Fjoerproef

SJOERD BOTTEMA – 

Yn de midsieuwen lieten se fertochten fan in misdriuw oer in rige gloeiende ploechskjirren rinne. Se mochten de sokken derby oanhâlde, dat wol: de fertochte moast him melde ‘mit syne socken, ende da schere in da tzierka to gane.’ Yn ’e tsjerke, want it giet hjir om in Godsoardiel. In inkeling hold der gjin (slimme) ferwûnings oan oer. Dat waard taskreaun oan Godlik yngripen en sjoen as in teken fan ûnskuld. No ja, dat wie doe. Midsieuske praktiken.

‘Drie families gingen zaterdag in Lollum met elkaar door het vuur,’ lies ik yn ’e Ljouwerter Krante. De fjoerrineers rûnen op bleate fuotten oer gloeiende houtskoal. Frijwillich.

Wat beweecht immen ta soks? Selsoerwinning, dêr skynt it om te gean. Soks slagget lykwols net samar. Dêr giet in hiel ritueel oan foarôf. Hoe’t dat om en ta giet, kin men gewaarwurde op ynternet. Dêr tilt it op fan de fjoerloopsites, dy’t om it lûdst harren waar oanpriizgje. Om even de sfear te sketsen: op kleurige, keunstich tearde papieren fûgeltsjes skriuwe de fjoerrinners wat harren dwerssit. Dy fûgeltsjes lizze se tusken de houtblokken. It fûgeltsje is in symboal, leit begeliedster Ursula út en ‘het vuur transformeert je blokkade.’ Sa oerwint men it fjoer en jinsels en kin men tenei alles en elkenien oan, belooft Ursula. Dat is fansels in hearlik gefoel.

De hearlikheden fan Ursula geane der by de fjoerrinners yn as de bekende preek yn de âlderling. Lykas de midsieuwers sykje de hjoedeistige fjoeradepten har heil by it Hegere. Neffens Ursula draait it foaral om Nũm. Wat dat krekt is, wurdt net rjocht dúdlik, mar it giet om in ieuwenâlde tradysje, al 50.000 jier yn gebrûk by in oerâld woestynfolk, de Kung, dus it is net samar wat. In enerzjy dy’t as in katalysator ynwurket op dyn emoasjes, sokssawat. Sjongen is in heilsume manier om Nũm op te bouwen. It leafst yn in eksoatyske taal, want Nũm groeit net op kâlde grûn. ‘Nadat Ursula ons bewust heeft gemaakt van de maan, de prachtige sterrenhemel en de energie van de groep, beginnen we te zingen. Nime kumbali kum quata moto sitarudi. Al snel zingt iedereen mee en is de Nũm voelbaar!’ Wylst de houtsteapel brânt, wurdt de tiid deade mei it meitsjen fan in moaie tekening. In ôfbylding fan datjinge wat je écht graach wolle. ‘Zet jezelf in het plaatje met álles wat je graag wilt hebben,’ moedicht Ursula de fjoerrinners oan. ‘Maak de tekening groots, met veel kleur en stop er veel Nũm in!’ Mei dyn Nũm stimst ôf op eat dat grutter is as dysels. Ursula neamt it Spirit, ‘maar je kan het ook liefde, adem of God noemen.’

Je kinne it ek lulkoek neame. Neffens de gelearden is houtskoal gewoan in minne trochlieder fan waarmte. Wêrom altyd houtskoal en noait ris in rige gloeiende ploechskjirren? Omdat izer waarmte trochjout en houtskoal waarmte fêsthâldt. Houtskoal is traach yn it transportearjen fan waarmte nei oare objekten. By in koarte kontakttiid is der net folle kâns op ferbrâning. Elke held op sokken kin op bleate fuotten oer it fjoer.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 15 (2015) 2 (maart), side 33

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.