Falbile

HENK WOLF – 

Ik meitsje mysels wiis dat ik op syn minst ien wurd oan it Frysk tafoege ha: falbile yn ‘e betsjutting fan it Ingelske deadline. As ik gelyk ha, dan haw ik dat yn 1996 betocht foar in folder fan jongereinferiening Frysk Ynternasjonaal Kontakt, dêr’t ik doe lid fan wie. It wurd is dêr doe diel wurden fan it ferieningstaaleigen en om’t der in soad kontakt wie Fryske studinteferieningen is it studinte-Frysk wurden. Dêrnei waarden de studinten wurknimmers en namen se it mei nei de wurkflier ta.

 

Ik meitsje mysels wiis dat ik op syn minst ien wurd oan it Frysk tafoege ha: falbile.

 

Helendal orizjineel wie it net. Ik wie ris it Nedelânske valbijldatum tsjinkaam, fûn dat datum de term ûngaadlik makke foar deadlines dy’t op ‘e oere of op ‘e minút eksakt beneamd wienen, en hie it ynkoarte en oerset ta falbile. En ik kom it no rûnom tsjin, koartlyn noch op de website fan Ensafh. As it mei Google en Duckduckgo op it wurd sykje, sjoch ik dat allegear organisaasjes it brûke: Omrop Fryslân, it Frysk Boun om Utens, Tresoar, folle net genôch.

No is it ûnthâld fansels ûnbetrouber en goeie ideeën ha gauris in protte heiten en memmen, dat ik doar it ûntwerperskip fan falbile net mei wissichheid op te easkjen. Wol sjoch ik yn it argyf fan ‘e Ljouwerter Krante dat it dêr pas sûnt 2011 yn ‘e betsjutting fan deadline yn brûkt wurdt. De wurdboeken neame it noch net. Botte âld kin it dus net wêze. Mocht ien lykwols in âlder fynplak witte of der wis fan wêze dat in oar oan ‘e widze stien hat, dan hear ik it graach.

Comments
2 reaksjes oan “Falbile”
  1. Geart Tigchelaar schreef:

    Goeie, Henk,

    Ik haw it stik foar Ensafh skreaun dêr’tst nei referearrest. It wurd ‘falbile’ haw ik oerholden fan myn studintetiid, fan doe’t ik yn ‘e redaksje fan it wylst ferstoarne ‘Skanoskrift’ siet. Ien fan myn mei-redaksjeleden (gjin idee wa’t dat wie) yntrodusearre dat wurd en dat is deryn bleaun. Net allinnich doedestiids yn ‘e redaksje, mar ik brûk it dus sels ek altiten (noch).

    Groet,
    Geart

  2. Jos Rombouts schreef:

    Beste Henk,

    Je eigen zelfbedachte neologisme horen of lezen bij anderen is heerlijk.
    Ik heb in 1980 in een voetnoot van maar enkele zinnen de term “schakeringspartikels” gebruikt. Terloops, want mijn tekst ging over heel andere partikels. Tot mijn aangename verrassing hebben enkele andere taalkundigen mijn term, of de variant ‘schakerende partikels ‘ van mij overgenomen. Ik bedoelde er ‘modale partikels’ mee. Uiteindelijk is mijn term ook in de ANS (Algemene Nederlandse Spraakkunst) beland (tot de komende editie tocvh) zij het in een andere betekenis dan ik op het oog had.
    Jouw vondst is prettiger, omdat ze mooie beeldspraak is, en omdat ze die niet beperkt is tot het jargon van taalkundigen. Blijf “falbile” zeggen en schrijven tot je woord in jouw betekenis in de woordenboeken belandt.

    Vriendelijke groet,

    Jos

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.