimlik. In soan fan in fisker yn it wetterlân wit soks (ôfsjoen fan de wittenskiplike ferklearrings fansels).

 

Se reitsje fereale, mar sy wol har net oan him (en hy net oan har) bine. Sander rasjonalisearret it: It oerkaam ús, mei’t wy ‘gewoan wat oanhâld sochten om’t wy ús ferlitten fielden.’ Se rekket swier, krijt – as hy wer op reis is – in famke dat se Jork (kikkert) neamt. Se wol it sels grutbringe.

As ‘frijfochten frou’ is Gonny (‘b.o.m’) har tiid foarút. Ein jierren sechtich spile de ‘generaasjebotsing’ folle mear (frije seks, ferset tsjin tradysjes en autoriteiten, dolle Mina, ensfh.) Se skriuwt dat Sander him net skuldich fiele moat en Jork noch wol in kear sjen mei, ‘want ik fyn datst der rjocht op hast.’ Hoewol’t Sander yn syn dreamen de seine fan syn heit krijt oer de relaasje en it bern, lit er him sûnder oerlis oerboard sette. Hy is no ienris gjin inisjatyfnimmer. Hy sil syn dochter nea moetsje.

 

4. Gearhing
Myn haadbeswier is dat de twa ferhaallinen, de relaasje soan-heit en de relaasje tusken de twa jonge minsken, net ta mear gearhing frissele binne. Se wurde tefolle efter elkoar ‘ôfwurke’ en it kontrast, dat yn de haadfiguer Sander syn útwurking fine moatte soe, krijt gjin djipgong.

De ûnferoarlikens wurdt oanjûn troch it ferhaal krektlyk einigje te litten as it begjint: mei in skuldbelidenis, as Sander mei de bus oankomt. Alles is noch itselde, mar hy hat him losmakke. Fan thús, en fan himsels. Dat ‘Ik beken skuld,’ is ek itselde bleaun. It ûnderstreket syn machteleazens, mar tagelyk suggerearret it foar myn gefoel mear as wiermakke is. It tema skuld hie as bynmiddel better útwurke wurde moatten.

 

5. Styl
It sterke punt is de styl. Van der Ploeg skriuwt yn moai ritmysk en byldzjend proaza, mei each foar detail en sfear. En syn sunigens mei wurden fergruttet de sizzenskrêft. It Fryske idioom is by him fansels yn goeie hannen. Ik siet faak genietsjend te lêzen. In sitaat:

Yn ’e neinacht bin ik de feart al út om de fûken te lichtsjen. It is noch mar amper ljocht. Ik skodzje in flut moaie simmeriel yn ’e beun. Der sitte in pear modderfette by. Thús klau ik tsjin ’e middei de iel út it wetter en helje it libben derút. Fierders docht mem it berêden en set de fangst salang op ’e stiennen yn ’e kelder. As middeis tsjin fjouweren de wyn oanhellet en heget nei it noarden, meitsje ik de tonne klear en riuw de iel oan ’e priemmen. Sadree’t de houtskoal trochgluorre is en de tonne sa waarme as in jiskegloede, smoar ik de gleonte mei seachmoal. Earst wannear’t de reek swier en tsjûk wurdt en begjint te hingjen, sko ik de priemmen oer de hâlders. Fiif kertier letter sit de hang tsjin it geare oan. Mei it lid derôf en in baalsek deroer set ik de boel op luchtsjen. Sa lit ik de reek stadichwei kuolje en delslaan. Dan set ik de skúf yn ’t kier om de gluorre te lúnjen en de smaak beklûmje te litten.

Tsjin seizen. Ik fiel my krekt sa’n Ezau dy’t, thúskommen fan ’e jacht, syn âlde heit it wyldgebraden klearmakke hat. Der oerfalt my by it yn ’e hûs gean in gefoel as soe ik, ear’t heit deagiet, de segen fan him ûntfange wolle. (63/64)

Suggestyf, subtyl, realistysk. Sa skriuwt Durk van der Ploeg.

 

6. Fotoreportaazje
Efteryn is (nei de epilooch ‘Hoe’t it fierder gien is’) in tal foto’s opnommen fan de geaen dêr’t it ferhaal him ôfspilet. De omkriten fan Wetsens. Bylden fan in karakteristyk stikje Fryslân. Mar dat prosedee is net allinne ûngebrûklik, it is foar in roman ek ferrifeljend.

It effekt is nammentlik: autentifikaasje (‘hjir wie it’), as soe it gean om in (auto)biografysk wurk. As sfearbyld ha foto’s fansels wol in funksje: it ûnoantaastbere fan de natoer (romte, wetter) tsjin de breklikens fan de minske oer, mar dat moat mei taal dien wurde. Sa’n reportaazje heart dus by it moaimeitsjen fan it boek. En moai is it sûnder mis makke!

 

Durk van der Ploeg, De Hûnsdagen. Stichting bibliotheken Midden-Fryslân, Ljouwert 2006. € 22,50.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 4 (2007),  4 (maaie), s. 46-47.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.