Fan wreed en goar nei ‘In Leafde’

NYNKE VAN DER ZEE – 

Op 9 oktober bringt Tryater ‘The Bridges of Madison County’ fan R.J. Waller op it toaniel. Noch nea earder waard dit ferneamde leafdesferhaal op toaniel ferteld en dêrmei hat Tryater de wrâldpremiêre. It Fryske stik krige de namme ‘In Leafde’, wurdt spile troch Nynke Heeg, Eelco Venema en Joke Tjalsma en stiet ûnder rezjy fan Jos van Kan. De Fryske oersetting komt fan de hân fan Nynke Laverman. Har twadde toanieloersetting nei ‘Macbeth’, dat se yn 2010 foar Tryater ûnder hannen naam. ‘Oan beide stikken ha ik myn hert ferlern.’

Sykjend nei de oerienkomsten tusken de Tryater-stikken ‘Macbeth’ fan William Shakespeare en ‘In Leafde’ fan R.J. Waller is der mar ien konklúzje mogelik: de teksten komme beide fan de hân fan Nynke Laverman. ‘Tusken beide stikken sit dei en nacht ferskil’, laket Nynke. ‘Yn “Macbeth” wurdt it meast wrede en goare yn de minsk fongen yn prachtige, elegante taal. Hoe oars is dat yn “In Leafde”, dêr’t just in suver leafdesferhaal sintraal stiet, dat yn sprektaal ferteld wurdt. In wrâld fan ferskil, mar beide kearen geweldich om oer te setten.’

De kadâns fan Macbeth
As Nynke yn 2010 troch artistyk lieder Ira Judkovskaja frege wurdt om ‘Macbeth’ te fertalen, spat fuortendaliks it entûsjasme yn har oerein. Mar tagelyk ek de twivel, jout se earlik ta. ‘It like my geweldich, mar ik hie noch nea in stik foar toaniel fertaald. Wy hawwe hjir yn Fryslân safolle goede toanielskriuwers, dat ik it fan Ira tagelyk ek hiel “gewaagd” fûn om my te freegjen. “Ik tink dat it by dy past kwa styl”, sei se. Dus ik bin de útdaging oan gien en it wie ien fan de leukste dingen dy’t ik ea dien ha.’

 

Ik bin de útdaging oan gien en it wie ien fan de leukste dingen dy’t ik ea dien ha.

 

Begelied troch Romke Toering giet se oan de slach mei alderhanne skripten fan ‘Macbeth’. It orizjinele skript fan William Shakespeare, de modern English-ferzje en twa Nederlânske fertalings. Al lêzend ferdwynt se yn in folslein oare wrâld, har favorite wurkwize om ta ynspiraasje te kommen. ‘Yn “Macbeth” komme alle grutte kwaliteiten fan it Frysk oan it ljocht’, fertelt se. ‘It Ingelsk is prachtich kwa klank en kadâns. Dy kadâns fielde ik ek yn it Frysk. Op rym en mearlagich, ik koe der alles yn kwyt. De totale rykdom fan de Fryske taal kaam oan bar. Nim bygelyks de sin “Kom, tsjokke nacht en sûchje dy fol mei de smoarrichste smook út de hel.” Dat is dochs muzyk? Sa’n sin ‘sjongt’, dat fyn ik geweldich.’

It publyk ynspirearje
Nei dizze earste tiidrôvjende mar ynspirearjende oersetting, jout Nynke by Tryater oan dat se wol faker oersettings meitsje wol. Yn 2013 kloppet it teaterselskip op ‘e nij by har oan, dit kear mei it stik ‘The Bridges of Madison County’. In hiel oar stik, konkludearret Nynke wannear’t se de earste siden fan it boek lêst. ‘In Leafde is folle mear sprektaal. Ik fielde my wer echt in begjinner. Gek genôch hie ik mear muoite mei it oersetten fan “gewoan” taalgebrûk as mei de poëtyske keunsttaal fan Shakespeare. Blykber stiet dat lêste tichterby my. Mar dêrtroch wie dit projekt júst sa nijsgjirrich, ik moast út myn komfort sône wei en ha dêr in soad fan leard.’

Har grutste útdaging wie it finen fan de goede toan fan de sprektaal. ‘Wolst net te âldfrinzich skriuwe, mar tagelyk wol geef. Dat is altyd in ôfweaging by it Frysk. Wannear brûkst geef-Frysk en wannear giest der wat losser mei om? Nim bygelyks de wurden “earne” of “efter”. Yn de sprektaal fan hjoed-de-dei is dat gewoan “ergens” en “achter”. Myn regel by dit stik wie dat de taal it fertellen net fersteure mocht. Tagelyk ha ik der ek geve wurden ynsitte litten, dy’t ik sa moai fyn dat ik hoopje dat se it publyk just ynspirearje. It wurd ‘langstme’ bygelyks, dat brûk ik hiel bewust yn stee fan ferlangen, om’t ik it sa’n prachtich Frysk wurd fyn.’

 

Ik wurkje graach mei alliteraasjes en assonânsjes. Klank is foar my hiel wichtich.

 

Lytse Laverman-peareltsjes
Wa’t siket nei it ‘Nynke Laverman-stimpel’ yn ‘In Leafde’ moat goed sykje, mar sil ferskûle tusken de sênes lytse peareltsjes fine as: Troch it keukenrút liet in hauk him meifiere op ’e opgeande luchtstreamen fan ’e iere jûn. ‘By “Macbeth” koe ik mear myn eigen sinjatuer yn de teksten ta útering bringe’, knikt Nynke. ‘Ik wurkje graach mei alliteraasjes en assonânsjes. Klank is foar my hiel wichtich. Dêryn is dichter Tsjêbbe Hettinga myn grutte ynspiraasjeboarne. It Frysk is sa ryk oan klank en kadâns, dat hiele spektrum koe ik by Macbeth hearre litte. Mar yn “In Leafde” soe dat allinne mar ôfliede.’

Dochs heart de goede harker sa no en dan wol in sintsje dat krekt wat poëtysker is as de rest. In wolkeloft kaam opsetten út it westen wei en splitste de sinne yn strielen dy’t alle kanten útwiisden. Der ferskynt in glimp op har gesicht. ‘Al dy w’s en i’s, dat kinst echt streame litte.’ En dan mei in knypeach: ‘Dat kin ik dan gewoan net litte’.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.