Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Dûnsje en Dichters

Publisearre op 9 februari 2024

Anne Feddema draacht foar op de grutte gedichtejûn. Foto: GT.

It wie in roerige poezywike mei in ferstjerren, rapworkshops, in nije stedsdichter foar Ljouwert en in Grutte Gedichtejûn. Gabrielle wol 3 wiken op de skriuwersark ferbliuwe mar Arjan wol der it leafst sa gau as mooglik wer wei. Binne wy in soarte fan Bomans en Wolkers op Rottumerplaat? Arjan freget him ôf oft syn gelok op is en foarseit dat er dêrom nea in Gysbert krije sil en Gabrielle wurd konfrontearre mei har minne libbenskeuzes.

Wy soene graach wolle dat Sigrid Kingma dûnsles oan dichters jout en fierder seagen wy in soad tv. Fan Gijs Groenteman oant de telefilm Vaandeldrager 5. Arjan sjocht út nei nije De Moanne wêryn’t in soad nij poëzytalint stean sil, lykas Bram Zielman en Ria Walstra. Ek it projekt Now is the time to say new things fan Jochem Knoeff is wat om nei út te sjen.

Wy ha it oer de bondel Rozige Maanvissen fan Sytse Jansma en lêze ek poezy fan Lans Stroeve en Jacobus Q Smink.

Gabrielle en Sigrid Kingma op de grutte gedichtejûn yn Ferron, It Hearrefean.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels