Fergees

Publisearre op 12 juni 2014

Achte frou Koster,

Wat binne it wer hearlike dagen om troch de stêd te swalkjen, fine jo ek net? Al dy terraskes, al dy parken en pleinen. Fol mei jonge minsken dy’t laitsje, drinke, moai sitte te wêzen, diskussearje, fantasearje, testosteronnisearje. De stêd is mei dit waar fan de jongeren. Moai, want dêr wurdt in stêd spannend fan.

Sjoch se sitten. Hjir ûntstean de ideeën, de plannen, de ambysjes. De earste diskusjes, maatskippijkrityk, muzyk, de earste skilderijen, gedichten, útfinings, foarstellings. De projekten dy’t noch net earder fertoand binne. Net allinich leuk foar hullie, mar foaral ek foar ús. Want wy hawwe it hurd nedich, dy foarútgong.

Mar dan moatte dy studinten wol dei en nacht yn sa’n miljeu tahâlde kinne. Se moatte yn ’t tsjuster troch de stêd doarmje, de kroegen iepen en elkoar wekker hâlde kinne. Net alteidioatfolle druk fan stúdzjepunten en bybaantsjes om rûn te kommen. Of slimmer noch: om fjouwer oere middeis mei de bus nei heit en mem ta, omdat it oars allegear net te beteljen is.

No is der de ôfrûne wiken al safolle skreaun en sein oer it ‘sosjale’ lienstelsel dat op ‘e hispel stiet. Mar ik ha nimmen heard dy’t my it fertrouwen joech dat ús takomstige studinten it libben aansen noch liede kinne dat se sa nedich ha om ta grutte dieden te kommen. Se moatte skreppe, klauwe en wrotte en foaral net seure, omdat it allegear al safolle kostet wat se fan de maatskippij krije. Bah. Mar dat is no ienkear de tiidsgeast: efficiency, rekkensomkes meitsje, de knyntsjedagen binne no echt foarby. Sjuh.

Hé! Dêr lies ik samar ynienen dit ferhelderjende artikel fan De Correspondent. It leit glêshelder út dat in oerheid foaral nét effisjent wêze moatte wol. En dat de kosten fan ûnderwiis dûbeld en dwers weromfertsjinne wurde troch de maatskippij. It soe dus neat hinderje om ynstee fan minder, sels méár jild út te jaan oan studinten.

Dat jildt net allinnich foar in lân, mar ek foar in stêd dy’t foarút wol. As ûnderwiiswethâlder witte jo dat as gjin oar. En jo binne ambisjeus, en jo stêd is ambisjeus, dus der moat in ambisjeus plan betocht wurde om dy studinten nei Ljouwert ta te heljen. Oars sakket dat studintelibben troch dat ferflokte nije lienstelsel aansen as in pudding yn elkoar. Dit is de tiid. Jo moatte nó de oare studintestêden in slach foar wêze. Dan kinne jo dizze bedriging omsette yn in gouden kâns.

Hoe, sizze jo? Wol, troch te soargjen dat dy jongeren yn jo stêd wenje kinne, sûnder jildpine. Simpel dus: bied se fergees wenjen oan! Dat is fan 2015 ôf dé manier om studinten noch waarm te krijen om op keamers te gean.

Lege kantoaren genôch yn Ljouwert. En oars in moai projekt betinke mei in boubedriuw of wenningkorporaasje; beide hawwe it swier, dus wolle wol. Mei NHL, Stenden, hoareka en middenstân binne wol deals te sluten dy’t de kosten wat dekke sille.

Kosten? Sjoch nei de opbringsten! Alle lanlike media sille der oandacht oan besteegje en de studinten komme yn grutte kloften hjirhinne. Sa’t der no al yn de muzykwrâld in weach fan talint út Ljouwert weikomt troch de PopAcademie, sil dat op allegear oare fakgebieten ek barre. ‘Ljouwert’ sil in merknamme wurde foar kreativiteit. En in magneet foar nije generaasjes. Sjoch ris wat dat opsmite sil!

Need I say more? Jawis, der sitte noch wat losse eintsjes oan dit plan. Mar jo partij, dy’t dy hiele lienderij dochs ek al net mear sitten sjocht wol ek wol werris skoare. En jo kinne nei twa kear ambisjeus wethâlder wêzen aansen wol in goeie boost brûke om minister fan ûnderwiis te wurden. Dus ik soe sizze: sykje it mar út. Dan sykje ik it terras noch even op.

 

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]