12 juni 2014
Achte frou Koster, Wat binne it wer hearlike dagen om troch de stêd te swalkjen, fine jo ek net? Al dy terraskes, al dy parken en pleinen. Fol mei jonge minsken dy't laitsje, drinke, moai sitte te wêzen, diskussearje, fantasearje, testosteronnisearje. De stêd is mei dit waar fan de jongeren. Moai, want dêr wurdt in stêd spannend fan. Sjoch se sitten. Hjir ûntstean de ideeën, [...]