Fuck the tocht

BART KINGMA –

Sûnt begjin desimber – krekt op ‘e tiid – brûk ik him. De nijste app op myn IPhone, IPad en al myn oare IPrut. It wurket as in filter: alle nijsberjochten dêr’t wurden yn foarkomme dy’t begjinne mei ‘Elfs…’ en mei ‘rayonh…’ wurde automatysk blokkearre. Sms’kes en e-mails mei ‘Bonk…’ deryn wurde ûnderskept en ferneatige. Twitters mei de letterkombinaasjes ‘Ange’ en ‘Hulz’ idem. En myn Facebook- en Hyves-site beäntwurdzje it freonskipsfersyk fan eltse ‘Wiebe W’ en ‘Henk K’ automatysk mei in cyberoanfal dêr’t WikiLeaks oergeunstich fan wurdt.

Ik haw de software oanbean oan de NOS, mar hja wienen benaud foar wer in gnoarjende brief op lange teannen fan de Ried fan de Fryske Behâldsucht. PowNed, WNL en al dy oare prachtige leafdespoppen fan it nije maatskiplike en medialânskip woenen him ek al net – dan bleau der neat mear oer om Friezen yn har eigen waan te litten, seinen se.  Ja, da’s wier.

Volkskrant, Telegraaf, De Pers, fan allegear krige ik nul op it rekest. ‘Als we de Elfstedentocht altijd hadden genegeerd was het laatste positieve bericht uit Friesland het bezoek van koning Willem I aan Eise Eisinga geweest’, rôp Philippe Remarque fertwivele út. ‘Im Norden nichts Neues’, prommele hy der noch achteroan. Hy hie gelyk, fansels.

Dan mar nei de Fryske media. Mar doe krige ik in telefoantsje fan in Fryske RUG-studint, dy’t krekt ûndersyk dien hie nei ferslachjouwing sûnt 1985 om de Alvestêdesmots hinne. En wat die bliken? As De Tocht net bestean soe, soenen de Fryske media fan novimber oant maart mei 38,4 persint minder stjoertiid of krantekolommen takinne, soe 47,2 persint fan alle Friezen spontaan yn in eksistinsjele identiteitskrisis telâne komme en soe hast 76 persint gjin idee mear ha wat te bepraten yn it winterskoft. Frisia Culpa.

Mar ik bin wiis mei myn app (te downloaden ûnder de namme ‘Fuck the tocht’). Ik ha noch noait sa noflik op redens stien, sûnder dy Alvestêde-eamelderij. Wiebe Wieling kin as iennichste it programma de-aktivearje. Dat mei er dwaan op de dei dat de tocht offisjeel oankundige wurdt. Want dy tocht sels, dêr is neat mis mei.

Comments
Ien reaksje oan “Fuck the tocht”

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.