Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: De Stêd
Publisearre op donderdag, 9 maart 2023 · Reagearje

Ge komt nu naar Antwerpen, verstade!!!
Gabrielle wie jierdei en gie nei de
The Whale yn …
Antwerpen, Arjan fûn in boek fan
Pieter Terpstra en ferlear himsels yn de reinderige stedsbylden. Watfoar oare boeken spylje him yn Ljouwert ôf? De pake fan Gabrielle skreau de
earste Fryske roman dy’t him ris net op it
plattelân of yn in
agrarysk fermidden ôfspile! Fierder hawwe wy it oer de
Fryske Vinyl Club mei
Femke Oevering, it Flaamske filmtydskrift
Vertigo, gûle yn de bioskoop,
Chuck Palahniuk en syn enge ferhalen,
fergiene gloarje fan ferrinnewearre brûsplakken en steane wy stil by it ferstjerren fan Arjan syn poeske
Desi. Fierder: in meartalich gedicht fan
Edwin de Groot! Liminal spaces, Damje mei
Ome Hajo yn Surhústerfean, is it mooglik om letterlik neat te tinken? Even lekker
#harkje.