Fiele

Achte hear Winsemius,

In jier as fiif sil se west hawwe, ús dochter, dus it is al eefkes lyn. Mar it wie sa’n momint dat je as âlder noait wer ferjitte. Se siet by my achterop, in soel kuoltsje hienen wy yn de rêch. It fjild bloeide sa’t allinnich it boulân dat dwaan kin op in moaie jûn yn de foarsimmer. We fytsten by in pleats del. Se hold har earms yn de loft. “Ja, ik kin it fiele!”, rôp sy ynienen optein út. Se wiisde nei de wynmûne njonken de stâl. “De wyn! Dy wurdt dêr makke.”

Earder hie’k har alris útlizze moatten dat in skoarstienpiip yn in yndustrygebiet net in wolkefabryk is, no moast ik har nochris út sa’n moaie dream helpe. Dat spiet my. Want sokke moaie Teletubbie-bylden soenen je graach fan wolle dat se wier binne.

No hie’k noait echt in hekel hân oan wynmûnen. Nee, moai binne se net; mar fan it idee fan skjinne enerzjy krige ik dan wol wer in goed gefoel. Ofsa. En ach, dy Amerikaanske wettermûntsjes wienen ommers ek wanskepsels, en dy woenen we no ek al opknappe en bewarje. Dus net sa seure oer dy dingen, ast se net moai fynst sjochst der mar even omhinne.

Ik ha hoop. Dat jo ferstân, ynsjoch en moed bondelje en dizze jammerdearlike plannen eigenstannich opkearen doare.

En we fytsten fierder. Op hûs oan. It wie helder waar, dus yn de fierte koenen we de Achmeatoer goed sjen. It symboal dat Ljouwert en Fryslân sa fertsjinje, hie Abe Bonnema sein, en gelyk hied er. In prachtich landmark, dat hast fanút de hiele provinsje te sjen is, en as in wachttoer it each hâldt oer it lân. In gebou dat dy oan him ferbynt. Ek al sjochst him even net, do fielst him altyd.

Mar dy tiid ha we no aansen hân. We wurde út de dream holpen troch in kranksinnich plan. In plan om in stikmennich wynmûnen te bouwen dy’t noch grutter binne as de Achmeatoer. In plan dêr’t jo as âld-minister-mei-heech-oansjen-en-Fryske-woartels de ideale man foar binne om ús troch de strôt te triuwen. Nee, jo net allinnich, wis net, mar yn in skimerige kongsi fan ryk, provinsje, regygroep, plannemakkers en allegear minsken mei utienrinnende dielbelangen leit der in belangrike advystaak foar jo. En advizen fan minsken fan jo statuer wurde altyd brûkt as brekizer om besluten te forsearjen dy’t net op fatsoenlike wize te nimmen binne.

Eare wa’t eare takomt: it wie publisist Abe de Vries dy’t my wekker skodde, mei syn trits oan artikels dy’t hy fannewike yn heech tempo op syn weblog sette. Lês dy asjeblyft allegear, ear’t jo mei in advys komme. De Vries toant oan dat it hiele proses fan ‘stapke-foar-stapke ta in beslút komme’ fan gjin kanten doocht, en sels in ferkrêfting is fan earder, demokratysk fêststeld, belied fan de provinsje.

Wat my as yn-prinsipe-net-wynmûnehater no sa kjel makket, is dat we aansen noait mear om dizze reuze-mûnen hinne sjen kinne, sa’t dat no noch wol kin. Grutter as de Achmeatoer, dat hâldt yn dat we se fan 25 kilometer ôfstân stean sjogge. En se bewége! Kontinu. Dat betsjut datst aansen, wêr’st ek fytst, rinst of riidst boppe de skeane line Hearrefean-Drachten, dy dingen yn’t each hast. En ast eefkes net om dy hinne sjochst, datst se dan toch noch aldergeduerigen fíélst – as in surveillearjende leraar by dyn eksamenopjefte. Om kranksinnich fan te wurden.

De hiele skaal fan it lânskip sil feroarje. Lytse gloaiinkjes yn it âlde kwelderlân, âlde middelseedykjes, silhouetten fan doarpen en tsjerketuorren, ja sels de machtige Achmeatoer – it sil allegear ferskronfelje ta in begrutlik ûnnoazel mini-tafrieltsje. As leinen der noch wat krûmels op in tafelkleed mei in pear grutte kearsestanders.

It is noch net salang lyn dat jo heech opjoegen hoe begien’t jo binne mei de Fryske histoarje en kultuer. Ik haw it sels sjoen op televyzje. Dus ik ha hoop. Dat jo ferstân, ynsjoch en moed bondelje en dizze jammerdearlike plannen eigenstannich opkearen doare. As de moderne pendant fan dy mytologyske figueren dy’t jo sa bewûnderje yn jo boek.

Want as dit allegear trochgiet en ik oer in pear jier mei myn dochter troch it lân riidt – miskien mei’k dan in kear achter op har motor mei – hoecht sy har earms net mear yn de loft te stekken om út te roppen dat se de wynmûnen fiele kin.

 

Bart Kingma

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.