Famyljeberjochten

SJOERD BOTTEMA – 

Wa’t geregeld de famyljeberjochten yn de Ljouwerter Krante lêst, soe fan tinken wol ha kinne dat de Friezen dwaande binne rap út te stjerren. Alle dagen tilt it op fan de rouadvertinsjes, wylst fan berte-advertjinsjes elk spoar ûntbrekt, útsein in hantsjefol yn de sneonskrante. De tekst fan dy advertinsjes wykt komselden ôf fan it fertroude klisjee. ‘Bliid’ (of in synonym lykas ‘wiis’ of ‘gelokkich’) fiert de list oan. It twadde plak is foar ‘grutsk’. In kombinaasje kin fansels ek. ‘Bliid en grutsk’ of ‘bliid en tankber’.

 

“De Skepper fan himel en ierde hat ús famylje ferrikke mei in jong libben.”

 

In inkeling docht syn bêst om der wat oarspronkliks fan te meitsjen. Dêr wurdt it meastal net better fan. “Hoi, hier ben ik” bygelyks, en “Onze 3e kanjer is geboren!” (It gewicht stie der trouwens net by.) Fan de oarspronklike teksten is de helte skreaun op rym: “Soms valt er een klein engeltje op aarde / Zo schitterend, zo zuiver en zo klein / Wat prachtig dat het hier bij ons mag zijn.” Men soe beswier meitsje kinne tsjin it wurdsje ‘soms’: lytse poppen wurde ommers oan ien triedwei berne, mar oan de oare kant, lang net alle poppen binne ingeltsjes.

In earfolle fermelding giet wat my oanbelanget nei de folgjende tekst: “Wy ha der in soan en broerke by!” In prachtich foarbyld fan de keunst fan it weilitten, dizze tekst. Alle emoasje konsintrearret him him yn it útropteken. Wat sil men dan noch eamelje oer ‘wiis’, ‘grutsk’ en ‘tankber’. Yn ien gefal kaam de advertinsje trouwens net fan heit of mem mar fan pake en beppe. Ik neam oars leaver gjin nammen, mar diskear kin it net oars, fanwegen de skitterjende symbioaze tusken de tekst fan de advertinsje en de namme fan de opstellers, pake en beppe Tabak: “De Skepper fan himel en ierde hat ús famylje ferrikke mei in jong libben.”

 

Earder publiseard yn de Moanne, 14 (2015) 1 (jannewaris), side 4

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.