Frije

Publisearre op 24 oktober 2018

HENK WOLF – 

Ien fan ‘e aardichste wurden om in feroaring fan betsjutting mei te yllustrearjen, is frije. Dat wurd is besibbe oan freon en betsjutte oarspronklik ek ‘graach lije meie’, ‘hâlde fan’.

 

Al yn de njoggentjinde iuw krige frije ek in lichaamliker betsjutting, nammentlik dy fan streakjen, tútsjeboartsjen, hoallefoaljen en sa mear.

 

Yn syn fierdere skiednis spesjalisearre it wurd him ta de leafde tusken in man en in frou. Dat gong net oeral itselde. Yn it Noard-Frysk hat fraie de betsjutting ’trouwe’ krigen. Yn it Dútsk hat it dy betsjutting ek hân. Yn de Skandinavyske talen betsjutte de besibbe wurden fri/frie/fria no ’te’n houlik freegje’.

Yn it Frysk en Nederlânsk hienen frije en vrijen oan it begjin fan de tweintichste ieu noch foaral betsjuttingen dy’t te krijen hienen mei ferkearing. Dat koe heel ûnskuldich wêze. As om 1900 hinne in jonge ‘begûn te frijen’, dan gong er wolris mei in famke op stap. Hy koe ek ‘om (of ‘nei’) in famke frije’ en dan woed er graach ferkearing mei har ha. In frijer (of yn it Nederlânsk vrijer) wie in jonge dy’t op syk wie nei in faam.

Yn de njoggentjinde en tweintichste ieu krige frije foaral de betsjutting ‘ferkearing ha’. Yn in soad wat âldere Fryske romans komme frijende spantsjes foar. Men koe lang sizze dat in jonge en in famke al heel lang frijden en no oan trouwen tochten.

Al yn de njoggentjinde ieu krige frije ek in lichaamliker betsjutting, nammentlik dy fan streakjen, tútsjeboartsjen, hoallefoaljen en sa mear. Dy betsjutting ferfong yn de rin fan de tweintichste ieu de âldere betsjuttingen. Der ûntstienen doe nijfoarmingen lykas fuotsjefrije en knibbeltsjefrije. Sok frijen koe noch bêst yn it hea of op in bankje yn it park, want de klean hoegden der net perfoarst om út. Dat is ek de betsjutting fan frijen dêr’t ik mei grutwurden bin.

Yn de twadde helte fan ‘e tweintichste ieu binne frije en vrijen noch wer lichaamliker wurden. Wy ha der thús wolris wat misferstannen om hân, want by my kin in frijend pearke noch altyd prima op in bankje yn it park sitte, foar myn frou soe dat nuver wêze, om’t by har dy wurden no yn it foarste plak op seksuele aktiviteit slagge. Dy betsjutting liket, seker by jonge minsken, no de dominante te wêzen.

Ik ha sels begrepen dat by guodden de betsjutting noch spesifiker wurden is. Sels as alle klean út binne, is it by harren noch gjin frijen (of vrijen) as … hoe sis ik dat netsjes … de stekker net yn it stopkontakt komt. Of yn ien fan ‘e stopkontakten.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels