Ferkoeverje

Publisearre op 7 september 2013

KAREN BIES –

De alderleafste susters en dokters wurkje yn it sikehûs fan Drachten. Ik ried jim allegear oan om jo dêr ris in dei opnimme te litten. Net mei in aaklike sykte fansels, mar foar in lytse yngreep. By my wie it in operaasje oan de foet. It like my ta dat pleatslike ferdôving genôch wêze soe. Mar nee, dat moast op syn minst in rêgeprik wurde, sei de anestesist; in Aziaat, dêr’t ik dus it folste fertrouwen yn hie, want dy koe teminsten altyd noch op akupunktuer oergean. In suster sette in swart pylkje op myn rjochterfoet, dat se net de ferkearde pakten. Dêrnei krige ik in piltsje. Dormicum, sei se, dan koe ik my mar lekker deljaan. Sis dat wol! It boek dat ik noch skriuwe woe, de wask dy’t der noch lei, de fraach oft Ljouwert kulturele haadstêd wurde soe… Ach, myn hiele libben gie soargeleas oan my foarby.

De rêgeprik wie in makje en ek fan de operaasje wit ik allinnich noch dat in kreaze dokter hyltyd tsjin my oan prate. En doe moast it fijnste noch komme. Ik waard nei de ferkoeverkeamer brocht, de recovery. Suster Foekje bestoppe my, tegearre mei in buis dy’t waarme lucht útblaasde, ûnder in swiere tekken. Dat alles mei in bêste doasis morfine, de lêste restjes narkoatikum, en dêrby wie dy dormicum ek noch lang net útwurke. Wat fielde ik my lokkich, yn ‘e sûs ûnder al dat hearliks.

Dy middeis stie de Fryske flagge op ‘e Westertoren yn Amsterdam, soene Nynke, Sytze, Oeds en Ferd út harren dak gean fan bliidskip by Felix Meritis. Mar ik wie noch ûnwittend fan dat alles. Jannewietske en Isabelle stiene yn spanning yn harren moaiste jurken ôf te wachtsjen op it Gouverneursplein yn Ljouwert. En ik lei dêr mar, healstoned, sêft te slûgjen.

Foar myn gefoel fierste gau makke suster Foekje my wekker út myn dream, fan wat oait wurde koe en jou dy mar del. Efkes letter hearde ik dat Ljouwert unanym ferkeazen wie ta Kulturele Haadstêd 2018. It wie gjin dream mear, it wie echt. Ik wie yn ien klap folslein ferkoevere. Alles soe goed komme.

Njonken my waard in bêd hinne riden mei in man. Fan achter it gordyntsje hearde ik him sizzen: ‘Ik droomde dat Cambuur landskampioen was geworden.’

Alles is mooglik, mar ik bin bang dat hy krekt wat tefolle hallusinearjende middels hân hie.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]