Fryske kusten

JAN FOLKERTS – 

Wat is Fryslân eins? Is dat de igge fan de see, binne dat de eilannen en it wetter? Of binne dat de greiden en de hegere grûn, de geastgrûn fan East- en Noardfryslân, Gaasterlân en de Wâlden?

De fraach is op it each krekt sa sinleas en obligaat as elk oar besykjen om lânskip en regionale identiteit mei-inoar te ferbinen. Mar it falt tagelyk ek net te ûntstriden dat yn ús ferbylding regio en romte nau mei elkoar ferbûn binne.

Yn dy byldfoarming is der stadichoan wol in komplikaasje. De Fryske kusten binne de lêste desennia ommers nasjonalisearre, net allinnich by ús mar ek yn East- en Noardfryslân. Sterker noch, se binne mei de status fan Werelderfgoed sels ‘ynternasjonalisearre’. Yn Dútslân en Nederlân ferskine prachtboeken oer it Waad dêr’t it wurd Fryslân kwalik noch yn foarkomt.

Ik jou ta, der binne gruttere problemen op de wrâld. Mar is it net apart dat de gebieten mei de grutste oantrekkingskreft op net-Friezen net mear sa bot mei Fryslân assosjearre wurde? Ik ha my geregeld ôffrege oft in protte Grinslanners net gewoan tinke dat Skiermûntseach in part fan harren provinsje is. Dat der net in protte Frysk praat wurdt op ús Waadeilannen helpt ek net. Miskien is dat wol in nijsgjirrich ferskil mei de Dútske Fryslannen, dêr hat de toerist earder it idee yn Fryslân te wêzen. Yn ‘Noard’ binne de eilannen Amrum en Sylt sels de wichtichste plakken dêr’t noch Frysk praat wurdt.

Wa’t yn ús Fryslân it echte Fryslân kennen leare wol, sil lykwols net gau nei it Amelân of Flylân stjoerd wurde, as it my net mist.

In toerist mei ferbyldingskrêft en nocht oan de skiednis fan lânskip en kultuer moat dêrom miskien gewoan nei Laaksum reizgje. Op dat plak komt alles byinoar: de hege en de lege grûn, de âlde see en de nije mar, de dize fan in skier ferline en de nije lagen dy’t dêr oerhinne groeid binne: in ‘lieu de mémoire’, in plak fan oantinken. Laaksum is in plak mei in ferhaal. De diminsjes fan tiid en romte komme dêr byinoar op in bysûndere wize. De skiednis fan dat gebiet hat in sterke romtlike diminsje, wylst it lânskip dêr allinnich te begripen is foar ien dy’t yn de tiid weromsjen kin. En wat foar Laaksum jildt, jildt dat miskien net foar ús hiele provinsje?

 

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.