Gabrielle en Arjan bedoele it Net Ferkeard: “Unbegryplik”

De tiid fljocht foarby as in antilope op doping. Fan in soad dingen begripe wy net folle, lykas fan it ferrin fan de tiid en hoe ’t minsken ûnthâlde wat se dogge yn in wike.

Peije Rasp, ca. 23 febrewaris 1920

Arjan hâldt nei withoefolle jierren op by it Friesch Dagblad as besprekker fan muzyk en poëzij. Ea die hy in ynterview mei Willem Wâldpyk, oer dy syn nominaasje foar de Fryske Poppriis. Mar hie der dy no wûn of net? Google is your friend. We prate oer mentale sûnens en teäter mei Carolien fan teäterkollektyf T Verskil en stean ek stil by ús eigen mentale sûnens. De skiednis fan elektroanyske muzyk giet werom oant de tiid fan Peije Rasp. Wy sjogge út nei Poëzij yn Marktzicht, filosofy yn Tresoar en de Metal Battle yn Mukkes en hawwe in petear mei de jonges fan Drôvich en beprate de nijste moaie film út Slieker Film , Aftersun. En oer Blackkklansman, in Spike Lee-joint. En in gedicht fan Aggie van der Meer! Sponsore troch QTP Handwarmers.
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.